Springe nei ynhâld

The Man Who Knew Too Much (film út 1956)

Ut Wikipedy
The Man Who Knew Too Much
film
makkers
regisseurAlfred Hitchcock
produsintAlfred Hitchcock
senarioJohn Michael Hayes
kamerarezjyRobert Burks
muzykBernard Herrmann
filmstudioFilwite Productions
Spinel Entertainment
distribúsjeParamount Pictures
spilers
haadrollenJames Stewart
Doris Day
byrollenBernard Miles
Brenda de Banzie
Christopher Olsen
Daniel Gélin
Ralph Truman
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre29 april 1956
foarmlangspylfilm
sjenrepsychologyske skriller
taalIngelsk (ek wat Frânsk en Arabysk)
spyltiid120 minuten
budget en resultaten
budget$1,2 miljoen
opbringst$11,3 miljoen
prizen1 × Oscar

The Man Who Knew Too Much is in Amerikaanske psychologyske skriller út 1956 ûnder rezjy fan Alfred Hitchcock, mei yn 'e haadrollen James Stewart en Doris Day. De titel betsjut "De Man Dy't Tefolle Wist". De film, dy't yn Technicolor opnommen waard, wurdt gauris beskôge in remake fan in eardere swart-wytfilm fan Hitchcock, mei deselde titel, út 1934. Hoewol't beide films deselde titel hawwe, ferskille de plots lykwols oansjenlik faninoar.

It ferhaal fan 'e film (út 1956) folget in Amerikaanske húshâlding (heit, mem en harren jonge soan), dy't op fakânsje is yn Marokko. Dêr komme de trije toeristen yn 'e kunde mei in Frânsman dy't, sûnder dat sy it witte, in geheim agint is. Dyselde hat lucht krigen fan in gearspanning ta it útfieren fan in politike moardoanslach yn Londen, en wannear't er troch de gearspanners út 'e wei romme wurdt, flústeret er mei syn lêste wurden ynformaasje yn it ear fan 'e Amerikaan. Dêrtroch wit dy tefolle, en de gearspanners gizelje syn soan om him te twingen en hâld de lippen opinoar.

The Man Who Knew Too Much gie yn premiêre op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De filmkritisy wiene oer it algemien posityf yn harren oardiel, en yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. The Man Who Knew Too Much wûn in Oscar foar it liet Que Sera, Sera (Whatever Will Be, Will Be), dat yn 'e film songen waard troch Doris Day.

Ben McKenna, in dokter út Indianapolis, is yn 1956 mei syn frou Jo en harren tsienjierrige soan Hank op fakânsje yn Frânsk-Marokko. Wylst se mei de bus fan Kasablanka nei Marrakesj reizgje, komme se yn 'e kunde mei in Frânsman, dy't himsels foarstelt as Louis Bernard. Dat liket in hiel sympatike man te wêzen, mar oan 'e ein fan harren petear wit hy alles oer de McKenna's, wylst sy neat oer him witte. Syn withoefolle fragen en ûntwikende antwurden op 'e fragen fan 'e McKenna's meitsje Jo erchtinkend, mar har man wiuwt har soargen fuort.

Oankommen yn it hotel yn Marrakesj dêr't se ferbliuwe sille, nûget Bernard Ben en Jo McKenna út om mei him út iten te gean yn in tradisjoneel Marokkaansk restaurant, wylst Hank yn 'e hotelkeamer efterbliuwe sil op 'e noed fan in hotelwurknimster. Wannear't lykwols in fertocht útsjende man by fersin op 'e hotelkeamersdoar fan 'e McKenna's oankloppet en dan nei ûntskuldigings gau-gau wer fuortdûkt, seit Bernard it diner op it lêste momint ôf. Dêrmei wekket er de argewaasje fan Ben McKenna.

Hy en Jo beslute dochs nei it neamde restaurant te gean, want se moatte fansels likegoed ite. Yn it restaurant treffe se in âlder Ingelsk troud pear, Edward en Lucy Drayton, dy't fans fan Jo blike te wêzen. Jo McKenna wie nammentlik foar har trouwen in fierd sjongster, dy't net inkeld optredens yn New York hân hat, mar ek yn Londen en Parys. Wylst se mei de Draytons oan it miel sitte, binne de McKenna's ferheard as se sjogge hoe't Louis Bernard it restaurant binnen komt (mei in jonge frou by him) en harren straal negearret.

De oare deis besykje de McKenna's, mei harren nije freonen, de Draytons, de merk fan Marrakesj, dêr't net inkeld waren ferhannele wurde, mar dêr't ek optredens binne fan akrobaten en ferhalefertellers, en dêr't dromedarissen en oare eksoatyske bisten te sjen binne. De gemoedlike sfear wurdt rou fersteurd troch in efterfolging wêrby't in Arabier neisitten wurdt troch Frânske sjendarmes. Wylst de plysjes de man út it each ferlern binne, wurdt er troch in oare Arabier mei in baas dagge yn 'e rêch stutsen. Hy knoffelet in steechje út, wurdt Ben McKenna gewaar en strompelet op him ta. It docht bliken dat it Louis Bernard yn in momkape is. Wylst er stjert, flústeret er McKenna yn it ear dat der mei koarten by in oanslach yn Londen in steatsman fermoarde wurde sil. Ek jout er him de namme fan in Ambrose Chappell.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid moatte Ben en Jo McKenna mei nei it pleatslike plysjeburo foar it ôflizzen fan in ferklearring. Frou Drayton biedt oan om Hank werom te bringen nei it hotel, wylst Edward Drayton, dy't Frânsk sprekt, meigiet nei it plysjeburo om te tolkjen. Fan 'e (Ingelsk sprekkende) ynspekteur dy't de moard op Bernard behannelet, krije de McKenna's te hearren dat Bernard eins in geheim agint wie fan it Deuxième Bureau, de Frânske ynljochtingetsjinst. Hy fertinkt Ben McKenna derfan dat er òf by de moard op Bernard belutsen wie, òf dat er Bernard syn kontaktpersoan by de CIA wie. McKenna ûnstriidt beide teoryen by heech en by leech. It ferhear wurdt ûnderbrutsen as der tillefoan is foar McKenna. It blykt in ûnbekende man te wêzen, dy't him fertelt dat syn soan Hank ûntfierd is en gizele wurdt, mar dat it jonkje neat oerkomme sil salang't McKenna de plysje net fertelt wat Louis Bernard him mei syn lêste wurden yn it ear flústere hat.

McKenna wurdt dêr rare kjel fan. Hy freget Drayton om it hotel op te skiljen en te kontrolearjen oft frou Drayton en Hank dêr arrivearre binne, mar dat blykt net sa te wêzen. Drayton set hookstrooks ôf nei it hotel, wylst McKenna weromkeart nei de ynspekteur om op botte wize in fierder ferhear ôf te kapjen. As hy en Jo letter yn it hotel komme, fertelt de portier harren lykwols dat Edward Drayton ûnderwilens útcheckt en ôfset is. McKenna kriget dan foar it ferstân dat de Draytons ûnder ien tekken skûlje mei de mysterieuze man oan 'e tillefoan, en dat Hank ûntfierd is troch deselde minsken oan wa't de jonge yn goed fertrouwen op 'e noed jûn wie.

Nei't er der in skoft oer neiprakkesearre hat, begrypt McKenna dat Louis Bernard sa yn him en Jo ynteressearre wie om't er ynljochtings hie dat er in bûtenlânsk troud pear yn 'e rekken hâlde moast. Doe't de fertochte man by fersin by de hotelkeamer fan 'e McKenna's oan 'e doar kaam, moat Bernard beseft hawwe dat er de ferkearden op it each hie. Dat er letter opdaagjen kaam yn itselde restaurant dêr't de McKenna's sieten te iten, wie om't er doe de Draytons bespionearre. McKenna wint ynljochtings yn by de lofthaven fan Marrakesj en kriget sa te hearren dat de Draytons mei in privee-fleantúch ôfreizge binne nei Londen. Hy beslút dat hy en Jo dêr ek hinne moatte, sadat se dy Ambrose Chappell fine kinne oer wa't Bernard it hie. McKenna is fan doel dy man syn hiele fermogen oan te bieden yn ruil foar de weromjefte fan Hank.

Wannear't de McKenna's yn Londen arrivearje, wurde se opwachte troch ynspekteur Buchanan fan Scotland Yard. Dyselde nimt harren mei nei syn buro, dêr't er harren útleit dat Bernard nei Marrakesj ta stjoerd wie op fersyk fan 'e Ingelske plysje, dy't lucht krigen hie fan in moardkomplot. De sjendarmery yn Frânsk-Marokko hat de belutsenens fan 'e McKenna's by de saak trochdien oan Scotland Yard, en no wol Buchanan dat de McKenna's him helpe en los de saak op. Op it plysjeburo komt lykwols wer in tillefoantsje binnen fan 'e ûntfierders, dy't de McKenna's nochris goed yn 't sin bringe wolle dat se de lippen stiif opinoar hâlde moatte as se net wolle dat Hank wat oerkomt. Buchanan, dy't it tillefoanpetear ôfharket, hat begryp foar it freeslike dilemma fan 'e McKenna's en lit harren gean.

Yn harren hotelkeamer wurde de McKenna's neitiid besocht troch âlde freonen fan Jo út 'e tiid dat sy noch optredens joech as sjongster. McKenna ûntskuldiget him en spilet gau fan ruten om Ambrose Chappell te besykjen, waans adres oft er yn it tillefoanboek opsocht hat. Dy man blykt lykwols in taksidermist te wêzen, dy't neat mei de kwestje fan dwaan hat. De wanhopige en almar twingender fragen fan McKenna beskôget er as it jeuzeljen fan ien dy't net goed doocht. Wannear't op 'e lêst de plysje skille wurdt en Chappell en syn wurknimmers McKenna besykje te oermasterjen, wit er him mar kwealk los te skuorren en te ûntkommen.

Underwilens beseft Jo dat Ambrose Chappell gjin persoan is, mar de kapel Ambrose Chappel. Se set dêr hookstrooks hinne en lit har gasten efter yn har hotelkeamer. Dyselden fertelle McKenna, wannear't dy sûnder wat bedijd te hawwen weromkomt, wêr't sy hinne set is, dat hy giet har fuortendaliks efternei. Yn 'e kapel wurdt in tsjerketsjinst holden dy't de McKenna's ynfiltrearje. Ta harren alteraasje sjogge se dat Edward Drayton de predikant is, wylst Lucy Drayton mei de ponge rûngiet. De Draytons kenne de McKenna's werom en kapje de tsjinst healwei ôf. McKenna stjoert Jo nei bûten ta om 'e plysje op te skiljen. Sels siket er de konfrontaasje mei de Draytons, mar hy wurdt troch ien fan harren trewanten bewusteleas slein.

Tsjin 'e tiid dat de plysje arrivearret, binne alle doarren fan 'e kapel op 't slot en is der neat fertochts gewaar te wurden. De plysje kin fierders neat dwaan sûnder hûssikingsbefel en giet dêrom werom nei it buro. As Jo heart dat ynspekteur Buchanan nei in konsert yn 'e Royal Albert Hall gien is, nimt se in taksy dêrhinne om by him oan te kringen op it trochsykjen fan 'e Ambrose Chappel. Sadree't Jo en de plysje ôfset binne, ferlitte de Draytons en harren trewanten troch de efterdoar it gebou en nimme Hank mei nei de ambassade fan in net by namme neamd fiktyf lân. Letter wurdt McKenna allinnich yn 'e kapel wekker en ûntsnapt út it hermetysk ôfsletten gebou troch himsels op te lûken oan it klokketou nei de iepen klokketoer, om himsels dêrnei oer it dak oan it klokketou del te litten.

Yn 'e lobby fan 'e Royal Albert Hall sjocht Jo de man dy't yn Marrakesj by fersin by harren oan 'e hotelkeamersdoar kaam. Hy ken har ek werom en flústeret har in bedriging fan Hank ta. Jo beseft dat dizze man de hiermoardner wêze moat dy't de moardoanslach útfiere sil. Wannear't se him út in lôzje wei in man yn in foaroerlizzende lôzje begluorkjen sjocht, fan wa't se sizzen heard hat dat er de premier is dan it net by namme neamde lân, wit se ek wa't syn doelwyt is. Jo stiet yn ferskriklike twastiid oft se de premier no warskôgje moat of net. Wannear't har man him by har jout en se him alles fertelt, beslút McKenna om 'e premier te warskôgjen. De wei nei dy syn lôzje is lykwols ôfset troch de Britske plysje, dy't net nei McKenna harkje wol. Dêrop giet er op eigen manneboet oan 'e oare kant fan 'e skouboarch ferskate lôzjes ôf, op 'e siik nei de hiermoardner.

Edward Drayton hat de hiermoardner yn 't foar ynstruëarre om 'e premier dea te sjitten op in beskaat punt yn it konsert, wannear't de muzyk ta in kresjendo komt, kulminearjend yn in earferdôvjend gearslaan fan 'e bekkens. As er persiis dan sjit, sil nimmen it skot hearre. Jo, dy't as sjongster krekt wit wêr't it mei de muzyk op tagiet en boppedat fan har posysje ôf de risselwaasjes fan 'e hiermoardner merkslacht, jout krekt foarôfgeande oan it klinken fan 'e bekkens in lûde gjalp, dêr't eltsenien yn 'e skouboarch fan skrikt. De premier krimpt ynstinktyf yninoar by it hearren fan 'e gil, en de kûgel, dy't in momint letter ôffjurre wurdt, rekket him yn 'e earm ynstee fan yn it boarst. Fuort dêrnei skopt McKenna de doar fan 'e lôzje fan 'e hiermoardner iepen en kringt dêr binnen. Der folget in wrakseling tusken him en de hiermoardner, dy't dêrby oer de râne fan 'e lôzje kneppelet en te pletter falt op 'e flier fan 'e Royal Albert Hall.

De McKenna's, yn 't bysûnder Jo, wurde neitiid hertlik betanke troch de premier, dy't wol goed foar it ferstân hat dat sy syn libben rêden hat. Ek ynspekteur Buchanan is harren tige tankber. As neitiid lykwols blykt dat Hank nei alle gedachten fêstholden wurdt yn 'e ambassade, binne de hannen fan 'e ynspekteur bûn. Want in ambassade is in stikje soeverein grûngebiet fan it lân dêr't de ambassade fan is, en de plysje kin dêr net hûssiking dwaan, ek al is der mear as genôch bewiis foar. De McKenna's betinke dêrom in list om 'e ambassade sels te trochsykjen. Jo skillet op en freget de premier te wurd. As se him ienris oan 'e tillefoan hat, freget him by wize fan beleanning om har en har man dy jûns yn 'e ambassade út te nûgjen, in fersyk dêr't er grif oan foldocht.

Underwilens wurde de Draytons yn 'e ambassade beskrobbe troch de ambassadeur, dy't harren opdrachtjouwer blykt te wêzen (en teffens de mysterieuze man dy't McKenna op it plysjeburo yn Marrakesj opskille). De ambassadeur wol sels premier wurde en woe dy funksje dêrom mei geweld fakant meitsje. Troch it falen fan 'e troch de Draytons yn Marrakesj ynhierde hiermoardner sit de hjoeddeistige premier lykwols noch steviger yn it seal as tefoaren. No is it saak om alle losse eintsjes op te romjen, en dat betsjut dat de jonge Hank de ambassade sa gau mooglik ferlitte moat, mar net yn in steat wêryn't er ea noch de mûle iependwaan kin.

Wannear't de McKenna's yn 'e ambassade arrivearje, freget de premier, dy't heard hat dat Jo foarhinne in bekend sjongster wie, om wat foar him en syn selskip te sjongen. Jo nimt plak efter de piano en sjongt mei útset lûd it ferske Que Sera, Sera (Whatever Will Be, Will Be), dat se earder mei Hank yn harren hotelkeamer yn Marrakesj ek songen hie. Har bedoeling is dat Hank it hearre en derop reägearje sil, sadat de McKenna's in idee krije wêr't er him befynt. Underwilens past Lucy Drayton yn in fertrek op 'e earste ferdjipping op Hank, wylst Edward Drayton risselwearret om it jonkje fan kant te meitsjen. Mei't har it fermoardzjen fan in bern te fier giet, fiteret Lucy Hank oan om lûd mei it ferske fan syn mem, dat yn 'e keamer goed te hearren is, mei te fluitsjen. Wylst syn frou fierder sjongt, ferlit McKenna ûngemurken de foarstelling en folget it lûd fan it fluitsjen by de trep op. Sa fynt er Hank werom, en Lucy trunet harren oan om út te naaien. Mar Drayton komt deryn ear't dat barre kin en bedriget heit en soan McKenna mei in pistoal. Hy wol harren mei hawwe as gizelders wylst er sels út 'e ambassade ûntkomt. Mar boppe-oan 'e treppen slacht McKenna him ûnferhoeds del, wêrnei't Drayton by de treppen delkneppelet en syn nekke brekt.

Gâns in skoft letter keare de McKenna's trijeresom libben en wol werom nei harren hotelkeamer, dêr't Jo har freonen troch it lange wachtsjen yn 'e sliep fallen binne. McKenna ûntskuldiget him mei de wurden: "It muoit my tige dat wy salang fuort wiene, mar we moasten Hank eefkes ôfhelje."

James Stewart.
Doris Day.
haadrollen
personaazje                           akteur/aktrise
Ben McKenna James Stewart
Jo Conway McKenna Doris Day


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Edward Drayton Bernard Miles
Lucy Drayton Brenda de Banzie
Hank McKenna Christopher Olsen
Louis Bernard Daniel Gélin
ynspekteur Buchanan Ralph Truman
ambassadeur Mogens Wieth
premier Alexis Bobrinskoy
Val Parnell Alan Mowbray
Jan Peterson Hillary Brooke
Rien Reggie Nalder
adjunkt-manager fan 'e Royal Albert Hall Richard Wattis
Woburn Noel Willman
Helen Parnell Alix Talton
Frânske plysje-ynspekteur yn Marrakesj Yves Brainville
Cindy Fontaine Carolyn Jones
Ambrose Chappell jr. Richard Wordsworth
Ambrose Chappell sr. George Howe
taksidermist mei loaihoars John Barrard
oargeliste Edna Betty Baskcomb
Arabier yn bus Abdelhaq Chraibi
plysjeman yn plysje-auto Walter Gotell
portier fan it hotel yn Marrakesj John O'Malley
Arabise yn bus Mahin Shahrivar

De gebrûklike cameo fan regisseur Alfred Hitchcock sels is yn The Man Who Knew Too Much te sjen op 25 minuten en 42 sekonden fan it begjin fan 'e film ôf, yn 'e legere lofterhoeke fan it byld. Hitchcock draacht in ljochtgriis pak en stoppet de hannen yn 'e broeksbûsen wylst er, mei de rêch nei de kamera ta, nei akrobaten op 'e merk fan Marrakesj stiet te sjen. Komponist Bernard Herrmann, dy't de filmmuzyk skreau, hat in cameo as de dirigint by it konsert yn 'e Royal Albert Hall. Dat is de iennichste kear út syn karriêre dat Herrmann op byld ferskynt yn in film dêr't er oan meiwurke.

In advertinsje út 1956 foar de fertoaning fan The Man Who Knew Too Much yn in Ameri-kaanske drive-inbioskoop.

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronklike The Man Who Knew Too Much wie in Britske film dy't regisseur Alfred Hitchcock yn 1934 makke op basis fan in senario fan Charles Bennett en D.B. Wyndham-Lewis. Nei't er oan 'e ein fan 'e 1930-er jierren nei de Feriene Steaten gien wie, naam er yn 1941 yn omtinken om in Amerikaanske remake fan dy film te meitsjen, mar de Twadde Wrâldoarloch soarge foar alderhanne behinderings by it meitsjen fan films en teffens easken oare projekten syn oandacht op, dat it waard neat. Doe't Hitchcock lykwols yn 1956 kontraktueel ferplichte wie om noch ien film te meitsjen foar filmstudio Paramount Pictures, brocht er it idee foar de remake fan The Man Who Knew Too Much wer op 't aljemint. De studio wie it mei him iens dat syn eardere film goed oan 'e 1950-er jierren oanpast wurde koe.

Hitchcock gie mei senarist John Michael Hayes yn see om it skript foar de nije film te skriuwen. Dyselde waard oannommen op it betingst dat er de film út 1934 net sjen, noch it senario fan dy film lêze mocht. Alle ynformaasje oangeande de plot fan it skript dat Hayes skriuwe moast, kaam sadwaande fan in ynstruksjepetear mei Hitchcock. It resultaat wie fansels in senario dat gâns ôfwiek fan dat fan 'e film út 1934, en dat ferskil wie dus blykber opsetlik. Foar de sênes mei it konsert yn 'e Royal Albert Hall liet Hayes him ynspirearje troch de strip The One-Note Man fan H.M. Bateman, oer it deistich libben fan in muzikant dy't mar ien noat yn in symfony spilet, krekt as de bekkenist yn 'e film.

It Djemaa al-Fnaa, it grutte plein fan Marrakesj, wie ien fan 'e filmlokaasjes foar The Man Who Knew Too Much.

Behalven as regisseur wie Hitchcock ek as produsint by The Man Who Knew Too Much belutsen. De studio's dy't ferantwurdlik wiene foar it útfieren fan 'e produksje, wiene Filwite Productions en Spinel Entertainment. De finansiering fan it budget fan $1,2 miljoen kaam fan Paramount. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Burks.

(Boarne foar filmlokaasjes en opnameperioade: Internet Movie Database (IMDb).)

De opnamen foar The Man Who Knew Too Much setten op 12 maaie 1955 útein en duorren oant en mei 24 augustus fan dat jier. Hitchcock makke sa'n haast mei de film dat op it stuit dat de opnamen begûnen inkeld de iepeningssênes fan it senario skreaun wiene. Neifolgjende siden fan it skript moasten troch John Michael Hayes oer de loftpost opstjoerd wurde sadree't er se ôf hie.

Foar The Man Who Knew Too Much waard op lokaasje filme yn Marrakesj en Londen. Yn Marrakesj wie it Hôtel La Mamounia de wichtichste filmlokaasje, dêr't de sênes by de hotelyngong, op it parkearterrein, yn 'e tún, yn 'e hotelkeamer en yn it restaurant opnommen waarden. De sêne op 'e merk waard filme op it Djemaa al-Fnaa, it grutte plein fan Marrakesj.

De Royal Albert Hall yn Londen wie ien fan 'e filmlokaasjes foar The Man Who Knew Too Much.

Yn Londen gie St Saviour's Church Hall, oan Vicary Street yn 'e wyk Brixton, troch foar de 'Ambrose Chappel'. Dy kapel en de strjitten deromhinne, dy't ek yn 'e film te sjen binne, besteane no net mear, mei't it hiele gebiet nei 1955 yngeand op 'e nij ûntwikkele is. De sênes mei it konsert, dy't yn 'e Royal Albert Hall spylje, waarden dêre ek opnommen. Foar de ambassade waard de tige lúkse filla Thorney Court yn 'e wyk South Kensington brûkt, dy't letter sloopt is. Op dat plak stiet no folslein oare bebouwing.

De filmmuzyk foar The Man Who Knew Too Much waard skreaun troch Bernard Herrmann, in filmkomponist mei wa't Hitchcock gauris gearwurke. De muzyk fan it konsert yn 'e Royal Albert Hall is lykwols de Storm Clouds Cantata, dy't Arthur Benjamin yn 1934 foar de oarspronklike film skreaun hie. Hitchcock joech Herrmann de kar om 'e kantate fan Benjamin oer te nimmen of sels in nije komposysje te skriuwen, mar Herrmann fûn de oarspronklike kantate sa goed by de film passen dat it nei syn miening sinleas wie om wat nijs te betinken. Foar de 12 minuten duorjende sênesekwinsje yn 'e Royal Albert Hall wreide er lykwols de Storm Clouds Cantata al út en teffens foege er der ferskate stikjes werhelling oan ta om 'e komposysje lang genôch te meitsjen. Yn 'e sênes mei it konsert is Herrmann te sjen as de dirigint, wat de iennichste kear wie dat er sels yn byld kaam yn in film dêr't er oan meiwurke. It orkest dat er dirigearret, is it Londensk Symfony Orkest en de soloïst is sopraan Barbara Howitt.

De orizjinele trailer fan The Man Who Knew Too Much.

It personaazje dat spile wurdt troch aktrise Doris Day is yn 'e film in bekend, mar sûnt har houlik net mear optredend sjongster. Op twa punten yn 'e film, yn beslettenens yn in hotelkeamer yn Marrakesj, en letter yn it iepenbier foar in heechpleatst selskip yn 'e ambassade, sjongt sy it liet Que Sera, Sera (Whatever Will Be, Will Be), skreaun troch Jay Livingston en Ray Evans. Dêrmei wûn The Man Who Knew Too Much in Oscar foar bêste orizjinele liet. It ferske waard neitiid ek as single útbrocht en berikte yn in protte lannen en territoaria in heech plak yn 'e hitlisten, wêrûnder it earste plak yn it Feriene Keninkryk en it twadde plak yn 'e Feriene Steaten.

De distribúsje fan The Man Who Knew Too Much waard fersoarge troch Paramount Pictures. De premiêre wie op 29 april 1956 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De film iepene dêrnei op 16 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. Neitiid waard it útbringen fan 'e film fia oare media as tillefyzje desennia lang tsjinkeard troch Hitchcock, oant de auteursrjochten yn 1983 yn it besit kamen fan 'e filmstudio Universal Pictures. Dy brocht de film letter út op VHS, dvd en blu-ray

De bekkens klear om tsjininoaroan slein te wurden. Midden tusken de bekkens Bernard Herrmann as de dirigint.

Fan 'e filmkritisy krige The Man Who Knew Too Much oer it algemien positive resinsjes, hoewol't guon resinsinten oanjoegen dat se leaver de orizjinele film út 1934 hiene. Yn The New York Times hie Bosley Crowther lof foar de aktearprestaasjes fan sawol James Stewart as Doris Day. It tydskrift Variety fûn dat Hitchcock de film mei in spyldoer fan 120 minuten wat te lang opriek, mar it blêd woe hawwe: "hy hâldt de spanning oan 'e ein ta geande en beweecht de beide stjerren en de oare leden fan 'e cast ta sterke optredens".

Neffens it blêd Harrison's Reports wie The Man Who Knew Too Much in "tige spannende en fermaaklike psychologyske skriller", dy't "it publyk fan begjin oant ein oangrypt." Richard L. Coe fan The Washington Post mocht ek graach oer de film, hoewol't er it tempo wat te stadich fûn. Yn 'e Britske krante The Observer skreau C.A. Lejeune dat de plot "dernei oerhinget om te meänderjen" mei "grappen dy't miskien humoristysk like hawwe op papier". De konklúzje wie dat The Man Who Knew Too Much in "sterke" film wie salang't er him by de haadferhaalline hold, "[m]ar de earste Man Who Knew Too Much wie op elts front sterker".

In sêne út 'e ambassade. Lofts efteroan James Stewart mei njonken him Doris Day, yn 'e midden Mogens Wieth as de ambassadeur en rjochts fan him Alexis Bobrinskoy as de premier.

Yn The New Yorker ferskynde in negative resinsje fan John McCarten, dy't de remake "sûnder mis grutter en glânzgjender as it orizjineel" neamde, mar fûn dat er "him net yn it minst mei de linigens fan syn foargonger fuortbeweecht". The Monthly Film Bulletin wie it dêrmei iens: "Hoewol't [dit] beslist in fermaaklike skriller is, mei guon karakteristyk snoade en synyske Hitchcock-trekjes, sille fans fan 'e earste film nei alle gedachten teloarsteld wurde. [De nije film] mist it tempo en de opwining [fan syn foargonger]; de typysk Ingelske sjarme fan it orizjineel is omwiksele foar in dizenich VistaVision- en Technicolor-kosmopolitanisme."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Man Who Knew Too Much in heech goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 39 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "By it oerdwaan fan syn eigen film út 1934 trochdrinzget Hitchcock The Man Who Knew Too Much mei skildereftige lokaasjes en ynternasjonale yntriizje, en wurdt er gâns holpen troch in briljant betize aktearprestaasje fan James Stewart." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Man Who Knew Too Much in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 10 resinsjes.

Doris Day efter de piano yn 'e ambassade wylst se Que Sera, Sera (Whatever Will Be, Will Be) sjongt.

The Man Who Knew Too Much brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $4,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $7,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $11,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $1,2 miljoen betsjut dat in winst fan $10,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

The Man Who Knew Too Much wûn yn 1957 de Oscar yn 'e kategory bêste orizjinele liet foar Que Sera, Sera (Whatever Will Be, Will Be).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.