The Manhattan Transfer (1969)
Appearance
Dizze side giet oer 'de myzykgroep út 1969, The Manhattan Transfer'. Foar oare betsjuttings, sjoch: Manhattan Transfer.
The Manhattan Transfer wie in fokale muzykgroep út 1969, út New York, meast rjochte op a kapella-sjongen.
De groep waard foarme troch Tim Hauser, dy't harren neamde nei it boek Manhattan Transfer fan John Dos Passos. De sjongers wienen Tim Hauser, Erin Dickins, Marty Nelson, Pat Rosalia en Gene Pistilli. Yn 1971 kaam harren ienichste album út: Jukin'. Mei't ek dat gjin sukses oplevere, gong de groep yn 1972 útelkoar.
Datselde jier foarme Tim Hauser in oare groep, mei deselde namme. Dy band soe oant 2023 bestean.