Springe nei ynhâld

The Flash (film)

Ut Wikipedy
The Flash
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurAndy Muschietti
produsintBarbara Muschietti
Michael Disco
senarioChristina Hodson
basearre oppersonaazjes út 'e strips
   fan DC Comics
kamerarezjyHenry Braham
muzykBenjamin Wallfisch
filmstudioDC Films
Warner Bros.
Double Dream
The Disco Factory
distribúsjeWarner Bros.
spilers
haadrollenEzra Miller
Michael Keaton
Sasha Calle
byrollenMichael Shannon
Ron Livingston
Maribel Verdú
Kiersey Clemons
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre12 juny 2023
foarmlangspylfilm
sjenresuperheldefilm
taalIngelsk
spyltiid144 minuten
budget en resultaten
budget$200–220 miljoen
opbringst$271,4 miljoen
filmsearje
filmsearjeDC Extended Universe
● foarich dielShazam! Fury of the Gods
● folgjend dielBlue Beetle

The Flash is in Amerikaanske superheldefilm en coming-of-agefilm út 2023 ûnder rezjy fan Andy Muschietti, mei yn 'e haadrollen Ezra Miller, Michael Keaton en Sasha Calle. De titel betsjut letterlik: "De Flits", en ferwiist nei de superheld mei dy namme. De film makket diel út fan 'e DC Extended Universe-searje. As sadanich folget er op Shazam! Fury of the Gods en giet er foarôf oan Blue Beetle, beide ek út 2023. It ferhaal folget Barry Allen alias The Flash, dy't nettsjinsteande goerie om soks net te dwaan weromreizget yn 'e tiid om 'e moard op syn mem ûngedien te meitsjen. It docht bliken dat er mei dy iene feroaring in totaal oare wrâld skept, wêryn't er sels fêst komt te sitten. Fan 'e filmkritisy krige The Flash oer it algemien positive resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie it mar in beskieden kommersjeel súkses. As de mânske marketingkosten meirekkene wurde, kaam de film lang net út 'e reade sifers. The Flash waard dêrom rûnom beskôge as in flop.

Nei't er Bruce Wayne (alias Batman) en Diana Prince (alias Wonder Woman) holpen hat om yn Gotham City in ploech oerfallers yn te rekkenjen en kûveuzepoppen út in ynstoartend sikehûs te rêden, keart Barry Allen (alias The Flash) werom nei syn wenplak Central City. De rjochtbanksitting foar it op 'e nij besjen fan 'e feroardieling fan syn heit Henry foar de moard op syn mem Nora komt deroan. Barry is drôf, mei't er de pine en it fertriet fan 'e dea fan syn mem noch altyd net efter him litten hat, al wied er noch mar alve jier doe't dat barde.

Hy besiket it hûs dêr't er opgroeide en dêr't de moard plakfûn. Dy deis stjoerde syn mem syn heit nei de supermerk om in blik tomatepuree op te heljen dat se sels by it boadskipjen fergetten wie. Barry wie yn syn sliepkeamer en syn mem wie allinnich yn 'e koken doe't in ûnbekende* it hûs binnenkrong en syn mem deastiek. Syn heit wie dejinge dy't syn mem dea oantrof. Hy loek it mês út har wûne sadat hy mei it moardwapen yn 'e hân oantroffen en foar de dieder oansjoen waard. Troch in rjochterlike dwaling waard er ta in lange finzenisstraf feroardiele. Barry hat lykwols altyd oanholden mei te leauwen yn 'e ûnskuld fan syn heit. Hy hat in baan by it pleatslike forinsysk laboratoarium nommen om te learen en gean om mei bewiismateriaal, yn 'e hope dat er syn heit frijkrije kin.
*) Troch regisseur Andy Muschietti bûten de film om identifisearre as Eobard Thawne, alias The Reverse-Flash.

Dat sil by de kommende sitting lykwols net barre, mei't it iennichste nije bewiismateriaal, in befeiligingsfilmke út 'e supermerk, syn heit wol sjen lit, mar net yn it gesicht. De ofsier fan justysje sil sadwaande perfoarst úthâlde dat dy man mei dy honkbalpet op eltsenien wol wêze kin. Oerstjoer en mismoedich siket Barry soelaas yn syn hurddraven. Diskear draaft er sa hurd, dat er ûnbedoeld yn 'e riid weromreizget nei earder dy deis. Neitiid beseft er dat er yn teory ek weromreizgje kin nei de dei fan 'e moard om syn mem te rêden. Hy leit dat plan foar oan Bruce Wayne, dy't it him sterk ûntriedt mei't omgriemen mei it ferline inkeld ta bargebiten liede kin. Wannear't Barry reägearret mei de wurden: "Mar ik kin de boel wer goedmeitsje," antwurdet Wayne: "Mar tink dy ris yn hoefolle ast stikkenmeitsje kinst."

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Barry beslút dy warskôging yn 'e wyn te slaan en syn plan troch te setten. Hy reizget werom yn 'e tiid nei 2000, nei de dei fan 'e moard, besiket de supermerk op itselde momint dat syn mem dêr noch oan it boadskipjen is, en pleatst temûk in blik tomatepuree yn har winkelkarke om foar te kommen dat se it ferjit. Dat betsjut dat syn mem syn heit letter net nei de winkel hoecht te stjoeren en dus ek net allinnich wêze sil op it tiidstip dat de moard plakfynt. Wylst er yn 'e tiid foarútreizget om wer de tsjintwurdige tiid te berikken, wurdt er oanfallen troch in ûnbekende tiidreizger dy't krekt as hy de Faasjekrêft brûkt. Dyselde slacht him op in ûnbedoeld punt yn 'e tiid. Hy blykt yn 2013 arrivearre te wêzen, it jier dat er sels achttjin wie. Hy moetet dêr syn mem libben en wol en syn heit dy't nea yn it tichthûs sitten hat, en is útskroeven dat syn plan krekt útpakt hat sa't er it bedoelde.

Barry docht him foar syn âldelju foar as syn achttjinjierrige sels, mar it spul wurdt yngewikkeld as syn op keamers wenjende, achttjinjierrige sels sels thúskomt om mem de wask dwaan te litten. Hy moat himsels wol yn fertrouwen nimme oer wat der geande is. It docht bliken dat syn jongere ik in bloedyrritante, arrogante klier is, mei't er nea de tsjinrampen yn syn libben kend hat dêr't de âldere Barry mei omgean moatten hat. It slimste is foar de âldere Barry noch dat syn jongere sels de soarch fan harren mem, dy't er sels al sa lang misse moatten hat, net wurdearret. Dan beseft de âldere Barry ynienen dat hjoed de dei is dat er syn superkrêften krije sil troch in ûngemak op syn wurk yn it forinsysk laboratoarium. Syn jongere ik is in studintsje dat in loailekkerlibbentsje liedt en noch nea hoegd hat te wurkjen. As dy net bejeftige wurdt mei superkrêften kin de âldere Barry dy krêften logyskerwize ek net hawwe, wat betsjutte soe dat er yn 2013 fêst komt te sitten. Of miskien wol dat er nea werom yn 'e tiid reizgje kin en dus syn mem ek net rêde kin.

Hoe dan ek is it fan libbensbelang dat de jongere Barry superkrêften kriget. Dat de âldere Barry troait syn jongere sels mei nei it forinsysk laboratoarium, dêr't se ynbrekke en de sitewaasje fan it oarspronklike ûngemak neibeare. As de jongere Barry einlings en te'n lêsten foar it ferstân kriget dat hy, as ûnderdiel fan it gehiel, troch de wjerljocht rekke wurde moat, begjint er tsjin te akseljen. It plan rint dêrtroch averij op as de wjerljocht earst de âldere Barry treft en dêrnei pas syn jongere sels. Dêrtroch wurdt de jongere Barry dan wol bejeftige mei superkrêften, mar rekket de âldere Barry se krekt kwyt. Neitiid hat de âldere Barry der hâlden en kearen oan om syn jongere sels it brûken fan 'e superkrêften oan te learen. Ien en oar liedt ta in wat stroefe relaasje tusken de beide Barrys.

Wylst de beide Barrys noch leare om mei-inoar om te gean en de âldere Barry him begjint ôf te freegjen oft er ea noch nei syn eigen tiid weromkeare kinne sil, sjogge se op it nijs dat de bûtenierdske ynvaazje fan 'e Ierde troch de Kryptoanske generaal Zod op it punt stiet te begjinnen (sjoch: Man of Steel). De âldere Barry is der wis fan dat Clark Kent alias Superman dat wol ôfhannelje sil, mar as de jongere Barry noch nea fan Superman heard hat, begjint er senuweftich te wurden. In syktocht op it ynternet bringt him ta de konklúzje dat Superman yn dizze tiidline net yn Kansas delkommen is. Dêrop besiket de âldere Barry de oare leden fan 'e Justice League te berikken, mar it docht bliken dat Arthur Curry alias Aquaman nea berne is, wylst Victor Stone alias Cyborg syn superkrêften noch net krigen hat en Diana Prince alias Wonder Woman ûnfynber is. Hy besaut him deroer dat er troch it foarkommen fan 'e moard op syn mem in wrâld sûnder superhelden skepen hat.

Ien ljochtpuntsje is dat Batman yn dizze wrâld wol bestiet, dat de âldere Barry set mei syn jongere sels op sleeptou ôf nei Wayne Manor, yn 'e hoop om Bruce Wayne dêr oan te treffen. Ynstee moetsje se in oare ferzje fan Wayne (spesifyk dy út 'e Batman-filmsearje fan 1989), in man op jieren dy't al lang syn superheldepak oan 'e wylgen hongen hat. Wannear't de âldere Barry syn swierrichheden oan Wayne foarleit, ferklearret dyselde syn eigen feroare omstannichheden mei de teory dat it oanpassen fan in foarfal yn in tiidline ynfloed hat op sawol it ferline as de takomst fan dy tiidline. Hy fielt der earst neat foar om werom te kearen as Batman, mar nei't de âldere Barry him oan it ferstân brocht hat dat generaal Zod fan doel is om 'e Ierde te terrafoarmjen foar Kryptonianen, wat de planeet ûnbewenber meitsje soe foar alle Ierdske libben, de minskheid ynbegrepen, seit er syn help ta by de syktocht nei Superman.

De Barrys en Wayne ûntdekke dat der jierren lyn in Kryptoanske romtekapsule delkommen is yn Sibearje. Yn 'e oertsjûging dat Superman dêre fêstholden wurdt troch in Russyske paramilitêre organisaasje sette se dêrhinne. Se treffe yn in hermetysk ôfsletten sel lykwols net Superman oan, mar in útmergele teenage-famke. Wylst Batman it paad klearret en de jongere Barry troch oermoedigens in skotwûne yn 'e skonk oprint, rêdt de âldere Barry it famke. Ienris bûtendoar wint it famke troch absorpsje fan sinneljocht hiel gau har sûnens werom, wêrnei't se koarte metten makket mei de efterfolgjende paramilitêren. It docht bliken dat hja Kara Zor-El is, de nicht fan 'e jonge Superman. Se wie meistjoerd om op har jonge neef te passen, mar is de kapsule mei de poppe ûnderweis út it each ferlern.

Werom yn Wayne Manor beslút Kara, dy't fanwegen de behanneling dy't se yn Sibearje krigen hat skjin har nocht hat fan 'e Ierde, om 'e minskheid yn syn eigen sop gearsiede te litten. De âldere Barry komt ta de konklúzje dat hy tsjin eltse priis syn superkrêften sjen moat werom te winnen as er de Ierde rêde wol. Dat mei help fan syn jongere sels en fan in heal ûnwillige Bruce Wayne rekreëarret er jitris it ûngemak dat him syn superkrêften jûn hat. Hy lit himsels twaris troch de wjerljocht slaan, mar om 'e nocht. Underwilens komt Kara Zor-El yn 't sin dat se dan wol sûnder reden troch minsken finzen holden is, mar ek troch in minske rêden is, dy't dêr gjin oar motyf foar hie as meiminkslikheid. Dat se keart werom en kriget begrutsjen mei Barry. Se tilt him op yn har earms en fljocht mei him in swierwaarswolk yn, dêr't er op 'e nij troch de wjerljocht rekke wurdt en diskear syn superkrêften weromkriget.

Neitiid jouwe Kara en Wayne har by de beide Barrys as dy risselwearje om it op te nimmen tsjin Zod en syn trewanten. Yn it gefjocht om 'e bûtenierdske ynvaazje tsjin te kearen nimt Kara it op tsjin generaal Zod sels. Dy fertelt har dat hy dejinge wie dy't kapsule mei har jonge neef ûnderskept hat, en teffens dat de poppe beswykt is oan Zod syn besykjen om oan him de Kodeks mei it folsleine genoom fan alle Kryptonianen te ûntlûken dêr't Zod ferlet fan hat om 'e planeet te werbefolkjen nei't er alle Ierdske libben útrûge hat. Zod is ta de konklúzje kommen dat de Kodeks nea yn 'e jonge Superman ferburgen is, mar eins yn Kara har genen opslein is. Wannear't sy heart dat Zod har jonge neef deadien hat, rekket se alle selsbehearsking kwyt en jout se de generaal in ûngenedich wan bruien. Mar de glûpske Zod stekt Kara op in ûnbewekke stuit fan efteren ôf del en ûntlûkt de Kodeks oan har bloed. Underwilens docht Wayne in wraam op it romteskip fan Zod, mar syn oanfal einiget yn syn eigen dea wannear't bliken docht dat it skip beskerme wurdt troch in enerzjyskyld.

De Barrys geane tegearre inkele minuten yn 'e tiid werom om Kara en Wayne te rêden, mar harren bûnsgenoaten geane hieltyd wer dea, sij it op justjes oare manearen. De âldere Barry beseft lang om let dat dizze rige foarfallen fêststiet en net te feroarjen is, mar de jongere Barry wegeret it op te jaan, benammen om't er yn 'e tuskentiid smoarfereale op Kara wurden is. Wylst de âldere Barry om 'e nocht besiket en bring syn jongere sels ta rede, begjint it multyversum troch it oanhâldende tiidreizgjen fan 'e jongere Barry te ymplodearjen. De ûnbekende brûker fan 'e Faasjekrêft dy't ferantwurdlik wie foar it útkommen fan 'e âldere Barry yn 2013 keart werom op it toaniel. Hy blykt in âldere, takomstige ferzje fan 'e jongere Barry te wêzen, dy't der nei desennia fan fergees besykjen noch altyd fan oertsjûge is dat er Kara rêde en Zod ferslaan kin as er mar de juste dingen fine kin om yn it ferline te feroarjen.

De âldere Barry, de iennichste fan it trio dy't troch skea en skande wizer wurden is, kundiget oan dat er fan doel is om alle feroarings oan 'e tiidline werom te draaien troch de moard op syn mem wer plakfine te litten. Hy is derfan oertsjûge rekke dat dy moard, krekt as de oerwinning fan Zod yn 'e tiidline fan 'e jongere Barry, in fêststeand foarfal is, dêr't de takomst fan 'e wrâld mei stiet of falt. De takomstige Barry wurdt poerrazen as er dat heart, en besiket de âldere Barry dea te stekken, mar de jongere Barry springt derfoar en fangt de fatale stjit mei in dagge op en stjert. Dêrmei hat de takomstige Barry syn jongere sels fermoarde, en hy wurdt stadichoan wei. De oarspronklike, en no iennichst oerbleaune Barry keart werom nei de dei fan 'e moard op syn mem en hellet it blik tomatepuree wer út it winkelkarke wei.

Werom yn 'e hjoeddeistige tiid giet Barry nei de rjochtssitting fan syn heit. Dêr docht bliken dat er no in oare, subtilere feroaring yn it ferline oanbrocht hat. Hy hat nammentlik it iennichste blik fan it juste merk tomatepuree op 'e boppeste planke setten, sadat syn heit, wannear't dy letter om 'e tomatepuree kaam, omheech sjen moast yn 'e rjochting fan 'e befeiligingskamera. De befeiligingsbylden litte no dúdlik it gesicht fan syn heit sjen, dy't frijsprutsen wurdt fan 'e moard op syn frou en frijlitten wurdt út it tichthûs. Nei de sitting treft Barry by it gerjochtsgebou Bruce Wayne, dy't lykwols noch hieltyd net de Bruce Wayne is dy't Barry wend is (mar dy út Batman & Robin út 1997).

Ezra Miller.
Michael Keaton.
Sasha Calle.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                                          
Barry Allen / The Flash #1 & #2 Ezra Miller
Bruce Wayne / Batman #2 Michael Keaton
Kara Zor-El / Supergirl Sasha Calle


byrollen
personaazje akteur/aktrise
generaal Zod Michael Shannon
Henry Allen Ron Livingston
Nora Allen Maribel Verdú
Iris West Kiersey Clemons
Bruce Wayne / Batman #1 Ben Affleck
Diana Prince / Wonder Woman Gal Gadot
Afred Pennyworth Jeremy Irons
Faora-Ul Antje Traue
Patty Spivot Saoirse-Monica Jackson
Albert Desmond Rudy Mancuso
David Singh Sanjeev Bhaskar
trage broadsjesaakbetsjinde Kieran Hodgson
de jonge Barry Allen Ian Loh
Al Falcone Luke Brandon Field
Thomas Curry Temuera Morrison (cameo)
abbekaat fan Henry Allen Karl Collins
Gary Sean Rogers
Bruce Wayne / Batman #3 George Clooney (cameo)
man waans broadsje stellen wurdt #1 Nikolaj Coster-Waldau (cameo)
man waans broadsje stellen wurdt #2 Andy Muschietti (cameo)
Clark Kent / Superman #1 Henry Cavill
Clark Kent / Superman #2 Nicolas Cage (cameo)
Digger Harkness / Captain Boomerang Jai Courtney (cameo)
Barry Allen / The Flash #3 Jason Ballantine (cameo)
Clark Kent / Superman #3 Christopher Reeve (troch deepfake-a.i. & argyfmateriaal)
Kara Zor-El / Supergirl #2 Helen Slater (troch deepfake-a.i. & argyfmateriaal)
Bruce Wayne / Batman #4 Adam West (troch deepfake-a.i. & argyfmateriaal)
Dick Grayson / Robin Burt Ward (troch deepfake-a.i. & argyfmateriaal)
Clark Kent / Superman #5 George Reeves (troch deepfake-a.i. & argyfmateriaal)
The Joker #1 Cesar Romero (troch deepfake-a.i. & argyfmateriaal)
The Joker #2 Jack Nicholson (troch deepfake-a.i. & argyfmateriaal)
Catwoman Eartha Kitt (troch deepfake-a.i. & argyfmateriaal)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In film oer de superheld The Flash út 'e strips fan útjouwerij DC Comics soe al yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren makke wurde troch filmstudio Warner Bros., mar der kaam hieltyd wat tusken. Mei de yntroduksje fan 'e DC Extended Universe-filmsearje, yn 2013, liek it der dan dochs einlings en te'n lêsten fan te kommen. Akteur Ezra Miller ferskynde as Barry Allen/The Flash yn cameo's yn 'e films Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) en Suicide Squad (2016), en hie foar it earst in haadrol yn Justice League (2017). In film spesifyk oer The Flash waard yn 2018 oankundige, en waard nei nije fertragings, û.o. feroarsake troch de koroanapandemy, yn 2021 yn produksje nommen.

By it filmjen op lokaasje yn Glasgow barde der op 'e set fan The Flash in ûngemak dat de produksje tydlik stillei.

The Flash waard regissearre troch Andy Muschietti nei in senario fan Christina Hodson. As produsinten wiene Barbara Muschietti, de suster fan 'e regisseur, en Michael Disco by it projekt belutsen foar de filmstudio's DC Films, Warner Bros., Double Dream en The Disco Factory. Foar de film wie neffens de webside Deadline Hollywood in budget beskikber fan $200 miljoen, hoewol't de Kanadeeske tillefyzjestjoerder CBC it hold op $220 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Henry Braham, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Benjamin Wallfisch.

De opnamen foar The Flash setten op 19 april 2021 útein en duorren oant en mei 18 oktober fan dat jier. Dêrby waard gebrûk makke fan 'e mei opsetsin misliedende wurktitel Baby Shower om foar te kommen dat de sets ûnder de foet rûn wurde soene troch entûsjaste fans. De measte binnendoarsênes waarden filme yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden, yn it Ingelske greefskip Hertfordshire.

De sênes by Wayne Manor waarden op lokaasje filme op it lângoed Burghley House yn Stamford, yn it greefskip Lincolnshire. Oare filmlokaasjes foar The Flash wiene de Sint-Pauluskatedraal yn Londen, en op Ingram Street, George Square, John Street en Cochrane Street yn it Skotske Glasgow. By it filmjen fan 'e efterfolging út 'e iepeningssênes fûn op George Square in ûngemak plak, wêrby't in kameraman op in motorfyts op 'e Batcycle (de motor fan Batman) botste en kaam te fallen. Hy rekke ferwûne, mar net slim ferwûne, neffens de wurdfierder foar de produksje.

Burghley House yn Lincolnshire wie ien fan 'e filmlokaasjes foar The Flash.

De distribúsje fan The Flash waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 12 juny 2023 yn Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 16 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 16 juny by platemaatskippij WaterTower Music. The Flash kaam op 18 july 2023 beskikber as digitale download en waard op 29 augustus fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige The Flash oer it algemien positive resinsjes. Neffens David Fear fan it tydskrift Rolling Stone wie it sels "de bêste film" fan 'e hiele DC Extended Univers-searje. Hy priizge ek de dûbele aktearprestaasje fan haadrolspiler Ezra Miller, mar klage dat net ien it dêroer hawwe soe nei in rige kontroversjele ynsidinten omtrint en arrestaasjes fan Miller yn 2022. Fear hie ek lof foar it aktearjen fan Michael Keaton en Sasha Calle. Joshua Yehl fan IGN joech The Flash in 7 op in skaal fan 1 oant 10 en skreau dat er genoaten hie fan 'e "emosjonele reis" fan Barry Allen.

Op 'e webside RogerEbert.com parte Matt Zoller Seitz The Flash 21/2 fan 4 stjerren ta. Hy hie moaie wurden foar de rezjy fan Andy Muschietti en it senario fan Christina Hodson, mar fûn dat de rarichheden út it echte libben fan haadrolspiler Ezra Miller de komyske aspekten fan 'e film "ûnderminen". Yn The New York Times skreau Manohla Dargis dat se de "relatyf flotte" spyldoer wurdearre hie en ek dat se The Flash ien fan 'e bettere superheldefilms fûn. Se hie lykwols slimme krityk op 'e iepeningssênes fan 'e film mei it ynstoartende sikehûs, wêryn't The Flash in stik as tsien kûveuzepoppen heine moat ear't se op 'e grûn te pletter falle. Dargis omskreau dat as "walchlik". Ek wie hja fan miening dat de substansjele oanwêzigens fan oare superhelden yn 'e film, te witten: Batman en Supergirl, de focus fan The Flash as in yndividueel personaazje weinommen.

De Sint-Pauluskatedraal yn Londen wie ien fan 'e filmlokaasjes foar The Flash.

Angela Jade Bastién fan 'e webside Vulture bekritisearre The Flash om't de film tefolle lynje soe op oare films út it DC Extended Universe. Ek mocht se der net oer dat de film, ynstee fan it ûndersykjen fan 'e emoasjes fan Barry Allen yn it ramt fan 'e moard op syn mem, har dea ynstee brûkte as "in spingplanke nei in ynspiraasjeleaze mutyversumplot". Yn it blêd The Hollywood Reporter hie David Rooney lof foar it aktearjen fan Ezra Miller, hoewol't er dêrby oantekene dat de juridyske swierrichheden fan 'e akteur sûnder mis ynfloed hawwe soene op hoe't de film ûntfongen waard. Hy priizge ek Calle, dy't er "in sênesteller" neamde, en de drôvens fan Keaton by it spyljen fan Batman. Yn kontrast mei Dargis betitele Rooney de iepeningssênes mei de "babyshower" as it hichtepunt fan 'e film.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Flash in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 389 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] is grappich, hat in foechsum heech tempo en moat oer it algemien as ien fan 'e bêste DC-films fan 'e lêste jierren sjoen wurde." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Flash in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 55 resinsjes.

In bus fan it Ingelske iepenbier ferfier beplakt mei in promoasjeposter foar The Flash.

The Flash brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $108,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $163,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $271,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $200–220 miljoen betsjut dat in winst fan $51,7–71,7 miljoen. Mar om't de marketingkosten grif heger leine as $70 miljoen kaam The Flash yn 'e bioskopen eins net út 'e reade sifers en waard de film troch de filmkritisy as in flop beskôge.

The Flash waard nominearre foar de Saturn Awards foar bêste superheldefilm en bêste byrol fan in akteur (Michael Keaton).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

DC Extended Universe (filmsearje)
Man of Steel (2013) • Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) • Suicide Squad (2016) • Wonder Woman (2017) • Justice League (2017) • Aquaman (2018) • Shazam! (2019) • Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) • Wonder Woman 1984 (2020) • Zack Snyder's Justice League (2021) • The Suicide Squad (2021) • Black Adam (2022) • Shazam! Fury of the Gods (2023) • The Flash (2023) • Blue Beetle (2023) • Aquaman and the Lost Kingdom (2023)