Springe nei ynhâld

The Dead Pool

Ut Wikipedy
The Dead Pool
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Buddy Van Horn
produsint David Valdes
útfierend
   produsint
Clint Eastwood
senario Steve Sharon
kamerarezjy Jack N. Green
muzyk Lalo Schifrin
filmstudio Malpaso Productions
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Clint Eastwood
Patricia Clarkson
Evan C. Kim
byrollen Liam Neeson
David Hunt
Michael Currie
Michael Goodwin
Jim Carrey
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 13 july 1988
foarm langspylfilm
sjenre plysjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 91 minuten
budget en resultaten
budget $31 miljoen
opbringst $37,9 miljoen (Feriene Steaten)
filmsearje
filmsearje Dirty Harry
● foarich diel Sudden Impact

The Dead Pool is in Amerikaanske plysjefilm en aksjeskriller út 1983 ûnder rezjy fan Buddy Van Horn, mei yn 'e haadrollen Clint Eastwood, Patricia Clarkson en Evan C. Kim. De titel betsjut "De Deadepoel", ek wol oerset as "De Deadelotto". It ferhaal folget de bikkelhurde plysje-ynspekteur Dirty Harry Callahan as er in searjemoardner op it spoar komt dy't in dead pool-spultsje manipulearret troch de bekende persoanen dy't dêrfoar opjûn binne (ûnder wa Callahan sels), ien foar ien te fermoardzjen. Underwilens moat er him ek noch de trewanten fan in tanksij syn tsjûgenis feroardiele maffiabaas fan it liif sjen te hâlden. The Dead Pool wie it fyfde en lêste diel út 'e Dirty Harry-filmsearje. Yn 'e film binne yn byrollen Liam Neeson en Jim Carrey (yn syn filmdebút) te sjen, dy't neitiid wrâldferneamd wurde soene. The Dead Pool krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen. In ferneamd sitaat fan Dirty Harry út dizze film is: "In miening is krekt in kontgat; eltsenien hat der wol ien."

Troch it tsjûgenis fan ynspekteur "Dirty Harry" Callahan ferdwynt maffiabaas Lou Janero út San Francisco foar jierren efter de traaljes. Neitiid rekket Callahan ferneamd yn 'e media, mar wurdt er ek it doelwyt fan in moardoanslach troch de trewanten fan Janero. Hy hat oan beide in grouwéligen hekel. Nei't Callahan in ûnmarkearre plysje-auto total loss riidt en fjouwer mannen fan Janero deasjit dy't it op him foarsjoen hawwe, wolle syn superieuren, ûnderkommissaris Donnelly en haadynspekteur Ackerman, him foarearst efter in buro sette om him fan 'e strjitte en út it sicht fan Janero syn mannen te krijen. Callahan driget lykwols mei ûntslach, wêrnei't syn bazen fan harren plan ôfsjogge. Ynstee jouwe se him in nije partner, de Sineesk-Amerikaanske ynspekteur Al Quan. Callahan advisearret dyselde om in kûgelfrij fest te dragen, mei't syn partners de ferfelende gewoante hawwe om it ôf te lizzen.

Neitiid krije Callahan en Quan it ûndersyk tawiisd nei it hommels ferstjerren fan rocksjonger Johnny Squares, dy't dea oantroffen is yn syn trailer op 'e set fan in slasherfilm fan 'e Ingelske regisseur Peter Swan. As op it plak delikt sûnder euvelmoed de frou fan Squares arrivearret, wurdt se bestoarme troch de gearklofte media, dy't harren ferdringe om har hertferskuorrende reäksje op it nijs fan 'e dea fan har man yn byld te bringen. Callahan wurdt lulk en grypt yn, wêrby't er fan 'e kameraman fan 'e foaroansteande ferslachjouster Samantha Walker de kamera ôfpakt en it apparaat oan gruzeleminten smyt. It docht al rillegau bliken dat Squares stoarn is oan in oerdoazis syntetyske drugs, mar Callahan en Quan kinne mar net goedkrije wêrom't de sjonger neibearde rommel brûkte as er mear as ryk genôch wie om echte drugs keapje te kinnen en dat ek geregeldwei die.

De oare deis binne Callahan en Quan yn 'e wyk Chinatown as dêr in oerfal op in restaurant plakfynt. De beide plysjemannen gripe yn; Callahan sjit fjouwer oerfallers dea en de fyfde wurdt oermastere en arrestearre troch Quan. By de oerfal is in Dean Madison troch de oerfallers deasketten. Hy blykt de útfierend produsint fan 'e film fan Swan te wêzen, en yn syn bûse wurdt in list oantroffen mei in stikmannich nammen fan bekende persoanen derop, wêrûnder dy fan Squares en fan Callahan sels. Op it plysjeburo binne Donnelly en Ackerman ûnderwilens it akkefytsje mei de kamera gewaarwurden om't de tillefyzjestjoerder de plysje in rekken stjoerd hat foar de skea. Ferslachjouster Samantha Walker driget mei in rjochtsaak tsjin it San Francisco Police Department, mar wol dêrfan ôfsjen oft Harry har mei út te iten nimt. Under it itentsje docht bliken dat Walker longeret op in yngeand fraachpetear mei Callahan oer himsels en syn motivaasjes, mar dêr hat Callahan gjin boadskip oan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare deis ûntfangt Walker oer de post in brief mei deselde list mei nammen dy't Callahan en Quan yn 'e bûse fan Madison fûn hawwe, en dêrby in útlis wat dy list ynhâldt. It blykt te gean om in saneamde "dead pool" of "deadelotto", wêrby't elts fan 'e dielnimmers in list mei bekende persoanen opstelt dy't in grutte kâns rinne om mei koarten dea te gean (of deamakke te wurden) fanwegen bygelyks in riskante libbensstyl. Dejinge fan wa't nei ôfrin fan in stelde termyn de measte persoanen op 'e list dea binne, wint de pot, dêr't alle dielnimmers jild ynlein hawwe. De list mei de nammen fan Squares en Callahan derop is de list dy't gearstalt is troch regisseur Peter Swan. Callahan kriget dit allegear op 'e tillefyzje te hearren út it ferslach fan Walker, en dêr is er net bliid mei. As er nei har ta giet om ferhaal te heljen, seit se dat se gewoan har wurk docht en jout se him it brief dat se krigen hat. Unferwachts freget Callahan har út foar in ôfspraakje.

Callahan en Quan beslute dat de oerdoazis syntetyske drugs Squares mei geweld tatsjinne wêze moat, wat syn dea ta in moardsaak makket. As filmkritika Molly Fisher, dy't ek op 'e list fan Swan stie, by har thús troch in ynbrekker fermoarde wurdt, is Swan de earste fertochte fan 'e beide moarden. It docht lykwols bliken dat er op it stuit fan 'e moard op Squares op syn filmset omrûn, wylst er op 'e jûn dat Fisher ombrocht is, op in feest wie dêr't tsientallen oare besikers syn aliby befêstigje kinne. Callahan komt ta de konklúzje dat immen besiket om Swan deryn te lúzjen. Op harren ôfspraakje wurde Callahan en Walker yn in lift ûnder fjoer nommen troch in pear fan Janero syn trewanten. As dy útnaaie, set Callahan de efterfolging yn en sjit se allebeide dea. Walker is troch it foarfal bot kjel wurden, ek al is se net ferwûne rekke. As har kollega's fan 'e media arrivearje, begjint se troch har eigen wjersin om it ûnderwerp fan in sensasjoneel nijsferslach te wêzen har wurk yn in hiel oar ljocht te sjen.

De oare deis besiket Callahan Janero yn 'e Steatsfinzenis San Quentin, dêr't er trijefâldich moardner "Slachter" Hicks brûkt om Janero te yntimidearjen. Hy fertelt de maffiabaas dat er fan no ôf oan Hicks syn bêste freon wêze sil, dy't him foarsjocht fan sigaretten en oare lúkse-artikels en dy't om syn mem tinkt en yn it algemien syn belangen bûten it tichthûs fersoarget. Eltse wike sil er Hicks in brief skriuwe. As dy brieven ophâlde te kommen, sil Hicks ferhaal helje by Janero. (Hicks, dy't foar in slof sigaretten inkeld út 'e fierte wei tasjocht en in drigend postuer oannimt, wit neat fan dat hiele ferhaal.) Neitiid docht bliken dat it trúkje suver wat té goed wurket, om't Janero no Callahan folgje lit troch in pear man dy't derfoar soargje moatte dat him neat oerkomt.

Gus Wheeler, in man dy't beweart de moarden op Squares en Fisher begien te hawwen, oerjit himsels midden op 'e strjitte mei benzine en driget himsels yn 'e brân te stekken. Hy wol op 'e tillefyzje ynterviewd wurde troch in bekende ferslachjouwer, en Callahan freget dêr Walker foar, wylst er himsels foardocht as har kameraman. It docht bliken dat Wheeler gjin moardner is, mar gewoan immen dy't oandacht siket en wanhopich is om op 'e tillefyzje te kommen. Walker wegeret him lykwols te filmjen as er himsels yn 'e brân stekt, wat de selsmoardplannen fan 'e man sinleas meitsje. As er himsels dochs noch, mar by fersin, yn 'e brân stekt, rêdt Callahan syn libben troch him út 'e plasse benzine te skuorren dêr't er yn stiet, wêrnei't brânspuitlju mei brânblussers de sitewaasje al gaueftich ûnder kontrôle hawwe. Under de yndruk fan har beslút om in sensasjoneel nijsitem foarbygean te litten, kriget Callahan wiere belangstelling foar Walker.

As se by Swan fernimme nei fijannen dy't him deryn lúzje wolle soene, fertelt er Callahan en Quan oer in Harlan Rook, in skizofrene en geastlik steurde fan fan him, dy't derfan oertsjûge is dat Swan de ideeën foar syn films fan him stellen hat trochdat er nachts yn syn dreamen binnenkringt en syn gedachten lêst. Swan hat in gebietsferbod tsjin 'e man útfurdigje litten. Underwilens wurdt Nolan Kennard, de presintator fan in praatprogramma dy't ek op 'e dead pool-list fan Swan stie, fermoarde mei in bom dy't troch in radiografysk bestjoerd autootsje ûnder syn persoane-auto riden wurdt. Op it plak delikt treft Callahan letter ien fan 'e tsjiltsjes fan 'e boartersguodauto oan, mar begrypt net wat dat wêze kin.

De oare moarns hellet Quan Callahan op by it hûs fan Walker, dêr't Callahan de nacht trochbrocht hat. As se fuort letter by in stopljocht steane te wachtsjen, riidt der in radiografysk bestjoerber autootsje ûnder harren auto troch, stoppet en riidt werom om ûnder harren auto stilstean te gean. Callahan beseft dat ynienen hoe't Kennard fermoarde is, en jout gas. Der ûntwikkelet him in efterfolging dwers troch San Francisco hinne, wêrby't Callahan en Quan it boartersguodautootsje foar besykje te bliuwen, dat troch de moardner bestjoerd wurdt fanút in folchauto. Uteinlik wit de moardner it autootsje yn in dearinnende strjitte ûnder de wein fan Callahan en Quan te krijen, mar Callahan wachtet koelbloedich oant it lêste momint en jout dan fol gas yn 'e efterút, sadat de bom ûnder it motorblok ûntploft ynstee fan ûnder de kabine. Callahan komt mei de skrik frij en Quan, dy't syn rie opfolge hie om in kûgelfrij fest te dragen, rint dêrtroch inkeld in pear brutsen ribben op.

Neitiid treft de plysje yn 'e wente fan Harlan Rook springstof en radiografysk bestjoerbere auto's oan, mei dêropta in sammeling oantinkens oan eltse film dy't Peter Swan ea makke hat. It is dúdlik dat se de moardner identifisearre hawwe; no moatte se him allinnich noch fine. Op in list fan 'e dead pool dy't ek by Rook thús oantroffen is, hat er Callahan syn namme trochskrast en ferfongen troch Walker harres. Underwilens wachtet Rook yn 'e parkearkelder fan 'e tillefyzjestjoerder Walker op, dêr't er har kameraman fermoardet en har ûntfiert. Hy nimt har mei nei de studio fan Swan, dêr't er har dy jûns nei't it tsjuster wurden is, earst brûke wol foar it neibearen fan in sêne út in film. Walker wegeret mei te wurkjen, mar ear't Rook har wat dwaan kin, ferskynt Callahan op it toaniel. As Rook Walker yn gizeling nimt en brûkt as libben skyld, moat Callahan syn Smith & Wesson Model 29 .44 Magnum-revolver opjaan. Troch de moardner ôf te lieden, wit Callahan mei Walker te ûntkommen troch it dûnkere en ferlitten studiokompleks, wylst se efterfolge wurde troch Rook mei de reuseftige revolver. Callahan lokket Rook nei bûten en nei de haven ta dêr't er earder tsjûge wie fan in opname fan Swan. As Rook alle kûgels út 'e revolver opbrûkt hat, besjit Callahan him mei in Svend Foyn harpoenkanon, dat er speetst wurdt en it bestjert. Nei't de plysje en de media arrivearre binne, rint Callahan fuort mei Walker.

Clint Eastwood yn 'e rol fan Dirty Harry.
Patricia Clarkson yn 2009.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
ynspekteur "Dirty Harry" Callahan Clint Eastwood
Samantha Walker Patricia Clarkson
ynspekteur Al Quan Evan C. Kim


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Peter Swan Liam Neeson
Harlan Rook David Hunt
ûnderkommissaris Donnelly Michael Currie
haadynspekteur Ackerman Michael Goodwin
Johnny Squares Jim Carrey
Lou Janero Anthony Charnota
Molly Fisher Ronnie Claire Edwards
Gus Wheeler Louis Giambalvo
"Slachter" Hicks Diego Chairs
ferslachjouwer by plysjeburo Charles Martinet
ferslachjouwer op snelwei Patrick Van Horn
Chester Docksteder Shawn Elliott
Nolan Kennard Bill Wattenburg
liifwacht Marc Alaimo
Jason Justin Whalin
psychiater yn sikehûs Harry Demopoulos

The Dead Pool is de iennichste Dirty Harry-film wêryn't Albert Popwell net spilet. Dyselde fertolke yn 'e fjouwer foargeande films hieltyd in oare rol. Hy wie foar The Dead Pool net beskikber om't er op dat stuit Who's That Girl opnaam.

De leden fan rockband Guns N' Roses hawwe yn The Dead Pool in cameo wêrfoar't se net op 'e ôftiteling fermeld wurde yn 'e sêne op 'e boat yn 'e haven, wêrby't gitarist Slash (werkenber oan syn karakteristike hege hoed) it harpoenkanon ôffjurret. Se binne ek middenmank it roufolk te sjen yn 'e sêne fan 'e begraffenis fan Johnny Squares.

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Dead Pool waard regissearre troch Buddy Van Horn nei in senario fan Steve Sharon op basis fan in idee dat betocht en útwurke wie troch Durk Pearson, Sandy Shaw en Sharon sels. As produsint wie David Valdes by it projekt belutsen foar de filmstudio Malpaso Productions. Clint Eastwood, de eigner fan dy studio, wie behalven haadrolspiler ek útfierend produsint. Foar de film wie in budget beskikber fan $31 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jack N. Green, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Argentynske komponist Lalo Schifrin. De soundtrack omfette it liet Welcome to the Jungle fan 'e band Guns N' Roses.

De opnamen foar The Dead Pool fûnen yn febrewaris en maart 1988 plak op lokaasje yn San Francisco. Foar de sêne wêryn't Callahan en Quan yn in Oldsmobile 98 dwers troch de stêd efterfolge wurde troch in radiografysk bestjoerd autootsje dat tarist is mei in bom, waard in echt radiografysk bestjoerd autootsje brûkt (mar gjin echte bom). It autootsje wie spesjaal foar de film makke, mei it uterlik fan in Chevrolet Corvette en in sterk opfierde motor. It waard bestjoerd troch Jay Halsey, de wrâldkampioen radiografysk off-roadracen 1985. It duorre oardel wike foar't de sêne der goed op stie. Om't drokke strjitten foar de opnamen ôfsletten wurde moasten en it ferkear net hielendal lamlein wurde koe, springt de efterfolging yn 'e film eins fan 'e iene lokaasje yn San Francisco nei de oare, en is foar lju dy't yn 'e stêd bekend binne dúdlik dat it geografysk sjoen ûnreälistysk is. Troch de knappe filmmontaazje merke oaren dêr lykwols neat fan.

De distribúsje fan The Dead Pool waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 13 july 1988 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige The Dead Pool mingde resinsjes. Lykwols wie Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times der goed oer te sprekken. Hy skreau: "Like goed as de orizjinele film. Fernimstich mei in heech tempo en makke mei echte humor." Ek fan Gene Siskel, dy't skreau foar de Chicago Tribune, krige The Dead Pool in tomme omheech. Hy neamde de film "Miskien wol de bêste Dirty Harry-film sûnt it orizjineel."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Dead Pool in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 31 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't [de film] mear as genôch gewelddiedige spanning en stoere humor biedt, einiget de Dirty Harry-searje hjirmei op ûnynspirearre wize." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Dead Pool in goedkarringspersintaazje fan 46%, basearre op 15 resinsjes.

The Dead Pool brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten $37,9 miljoen op. Hoewol't de wrâldwide opbringst ûnbekend is, behelle de film dêrmei, ôfset tsjin it budget fan $31 miljoen, in winst fan $6,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It is dêrom mar de fraach oft de film, mei dy teloarstellende prestaasje, wol út 'e kosten kaam. Yn elts gefal wie The Dead Pool it minst opbringende diel fan 'e Dirty Harry-searje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Dirty Harry (filmsearje)
Dirty Harry (1971) • Magnum Force (1973) • The Enforcer (1976) • Sudden Impact (1983) • The Dead Pool (1988)