Springe nei ynhâld

The Hitman's Wife's Bodyguard

Ut Wikipedy
The Hitman's Wife's Bodyguard
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Patrick Hughes
produsint Matt O'Toole
Les Weldon
Yariv Lerner
senario Tom O'Connor
Brandon Murphy
Phillip Murphy
kamerarezjy Terry Stacey
muzyk Atli Örvarsson
filmstudio Summit Entertainment
Millennium Media
Campbell Grobman Films
Davis Film
Film i Väst
FilmGate Films
Hitman Two Productions
Nu Boyana Film Studios
distribúsje Lionsgate Films
spilers
haadrollen Ryan Reynolds
Salma Hayek
Samuel L. Jackson
byrollen Fank Grillo
Antonio Banderas
Morgan Freeman
Caroline Goodall
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
Frankryk
Sweden
Bulgarije
premiêre 16 juny 2021
foarm langspylfilm
sjenre aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 100 minuten (Feriene Steaten)
116 minuten (Australaazje)
budget en resultaten
budget $70 miljoen
opbringst $70,1 miljoen
filmsearje
filmsearje The Hitman's Bodyguard
● foarich diel The Hitman's Bodyguard

The Hitman's Wife's Bodyguard[1] is in Amerikaansk-Britsk-Frânsk-Sweedsk-Bulgaarske aksjekomeedzje út 2021 ûnder rezjy fan Patrick Hughes, mei yn 'e haadrollen Ryan Reynolds, Salma Hayek en Samuel L. Jackson. De titel betsjut "De Liifwacht fan 'e Frou fan 'e Hiermoardner". It is in ferfolch op The Hitman's Bodyguard ("De Liifwacht fan 'e Hiermoardner") út 2017. It ferhaal folget de lang pleage liifwacht Michael Bryce as er op 'e nij belutsen wurdt by de healwize swierrichheden fan hiermoardner Darius Kincaid en dy syn frou, de oplichtster Sonia. Diskear wurdt it trijetal troch in plysjeman fan Interpol twongen om him te helpen by it foarkommen fan in sabotaazje-aksje dy't it hiele elektrisiteitsnet fan Jeropa ferneatigje sil. The Hitman's Wife's Bodyguard krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes en spile yn 'e bioskopen, wat de produksjekosten oangie, hast persiis kyt. Dat betsjutte lykwols eins dat de film in flop wie dy't ferlies draaide, mei't de marketingkosten dêr nochris oerhinne kamen. Regisseur Hughes hat plannen foar in trêde film yn dizze rige, mar it is mar hielendal de fraach oft er dêr finansiers foar fine kinne sil mei it each op it teloarstellende resultaat fan The Hitman's Wife's Bodyguard.

Liifwacht Michael Bryce hat tydlik lins nommen fan syn wurk as liifwacht wylst er wachtet oant er syn AAA-liifwachtefergunning weromkriget. Dêr pakt er sa mei om dat er op oanrikkemandearring fan syn psychiater op fakânsje giet nei Capri, yn Itaalje, om syn holle leech te meitsjen. Wylst er dêr oan it strân leit, brekt der om him hinne in fjoergefjocht út as Sonia Kincaid by him komt. Sonia is de frou fan 'e Amerikaanske hiermoardner Darius Kincaid, foar wa't Bryce liifwacht west hat doe't Kincaid tsjin 'e Wytrussyske diktator Vladislav Dûchovitsj tsjûgje moast foar it Ynternasjonaal Strafhof yn De Haach (sjoch: The Hitman's Bodyguard). Dy ûnderfining is Bryce min bekommen, dat hy wol nea wer wat mei Kincaid te krijen hawwe. Mei lju op 'e hakken dy't him en Sonia fermoardzje wolle, is er no lykwols twongen om Sonia te helpen by it befrijen fan Kincaid, dy't op harren houliksreis ûntfierd is troch de maffia.

Mei de befrijing fan 'e hiermoardner giet it dat it slydjaget, mar fuort neitiid wurde Bryce, Kincaid en Sonia relatyf ienfâldich oermastere en ûntfierd troch de rûchhouwerige Amerikaanske Interpol-agint Bobby O'Neill. Dyselde is der min oer te sprekken dat it trijetal by de befrijing fan Kincaid syn wichtichste ynformant ombrocht hat. Om it goed te meitsjen twingt er harren om mei te wurkjen oan in undercoveroperaasje. Bryce en de Kincaids dogge har dêrby foar as de keapers fan in kofferke wêrfan't de ynhâld fan krúsjaal belang is foar in mysterieus krimineel masterbrein. Dy persoan is fan doel om it hiele stroomnet fan Jeropa plat te lizzen út wraak foar de ekonomyske needmaatregels dy't de Jeropeeske Uny syn heitelân Grikelân optwingt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oerdracht fan it kofferke, dy't plakfynt yn in nachtklub yn Portofino, misbeteart alhiel as ien fan 'e klubbesikers, in Seifert, in âlde kliïnt fan Bryce blykt te wêzen. De man ken him werom en ferriedt by fersin syn wiere identiteit oan 'e ferkeaper fan it kofferke. Troch in hommelse útbarsting fan geweld witte Bryce en de Kincaids mei it kofferke te ûntkommen, mar om't de ferkeaper Sonia in earmbân omdien hat dy't ûntploffe sil as it kofferke mear as 5 m by har wei rekket, naaie se út foar sawol de kriminelen as Interpol. Bryce, dy't by it gefjocht yn 'e nachtklub in kûgel opfongen hat foar Sonia en har sa it libben rêden hat, oerlibbet dat barren sels trochdat er standert in kûgelfrij fest draacht. Mei dy aksje wint er it respekt en de freonskip fan Sonia, ta argewaasje fan Kincaid.

It trio wurdt efterfolge troch de trewanten fan it masterbrein dat ferlet hat fan it kofferke, ûnder wa de tsjeppe Veronika, de Japanske hiermoardner Zento en de Sweedske liifwacht Magnusson, op wa't Bryce jaloersk is om't er al trije kear efterinoar de AAA-priis foar Liifwacht fan it Jier wûn hat. Se reitsje yn 'e swierrichheden, mar fine wer in útwei, wêrby't benammen Bryce oan ien wei troch fysyk de dupe wurdt fan alle aventoeren.

As it trio úteinlik strâne rekket yn sintraal Itaalje, beslút Bryce om syn heit, Michael Bryce sr., om help te freegjen. Dyselde wennet yn in swiid lânhûs yn Toskane, dat er betelle hat fan in tige súksesfolle karriêre as liifwacht. Ta ferbjustering fan Kincaid blykt Bryce sr. swart te wêzen, wat útlein wurdt trochdat it eins Bryce syn styfheit is. Bryce sjocht bot op tsjin syn styfheit en it docht bliken dat syn hiele libben eins ien grutte syktocht west hat nei de goedkarring fan dy man. Bryce sr. is in waarme, hertlike heit, dy't syn soan en dy syn "freonen" alle help oanbiedt. Sa befrijt er Sonia fan 'e eksplosive earmbân, lient er syn soan syn klassike Jaguar-sportauto en seit er ta dat er syn ynfloed by it Liifwachtebûn brûke sil om Bryce wer oan syn fergunning te helpen.

Koart nei't se it lânhûs fan Bryce sr. ferlitten hawwe, wurde Bryce en de Kincaids finzen nommen en ûntfierd troch de trewanten fan it masterbrein. It docht bliken dat dyselde nimmen oars is as de smoarrike Grykske reder Aristoteles Papadopoulos, mei wa't Sonia in ferline hat. Nei har sizzen mette se Papadopoulos nammentlik jierren lyn ris yn in kasino en it wie foar harren allebeide leafde op it earste gesicht. Se krigen in relaasje en hiene de tiid fan harren libben, oant oan board fan it superjacht fan Papadopoulos ynienen ien fan Sonia har stilettohakken briek. Se ferlear har lykwicht en foel oerboard. Nettsjinsteande in yngeande syktocht koe Papadopoulos har net weromfine en tocht er har dea. Eins waard Sonia letter libben út 'e see fiske troch in pear fiskerslju. Se hie lykwols ûnthâldsferlies en ien fan 'e fiskers makke har wiis dat se syn frou wie, wêrnei't er in skoft fan har profitearre troch har by him thús de húshâlding dwaan te litten.

Papadopoulos is de wrâld te ryk dat er Sonia weromfûn hat en sy lit Bryce en Kincaid daliks sitte om har wer by him te jaan. Underwilens wurde de beide mannen ôffierd nei de martelkeamer fan Papadopoulos, dêr't se lykwols sûnder folle muoite harren boalen oermasterje en ûntsnappe. Bryce bejout him wer nei syn heit ta, om help te freegjen, mar Bryce sr. reägearret no hiel oars. It docht bliken dat hy de haadliifwacht fan Papadopoulos is en dat er syn soan en de Kincaids mei opsetsin yn 'e fâle rinne litten hat. Hy lit no merke dat er neat as minachting foar Bryce fielt, dy't er as in knoffelige suffert beskôget. En hy seit dat er bewissigje sil dat Bryce syn AAA-liifwachtefergunning nea weromkrije sil.

Nei't er by wize fan wraak de Jaguar fan syn heit yn 'e brân stutsen hat, siket Bryce Kincaid wer op, dy't himsels yn in pleatslik kafee sit te bedrinken om't, sa mient er, Sonia him foar in oare man ferlitten hat. Bryce wiist der lykwols op dat Sonia har ferhaal oer hoe't se by Papadopoulos weirekke wol in hiel soad liket op 'e plot fan 'e film Overboard, mei Kurt Russell en Goldie Hawn. Wat leit no mear foar de hân: dat Sonia wiere leafde fûn hat mei Papadopoulos, of dat se, oplichtster dat se is, him bedondere hat om fan ruten te spyljen mei de djoere juwiellen dy't er foar har kocht hie? Underwilens wurdt Sonia troch Papadopoulos trappearre wylst se Bryce en Kincaid besiket te helpen; it docht bliken dat ek de Grykske reder Overboard alris sjoen hie.

Mei help fan Interpol sette Bryce en Kincaid útein mei it dwerseidzjen fan Papadopoulos. Nei't se syn legerke sljochtwei trewanten mei in ôflieding op in dwaalspoar brocht hawwe, kringe se syn jacht binnen, dêr't Bryce ôfweeft mei Magnusson, wylst Kincaid Zento út 'e ljochten helpt. Sonia ûntsnapt ûnderwilens en ferslacht Veronika yn in gefjocht. De Kincaids komme Papadopoulos oer it mad en fermoardzje him. Bryce besiket de boar stop te setten wêrmei't Papadopoulos op 'e boaiem fan 'e Middellânske See it sintraal senuwsintrum fan it Jeropeeske stroomnet ferrinnewearje wol. Hy fynt lykwols syn heit op syn paad. Bryce sr. besiket syn psychologysk oerwicht op syn styfsoan te brûken om him te ferslaan, mar Bryce lit him net mear manipulearje en stekt syn heit ta ein beslút dea mei syn bûsmes, in wapen dêr't Bryce sr. altyd op delsjoen hat.

Bryce set dêrnei de boar hânmjittich út. Mei't Papadopoulos dy funksje ferbûn hie oan in lading eksplosiven oan board fan syn jacht, giet it hiele skip de loft yn. Bryce en de Kincaids witte harren op it lêste momint te rêden troch oerboard te springen. Se wurde oppikt troch in boat fan Interpol. O'Neill fertelt harren dat er derfoar soargje sil dat alle útsteande oanklachten tsjin it trio fan tafel geane, mar dêrfoar moatte se wol 48 oeren oan board fan 'e Interpol-boat bliuwe. Op fersyk fan Sonia langet er dêrnei inkele formele papierren oan Bryce oer om te ûndertekenjen, wat Bryce docht yn 'e ferûnderstelling dat it om it weromjaan fan syn AAA-liifwachtefergunning giet. Mar troch alle aventoeren hinne is oan it ljocht kommen dat Sonia in grutte bernewinsk hat en dat Kincaid ûnfruchtber is trochdat Bryce him jierren lyn by in eardere konfrontaasje ris yn 'e testikels sketten hat. It docht bliken dat Sonia besletten hat om ynstee in bern te adoptearjen, en troch de papierren dy't Bryce no krekt ûndertekene hat, is er (ta ôfgriis fan sawol Bryce as Kincaid) offisjeel harren soan wurden.

Ryan Reynolds.
Salma Hayek.
Samuel L. Jackson.
haadrollen
personaazje            akteur/aktrise
Michael Bryce Ryan Reynolds
Sonia Kincaid Salma Hayek
Darius Kincaid Samuel L. Jackson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Interpol-agint Bobby O'Neill Fank Grillo
Aristoteles Papadopoulos Antonio Banderas
Michael Bryce sr. Morgan Freeman
Interpol-aginte Crowley Caroline Goodall
Interpol-aginte Ailso Alice McMillan
Magnusson Tom Hopper
Zento Kristofer Kamiyasu
Veronika Gabriella Wright
Vlad Dragan Mićanović
Bryce syn psychiater Rebecca Front
Günther Blake Ritson
Carlo Miltos Yerolemou
Seifert Richard E. Grant (cameo)
útsmiter Patrick Hughes (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Hitman's Wife's Bodyguard waard regissearre troch Patrick Hughes nei in senario fan Tom O'Connor, Brandon Murphy en Phillip Murphy op basis fan in idee fan O'Connor.

De binnendoarsênes foar The Hitman's Wife's Bodyguard waarden filme yn 'e Nu Boyana Film Studios yn 'e Bulgaarske haadstêd Sofia.

As produsinten wiene Matt O'Toole, Les Weldon en Yariv Lerner by it projekt belutsen foar de filmstudio's Summit Entertainment, Millennium Media, Campbell Grobman Films, Davis Film, Film i Väst, FilmGate Films, Hitman Two Productions en de Nu Boyana Film Studios. Dêrmei wie The Hitman's Wife's Bodyguard in ynternasjonale ko-produksje fan filmbedriuwen út 'e Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Sweden en Bulgarije.

Foar de film wie in budget beskikber fan $70 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Terry Stacey, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Atli Örvarsson.

De opnamen setten op 2 maart 2019 útein. De binnendoarsênes waarden fierhinne opnommen yn 'e Nu Boyana Film Studios yn 'e Bulgaarske haadstêd Sofia. Op lokaasje waard filme yn Triëst yn Itaalje, yn Tessaloniki yn Grikelân en yn Rovinj, Rijeka, Karlovac, Zagreb, Jastrebarsko, Pisarovina, Motovun, Buje, Vodnjan en Biševo yn Kroaasje. Oare filmlokaasjes wiene yn Sloveenje en Ingelân.

In diel fan 'e film waard opnommen yn 'e Italjaanske havenstêd Triëst.

De distribúsje fan The Hitman's Wife's Bodyguard waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film waard útbrocht yn twa ferskillende ferzjes: ien mei in spyldoer fan 100 minuten yn û.o. Noard-Amearika, en ien fan 116 minuten yn û.o. Australaazje. Nei útstel fan krapoan in jier omreden fan 'e beheinings oan bioskoopbesyk y.f.m. de lockdowns ûnder de koroanapandemy gie de film úteinlik op 16 juny 2021 yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige The Hitman's Wife's Bodyguard oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau Alonso Duralde fan TheWrap: "[Dizze film] is in komeedzje sûnder ek mar ien autentike grap dy't it laitsjen wurdich is, en in aksjefilm wêryn't auto's hieltyd mar ûntploffe wylst ferneamde akteurs tsjininoar roppe en raze, as soe dat op himsels al amusant of fermaaklik wêze." Yn The Hollywood Reporter skreau David Rooney: "[De senarioskriuwers] litte gjin ynteresse blike foar hoe't oannimlike personaazjes – sels cartoonesk útfergrutte en komyske personaazjes – har echt hâlde en drage soene ûnder sokke omstannichheden. Dat soe net sa slim wêze as de film grappiger wie. Mar de seldsume grappen dy't it laitsjen wurdich binne, ferdrinke yn in see fan aksjekomeedzjeklisjees dy't al tsientallen jierren net mear orizjineel binne."

Rovinj, yn Kroaasje, wie ien fan 'e filmlokaasjes foar The Hitman's Wife's Bodyguard.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Hitman's Wife's Bodyguard in leech goedkarringspersintaazje fan 26%, basearre op 192 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Nettsjinsteande de sjarme fan 'e cast slagget it The Hitman's Wife's Bodyguard net om it publyk te beskermjen tsjin hieltyd werhelle en flauwe sjenreklisjees." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Hitman's Wife's Bodyguard in goedkarringspersintaazje fan 32%, basearre op 36 resinsjes. Bioskoopgongers dy't nei it sjen fan 'e film oer harren ûnderfining befrege waarden, joegen de film in 8 op in skaal fan 1 oant 10.

The Hitman's Wife's Bodyguard brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $38,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $32,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $70,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $70 miljoen betsjut dat dat de film krekt kyt spile foar wat de produksjekosten oangiene. Mar om't der ek gâns marketingkosten makke wiene, bleau The Hitman's Wife's Bodyguard eins yn 'e reade sifers stykjen, sadat de film as in flop beskôge wurde moat.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Offisjele webside fan The Hitman's Wife's Bodyguard

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.