The Great Gatsby

The Great Gatsby (Ingelsk, "De Grutte Gatsby") is in roman út 1925 fan de F. Scott Fitzgerald, in skriuwer út de Feriene Steaten. Fitzgerald hie it wurk al minoftemear ree yn 1924, mar syn redakteur by Scribner's frege at er der nochris nei sjen woe, dat it duorre oant it folgende jier, 1925, ear't it boek mei in protte oanpassings útkaam.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferhaal spilet yn 'e simmer fan 1922, fertelt troch Nick Carraway, in man dy't opgroeide yn it Midwesten fan de Feriene Steaten. Hy is in feteraan fan 'e Earste Wrâldkriich en in ôfstudearre oan Yale, mar hy wol in spannender libben. Hy ferfarret nei New York, om in ferkeaper fan obligaasjes te wurden. Hy hiert dêr in hûs yn de lytse mienskip fan West Egg. De persoan dy't neist him wennet is Jay Gatsby, in frjemde man, mar dy't in soad jild hat. Jay Gatsby organisearret faak protte djoere partijen. Nuvernôch, docht de man oan syn eigen partijen net mei. Om't minsken him net kenne, binne der in protte geroften oer Gatsby's wiere identiteit en eftergrûn. Nick rydt út om syn neef Daisy te besykjen yn East Egg. Dêr moetet er har man, Tom Buchanan, dy't in affêre hat mei Myrtle Wilson.
Letter yn 'e simmer wurdt Nick útnoege foar ien fan Gatsby's partijen, dêr't er de man sels moetet. Gatsby is in jonge en sjarmante man. Nick leart dat Gatsby in protte jierren lyn fereale wie op Daisy Wilson, en dat is er ek no noch. Hy bringt in protte nachten troch om oer it wetter fan syn hearehûs te sjen nei it griene ljocht fan Daisy har dok. Hy hopet dat hy by Daisy yndruk meitsje kin mei syn rike libbensstyl en wylde feesten. Gatsby groeide tige earm op, en it is dêrom dat er besocht ryk te wurden; hy tinkt dat er dan partij wêze sil foar Daisy. Hy freget Nick en regel in moeting tusken Daisy en himsels. Nick noeget harren beiden út foar tee, en hja wurde wer fereale, wat liedt ta in affêre.
Tom fernimt fan de affêre, en as eltsenien byelkoar komt yn in hotel, wurdt Daisy twongen en kies. Hja kiest har man, Tom, en de groep begjint nei hûs te riden, dêr't Daisy by yn Gatsby syn auto rydt. By in ûngemak deadet hja Myrtle, mar Gatsby nimt de skuld op himsels om Daisy te rêden. Letter wurdt Gatsby deasketten troch Myrtle har man, George, dy't tinkt dat Gatsby dejinge wie dy't syn frou fermoarde. As George fernimt dat it oars wie, docht er himsels tekoart.
Nick hâldt in begraffenis foar Gatsby, mar al wie de man ferneamd en romhertich, dochs komme der net folle minsken nei syn begraffenis. Nick is lilk en tryst oer alles wat bard is. Hy beslút New York te ferlitten en werom te gean nei it Midwesten.
Wurdearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It ferhaal is ferfilme yn 1974 troch Jack Clayton, en yn 2013 troch Baz Luhrmann.
- The Great Gatsby waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.