The Genesis Fleet: Vanguard

Ut Wikipedy
The Genesis Fleet: Vanguard
algemiene gegevens
auteur Jack Campbell
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2017
oarspr. útjwr. Titan Books
rige
rige The Genesis Fleet
● foarich diel (1e diel)
● folgjend diel The Genesis Fleet: Ascendant
kodearring
ISBN 978-1 78 56 50 406

The Genesis Fleet: Vanguard is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Jack Campbell. De titel (Vanguard) betsjut: "Foarhoede". It boek is it earste diel fan 'e trilogy The Genesis Fleet, dy't in prequel foarmet fan Campbell syn gruttere romansearje The Lost Fleet. Yn The Genesis Fleet: Vanguard wurdt it ferhaal ferteld fan 'e minsklike kolonisaasje fan fiere planeten yn 'e romte. In soad lju geane dêr mei ideälistyske plannen hinne, mar it docht bliken dat fier fan 'e Ierde it rjocht fan 'e sterkste jildt. De roman waard yn 2017 publisearre troch útjouwerij Titan Books.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Genesis Fleet spilet yn in takomst wêryn't de minskheid al iuwen lyn it Sinnestelsel en oanbuorjende planetestelsels kolonisearre hat, de saneamde Alde Koloanjes. Troch de resinte útfining fan it flugger-as-ljochtreizgjen is der lykwols in nije kolonisaasjeweach op gong kommen nei planetestelsels dy't har fierder fuort befine. Ien dêrfan is de stjer Glenlyon, dêr't de kolonisaasje fan 'e planeet mei deselde namme koartby úteinset is. Ien fan 'e iere kolonisten is Rob Geary, in eardere luitenant yn 'e romtemacht fan 'e âlde koloanje Alfar.

As der by de planeet in korvet ferskynd fan Scatha, in oare nije koloanje, dy't de betelling easket fan jild foar de 'beskerming' fan Glenlyon, sit de koloanjeried mei de hannen yn it hier. Betelling fan it easke bedrach soe de nije koloanje fuortendaliks yn earmoede stoarte, mar Glenlyon hat neat om himsels mei te ferdigenjen. Under de kolonisten fan Glenlyon binne mar trije feteranen dy't ea yn in kriichsmacht tsjinne hawwe, en Rob is dêrfan de heechstpleatste. As de koloanjeried him om help freget, stalt er út 'e lytse plysjetsjinst fan Glenlyon en in stikmannich oare frijwilligers in team gear om 'e korvet te interjen. Lyn Meltzer, ien fan 'e oare beide feteranen, dy't de bynamme 'Ninja' hat om't der gjin kompjûtersysteem is dat se net hacke kin, kringt it ferâldere systeem fan 'e stokâlde korvet binnen en soarget derfoar dat de sensors fan it romteskip de bemanning sjen litte wat sy wol dat se harren sjen litte. Sa kin Rob mei in frachtskip ûngemurken deunby komme. It interjen slagget skoan, benammen om't de Scathanen de militêre dissipline folslein sloere litten hawwe. Rob-en-dy nimme de korvet yn besit foar Glenlyon en de koloanjeried is derfan oertsjûge dat dêrmei de saak foargoed ôfdien is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens nimt op 'e Ierde Carmen Ochoa ûntslach by in ynstânsje fan 'e oerheid dy't rjochte is op konfliktoplossing tusken de minsklike koloanjes ûnderling. It is in folslein burokratyske baan sûnder lykfol hokker ynfloed, want tsjin 'e tiid dat klachten de Ierde berikke, binne se al hopeleas efterhelle. Carmen is in 'readenien', immen dy't ôfkomstich is fan 'e planeet Mars, wêrfan't de kolonisaasje folslein mislearre is, en dêr't no al iuwenlang totale anargy hearsket. 'Readen' wurdt op 'e Ierde en yn 'e Alde Koloanjes op delsjoen, en Carmen beslút mei dêrom har heil yn 'e nije koloanjes te sykjen.

Earne tusken de Ierde en Glenlyon yn wurdt it passazjiersskip de Brian Smith kaapt troch piraten. De passazjiers wurde ôfset op it romtestasjon Vestri, dêr't se neitiid wikenlang foar harren libbensûnderhâld op alle mooglike manearen ôfset wurde, sadat it harren al rillegau begjint te daagjen dat de piraten en Vestri ûnder ien tekken skûlje. Ien fan 'e passazjiers is Lochan Nakamura, in mislearre sakeman fan 'e âlde koloanje Franklin, mei in mislearre houlik en in mislearre karriêre yn 'e polityk. In oarenien is Mele Darcy, in eardere sersjant yn it marinierskorps fan Franklin. Tegearre smeie se plannen om te ûntsnappen as Lochan ynformaasje taspile kriget dat de autoriteiten op Vestri fan doel binne en ferkeapje de passazjiers fan 'e Brian Smith oan 'e nije koloanje Apulu, dy't ferlet hat fan slaven.

As de passazjiers mei in shuttle fan it romtestasjon nei in skip fan Apulu brocht wurde, oermasterje Mele, Lochan en in pear oare passazjiers de bewekkers, en naaie se út mei de shuttle. Inkele dagen letter, krekt foar't de beskikbere lucht oan board oprekket, wurde se oppikt troch de Monomoke, in passearjend passazjiersskip ûnderweis nei de nije koloanje Kosatka. Oan board komme Lochan en Mele yn 'e kunde mei Carmen Ochoa. Mele giet fan board yn Taniwha, mar Lochan beslút mei Carmen fierder te reizgjen nei Kosatka.

Wiken letter ferskynt by Glenlyon op 'e nij in romteskip fan Scatha. Diskear giet it om in frachtskip. Rob Geary, dy't fan 'e koloanjeried in tydlike oanstelling as luitenant krigen hat, set mei de bútmakke korvet, dy't no de namme Squall draacht, ôf om it skip tsjin te hâlden. Hy kriget lykwols fan 'e ried gjin tastimming om te sjitten of sels mar te driigjen mei sjitten, en it frachtskip reägearret net op syn befel om om te kearen en fuort te gean. De Scathanen hawwe ek leard fan it debakel mei de korvet, en se hawwe alles útset dat Ninja in mooglikheid biede kinne soe om harren systeem binnen te kringen. Der is dus neat dat dien wurde kin om it frachtskip tsjin te hâlden. By de planeet arrivearre, sette de Scathanen ta razernij fan 'e koloanjeried en de oarspronklike kolonisten útein mei harren eigen kolonisaasje fan it oare kontinint op it noardlik healrûn fan Glenlyon. Under de Scathanen dy't dêr harren eigen delsetting stiftsje, binne in soad húshâldings mei bern, mar ek hûndert soldaten. Glenlyon rjochtet dan halje-trawalje in eigen legerke op, dat ûnder it befel pleatst wurdt fan Mele Darcy, dy't koartby yn 'e koloanje arrivearre is op in skip út Taniwha. De koloanjeried fan Glenlyon stjoert de Squall, ûnder befel fan Rob Geary, nei Kosatka ta om dêr om help te freegjen.

Underwilens binne Lochan Nakamura en Carmen Ochoa op Kosatska oankommen. Sadree't se dêr mei de Monomoke út 'e hyperromte komme, krije se nijsberjochten te sjen en te hearren fan 'e koloanje Lares, dêr't in ûnbekend romteskip om in ûnbekende reden de jonge koloanje bombardearre hat, mei tûzenen deaden en ferwûnen as gefolch. As se letter op Kosatka lânje wolle, oerlibje se mar nauwerneed in bomoanslach op 'e shuttle. Dat is in útfloeisel fan in yntern konflikt op Kosatka, dêr't Drava, de twadde stêd, striidt foar selsbestjoer. Om't Kosatka de Ierde om help frege hat en de dûanebeämten sjogge dat Carmen foar it Ierdske buro foar konfliktbemiddeling wurke hat, wurde sy en Lochan oansjoen foar in offisjele delegaasje fan 'e Ierde. Ynstee fan 'e Kosatkanen út 'e dream te helpen, beslute Lochan en Carmen it spultsje mei te spyljen. Se riede it regear fan Kosatka mei klam oan om 'e easken om selsbestjoer foar Drava yn te willigjen en sa eltse reden foar it konflikt wei te nimmen. Se fermoedzje nammentlik dat it konflikt troch in trêde partij brûkt wurdt om te besykjen en feroarsaakje in boargeroarloch op Kosatka. As premier Hofer harren advizen opfolget, wurdt der troch Martiaanske hiermoardners in oanslach op syn libben dien, in foarfal dat troch tadwaan fan Carmen en Lochan mei in skamper ôfrint. Carmen fielt har troch it ynsidint lykwols stipe yn har oertsjûging dat in trêde partij op Kosatka oan it stokeljen is.

As de Squall by Kosatka arrivearret, nimt Rob Geary mei ôfgriis kennis fan it nijs fan 'e koloanje Lares. Om 'e Kosatkanen gjin eangst oan te jeien, beslút er mei syn korvet by it springpunt nei de hyperromte te bliuwen en net neieroan by de planeet te kommen. Dêrtroch duorret it acht oeren foar't it berjocht dat er ferstjoert, de planeet berikt. Wylst er op antwurd wachtet, komt der in oarlochsskip út 'e hyperromte, dat wegeret om him te indentifisearjen en fuortendaliks in koerts nei de planeet set. Rob beslút yn te gripen en falt it ûnbekende skip oan, dat lichte averij oprint en him daliks út 'e fuotten makket. De Kosatkanen binne Rob tige tankber, mar kinne Glenlyon net helpe om't se sels gjin oarlochsskippen hawwe. Se sille no in frachtskip bewapenje moatte om harsels yn it ferfolch ferdigenje te kinnen. Carmen en Lochan riede premier Hofer oan om in oar frachtskip nei de Ierde te stjoeren. Dêr is men nammentlik al jierren dwaande om 'e romtefloat yn te krimpen, en der binne sadwaande foardielich oarlochsskippen te keap en (wurkleaze) bemannings yn te hieren.

Rob Geary keart mei de Squall werom nei Glenlyon, dêr't Mele Darcy yn 'e tuskentiid mei in lyts groepke healtrainde en min bewapene frijwilligers in oerfal op 'e Scathaanske basis dien hat. Dêrby is de enerzjysintrale en it militêr haadkertier opblaasd en itselde is dien mei in grut anty-orbitaal kanon dat de Scathanen brûke kinnen hiene om romteskippen en satelliten út in baan om 'e planeet te sjitten. In pear wiken letter arrivearje der lykwols twa nije Scathaanske skippen yn it planetestelsel fan Glenlyon: in frachtskip dat nei alle gedachten folloege is mei nije kolonisten en foarrieden, en in begeliedende torpedoboatjager. De koloanjeried jout Rob dan opdracht om 'e skippen hoe dan ek tsjin te hâlden, wylst Mele Darcy it befel kriget om 'e Scathaanske basis op it planeetoerflak yn te nimmen foar it gefal dat Rob syn misje net slagget.

Rob, dy't ûnderwilens in relaasje krigen hat mei Ninja, hat gjin idee hoe't er in oarlochsskip tsjinhâlde moat dat folle grutter en better bewapene is as de Squall. Hy giet lykwols de striid oan en konsintrearret him derop om it kwetsbere frachtskip op 'e flecht te jeien. Dat slagget, mar yn 'e skottewikseling mei de torpedoboatjager rekket de Squall slim skansearre. Troch in mûklist wit Rob it enerzjyskyld dat de boech fan 'e torpedoboatjager beskermet, út te skeakeljen, wêrnei't er ek de fijân slimme skea tabringe kin. Underwilens is lykwols de enerzjykearn fan 'e Squall ynstabyl rekke, wat betsjut dat de korvet op ûntploffen stiet. Dêrtroch hawwe Rob-en-dy gjin oare kar as om har eigen skip te ferlitten en de torpedoboatjager te interjen. Mei de moed der wanhoop witte se it fijannige skip yn te nimmen krekt foar't de Squall eksplodearret. Yn 'e man-tsjin-mangefjochten ferliest Rob lykwols in soad manlju en froulju, en ek sels rekket er slim ferwûne. Op 'e planeet wurdt de ûntploffing fan 'e Squall waarnommen. De koloanjeried ynterpretearret dat as it mislearjen fan Rob syn misje, en jout Mele dêrom befel om 'e Scathaanske basis yn te nimmen. Se fiert persoanlik in bestoarming fan 'e basis troch hûndertfyftich Glenlyonske frijwilligers oan. Mei swiere ferliezen wurdt de basis úteinlik ynnommen.

Neitiid, wylst Rob Geary noch yn it sikehûs leit, arrivearret op Glenlyon in fertsjintwurdiger fan 'e Ierdske romtefloat, dy't oanbiedt om foar de koloanje de oanskaf fan in tal torpedoboatjagers út 'e ôftanke float fan 'e Ierde te regeljen. Betingst dêrfoar is wol dat de koloanje dan ek de oarspronklike Ierdske bemannings fan dy skippen yn 'e tsjinst nimme moat. De Ierdske kommandeur Hopkins wol lykwols inkeld mei oare Ierdlingen wurkje, dat Rob wurdt troch de koloanjeried oan 'e kant set. Mele Darcy treft itselde lot. Ninja beävensearret dat se allebeide oannommen wurde troch in bedriuw dat it kontrakt krigen hat foar it bouwen en runnen fan it romtestasjon fan Glenlyon. Rob wurdt dêr haad fan 'e skipswerf en Mele wurdt haad befeiliging. Trije jier letter, as kommandeur Hopkins en syn skip earleas fergeane, komt de koloanjeried skytskoarjend werom by Rob om op 'e nij syn help te freegjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: