The Client (film út 1994)

Ut Wikipedy
De Client
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Joel Schumacher
produsint Arnon Milchan
Steven Reuther
senario Akiva Goldsman
Robert Getchell
basearre op de roman fan John Grisham
kamerarezjy Tony Pierce-Roberts
muzyk Howard Shore
filmstudio Regency Enterprises
Alcor Films
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Brad Renfro
Susan Sarandon
Tommy Lee Jones
byrollen Anthony LaPaglia
Mary-Louise Parker
Kim Coates
Anthony Edwards
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 20 july 1994
foarm langspylfilm
sjenre skrillerfilm
taal Ingelsk
spyltiid 121 minuten
budget en resultaten
budget $45 miljoen
opbringst $117,6 miljoen
prizen 1 × BAFTA

The Client is in Amerikaanske skriller- en rjochtbankdramafilm út 1994 ûnder rezjy fan Joel Schumacher, mei yn 'e haadrollen Brad Renfro, Susan Sarandon en Tommy Lee Jones. De titel betsjut "De Kliïnt". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan 'e bekende skriuwer John Grisham. It ferhaal giet oer de alvejierrige Mark Sway, dy't troch omstannichheden de iennichste is dy't wit wêr't de maffia it stoflik omskot fan in fermoarde politikus begroeven hat. In ûnmeilydsume ofsier fan justysje is wisberet om dy ynformaasje út him te krijen, al hoe't dat de jonge en syn famylje ek yn gefaar bringe sil. Mark hiert dêrop abbekate Reggie Love yn om syn belangen te behertigjen. Fan 'e filmkritisy krige The Client oer it algemien positive resinsjes, en yn bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol. Sarandon waard foar har fertolking fan Reggie Love nominearre foar in Oscar en wûn in BAFTA.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e neite fan 'e Amerikaanske stêd Memphis (Tennessee) wennet de 11-jierrige Mark Sway mei syn 27-jierrige, strjitearme mem Dianne en syn 7-jierrige bruorke Ricky yn trailerpark. Yn 'e simmerfakânsje stelt Mark in pear sigaretten út syn memme hântaske en nimt syn bruorke mei de oangrinzgjende bosk yn om se temûk op te smoken. Dêr binne de beide jonges der tsjûge fan hoe't Jerome "Romey" Clifford, in bekende abbekaat út New Orleans dy't foar de maffia wurket, himsels besiket om te bringen troch in túnslang mei de iene ein yn 'e útlaat fan syn auto te stopjen en mei de oare ein troch it rút te stekken. Dan giet er mei in rinnende motor yn syn auto sitten te wachtsjen oant er stikt.

Mark ken Clifford net, mar de man is dúdlik dronken, dat Mark besiket him te rêden troch oant twaris ta de slang út 'e útlaat te skuorren. De twadde kear trappearret Clifford him en twingt him ûnder bedriging mei in pistoal om yn 'e auto plak te nimmen. Hy seit dat se no tegearre stjerre sille. As Mark witte wol wêrom't Clifford himsels om hals bringe wol, fertelt dy him dat as er it sels net docht, Barry "The Blade" Muldano it wol dwaan sil, de omkesizzer fan 'e beruchte maffiabaas Johnny Sulari. Clifford wit nammentlik tefolle, spesifyk it plak wêr't Muldano it lyk fan senator Boyd Boyette begroeven hat, dy't er fermoarde hat. Foar't er stikt, wit Mark fuort te kommen, wêrnei't er mei Ricky beskûl siket ûnder de steile igge fan in poel. Clifford komt harren efternei, mar kin har net fine. Dêrop sjit er himsels fuort boppe har mei syn pistoal troch de holle.

De jonge, gefoelige Ricky rekket troch it hiele barren slim traumatisearre en bedarret yn in katatoanyske steat, wêryn't er nearne mear op reägearret. Hy wurdt opnommen yn it Saint Peter Charity Hospital, in sikehûs dat earmen fergees behannelet. Mark docht in anonym tillefoantsje nei de plysje, en sjocht letter út it strewelleguod wei ta hoe't it lyk fan Clifford fûn en it plak delikt ûndersocht wurdt. De sadistyske brigadier Hardy trappearret him dêr, en kriget der aan fan dat Mark mear wit as er loslit. Hy lit him deryn rinne troch him yn it sikehûs in blikje frisdrinken oan te bieden, dat er letter meinimt om Mark syn fingerôfdrukken derôf te heljen en dy te ferlykjen mei de ûnbekende fingerôfdrukken dy't yn Clifford syn auto oantroffen binne.

Mark, dy't op 'e tillefyzje programma's oer de maffia sjoen hat, begrypt dat er op syn tellen passe moat om't er tefolle wit. As federaal ofsier fan justysje Roy Foltrigg, dy't efter Muldano en Sulari oan sit, mei syn hiele entoeraazje út New Orleans nei Memphis ta fljocht om Mark yn 't ferhear te nimmen, wit er dat er djip yn 'e swierrichheden sit. Hy komt op it idee om in abbekaat yn 'e earm te nimmen as er yn it sikehûs dêr't Ricky leit in letselskea-abbekaat omrinnen sjocht dy't reklamefolders útdielt. De oare deis bejout er him nei it kantoargebou dêr't de letselskea-abbekaat syn kantoar hat, mar dêr blike se inkeld belangstelling te hawwen foar letselskeasaken. Aldergeloks sitte der noch mear abbekaten yn itselde gebou, en Mark kiest úteinlik foar in Reggie Love. Dat blykt in frou te wêzen, mei't 'Reggie' de ropnamme fan Regina is. Sy is in mem dy't de fâdij oer har bern ferlern is oan har eks-man en doe oan 'e drank rekke is, en pas abbekate wurden is nei't se har ferslaving oerwûn hie. Se fielt daliks in swak foar Mark mei syn grutte mûle en syn lytse hertsje, dat se nimt syn saak oan foar it salaris fan $1.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Foltrigg blykt ien te wêzen mei ambysjes om 'e polityk yn te gean, en as er Muldano feroardiele krije kin foar de moard op Boyette, dan soe him dat in protte fergese oandacht yn 'e media opsmite, wat er moai as opstapke foar in politike kampanje brûke kin. Hy is dêrom wisberet om te dwaan wat er dwaan moat om Mark oan it praten te krijen, en dat er dêrmei de jonge en syn mem en bruorke bleatstelt oan wraakoefenings troch de maffia, kin him neat skele. Mar Reggie hat him troch en stjoert by it ferhear earst Mark allinne nei binnen, mei in rinnende bânrecorder, dy't opnimt dat Foltrigg en syn meiwurkers de jonge op 'e mouwe spjeldzje dat er gjin ferlet hat fan in abbekaat, en dat er it tichthûs yn draaie sil as er net fertelt wat er wit. Neitiid komt se der sels yn en konfrontearret se de mannen mei de opname, dêr't se in jonkje fan alve jier witten en mienen op sitte foar te ligen. Se driget it kassettebantsje oan 'e media troch te spyljen as se ea wer mei Mark besykje te praten sûnder dat syn abbekaat oanwêzich is.

De moeting einiget mei in ôfspraak foar fierder ferhear fan Mark de oare deis yn Reggie har kantoar. Dy jûns komt Gronke, in hiermoardner fan 'e maffia, Mark lykwols yn 'e lift fan it sikehûs oer it mad en bedriget him en syn mem en bruorke mei de dea as er mei Foltrigg en de FBI praat. Sadwaande wegeret Mark de oare deis om mei Foltrigg te praten, en lit er it oan Reggie oer om 'e ofsier fan justysje ôf te poeierjen. As er harren heechoprinnende petear ôfharket, heart er Foltrigg ferwizen nei Reggie har ferline as alkoholiste. Mark is poer, mei't syn biologyske heit ek in alkoholist wie dy't him en syn mem mishannele. Hy wol dêrom neat mei alkoholisten te krijen hawwe, ûntslacht Reggie en besiket alle bannen mei har te ferbrekken. Op 'e flecht foar de media is er lykwols twongen en spring by har yn 'e auto. Hja nimt him mei nei it hûs fan har mem, by wa't se ynwennet. Mei't er dêrwei it paad werom nei it sikehûs net wit en gjin jild hat foar in taksy, kin er net fuortkomme. Lang om let is er safierhinne kalmearre dat er nei Reggie har útlis oer har alkoholisme harkje wol, wêrnei't er him mei har fermoedsoenet.

Dyselde nachts stekke Gronke en in oare trewant fan Sulari, Harry Bono, de wencaravan fan Mark syn mem yn 'e brân. It ding brânt folslein út, sadat de húshâlding alles kwytrekket. Yn New Orleans kriget Muldano ûnderwilens op 'e kop fan Sulari, dy't yn it foarste plak nea opdracht of tastimming jûn hie foar de moard op Boyette, en boppedat Muldano hjitten hie om Clifford net te fertellen wêr't it lyk ferburgen wie. Sulari wol no dat Muldano it lyk opgraaft en foargoed ferdwine lit, mar Muldano leit út dat soks op 't heden net ta de mooglikheden heart om't it dêr no optilt fan 'e plysjes. Hy beswart syn omke lykwols dat dy it lyk nea fine sille. De yrritearre Foltrigg jout de FBI opdracht om derfoar te soargen dat Mark in nacht yn it tichthûs trochbringe moat. Dat sil de jonge wol in leske leare, sadat er tenei docht wat him hjitten wurdt. Dat, Mark wurdt by syn mem út it sikehûs wei sleept en yn 'e sel smiten, wat him lykwols inkeld dwerser makket.

De oare deis fjochtet Reggie it fêstsetten fan Mark oan by rjochter Harry Roosevelt, dy't dêr tastimming foar jûn hie. De âldman is in freon fan Reggie, dy't har derfan bewissiget dat er allinne meigien is mei Foltrigg syn oanfraach om't Mark yn 'e sel feilich wêze soe foar de maffia. By de harksitting set Roosevelt Foltrigg stevich te plak. Mar as Mark noch altyd wegeret en doch de mûle iepen, hat er gjin oare kar as om 'e jonge werom te stjoeren nei it tichthûs. Mark wit lykwols op fernimstige wize te ûntsnappen, wêrnei't er ûntkomt oan Gronke, dy't him besiket te fermoardzjen, troch de hiermoardner op te sluten yn in kuolsel yn it mortuarium. Dêrnei skillet er Reggie op, dy't him oppikt. Mark hat besletten om te praten, op betingst dat Reggie derfoar soargje kin dat hy, syn mem en syn bruorke opnommen wurde yn it tsjûgebeskermingsprogramma en in oare identiteit oanmetten krije. Mar foar't er dat docht, wol er wol earst witte oft it lyk wol op it plak leit dêr't Clifford fan sei dat it der lei. Koartsein: hy wol dat Reggie mei giet nei New Orleans om dat te kontrolearjen. Dat liket har earst wol nei fleanen, mar Mark wit har oer te heljen.

It docht bliken dat Muldano Clifford ferteld hie dat er it lyk fan senator Boyette ûnder de betonnen flier fan Clifford syn eigen boathûs bedobbe hie. Mark en Reggie kringe dêrom by nacht troch yn 'e eftertún fan Clifford. Dat dogge se fia de tún fan 'e buorlju, dat paranoïde lju binne mei warskôgingsbuorden tsjin ynbrekkers om it hiele hûs hinne. Underwilens is Muldano ree om it lyk fan Boyette te ferpleatsen, mei't de plysje klear is mei it ûndersyk yn 'e wente fan Clifford. It boathûs sit mei keatlings en hingslotten ôfsletten, mar Mark klimt troch in heech finster nei binnen ta. Hy is dêr noch as Muldano mei Gronke en Bono opdaagjen komt. Hy ferstoppet him yn Clifford syn boat en sjocht ta hoe't Muldano-en-dy mei houwielen it beton ûnder de boat stikken begjin te slaan, dêr't yndie in lyk ûnder sit.

As er stilwei út it boathûs besiket te klimmen, kriget Muldano him troch. Mark wit nei bûten te kommen en naait mei Reggie út, mar Muldano efterhellet harren. Yn in wrakseling mei Reggie rekket er syn pistoal kwyt, dat oppakt wurdt troch Mark. Dy wol him deasjitte, mar dat wurdt him troch Reggie ûntpraat. As se it pistoal fan him oernommen hat, sjit se ynstee fan op Muldano op it hûs fan 'e buorlju, dêr't fuortendaliks alle ljochten oan geane en alaarmen begjinne te sketterjen. De buorman komt mei in jachtgewear nei bûten ta en begjint om him hinne te sjitten. Muldano-en-dy beseffe dat it hjir mei gauwens optille sil fan 'e plysje, dat se kieze it hazzepaad. Yn 'e gaos witte ek Mark en Reggie hielhûds fuort te kommen.

As Muldano by syn omke komt, besiket er Gronke en Bono de skuld fan it fiasko te jaan, mar Sulari hat no syn nocht fan syn ynkompetinte omkesizzer en stjoert him mei Gronke en Bono "om in lange rit te meitsjen", suggerearjend dat de beide hiermoardners Muldano út 'e wei romje moatte. De oare moarns nimt Reggie kontakt op mei Foltrigg, oan wa't se taseit de lokaasje fan it lyk fan Boyette trochspylje te sillen, sadree't Mark, syn mem en syn bruorke yn it tsjûgebeskermingsprogramma opnommen binne. Foltrigg stimt dêrmei yn en Mark en Reggie nimme hertlik ôfskie faninoar, mei't se inoar no nea wer sjen meie. Dêrnei foldocht Reggie oan har diel fan 'e ôfspraak. Foltrigg stjoert de FBI daliks nei Clifford syn boathûs ta, dêr't yndie it lyk fan 'e senator opdold wurdt. Sels giet er op 'e tillefyzje om 'syn' ûntdekking bekend te meitsjen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Susan Sarandon yn 2008.
Tommy Lee Jones yn 2017.
haadrollen
personaazje                              akteur/aktrise
Mark Sway Brad Renfro
Regina "Reggie" Love Susan Sarandon
ofsier fan justysje Roy Foltrigg Tommy Lee Jones


byrollen
personaazje akteur/aktrise            
Barry "The Blade" Muldano Anthony LaPaglia
Dianne Sway Mary-Louise Parker
Paul Gronke Kim Coates
Clint Von Hooser Anthony Edwards
rjochter Harry Roosevelt Ossie Davis
Johnny Sulari Ron Dean
brigadier Hardy Will Patton
Jerome "Romey" Clifford Walter Olkewicz
Ricky Sway David Speck
Jack Nance John Diehl
ofsier fan justysje Jason McThune J.T. Walsh
assistint-ofsier fan justysje Thomas Fink Bradley Whitford
FBI-agint Wally Box William Sanderson
Harry Bono William Richert
mem Love Micole Mercurio
sipier Doreen Kimberly Scott
dokter Greenway William H. Macy
ferpleechster Karen Amy Hathaway
"Slick" Moeller Dan Castellaneta
FBI-agint Scheff Andy Stahl
FBI-agint Boch Nat Robinson
resjersjeur Nasser Mark Cabus
FBI-agint #4 Tommy Cresswell

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Client waard regissearre troch Joel Schumacher nei in senario fan Akiva Goldsman en Robert Getchell op basis fan 'e skrillerroman The Client, fan bestsellerauteur John Grisham, út 1993. As produsinten wiene Arnon Milchan en Steven Reuther by it projekt belutsen foar de filmstudio's Regency Enterprises en Alcor Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $45 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Tony Pierce-Roberts, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Howard Shore.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Client waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 20 july 1994 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige The Client oer it algemien positive resinsjes. Janet Maslin neamde it yn The New York Times in film "mei in heech, no-nonsense tempo en trije priiswurdige optredens […] dy't hiel dúdlik de ienfâldige, enerzjike styl fan Grisham wjergalmet." Yn 'e Chicago Sun-Times wie Roger Ebert twifeliger oer The Client, dy't fan him mar 21/2 fan 4 stjerren krige.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Client in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 37 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] fynt miskien de fêste ûnderdielen fan it rjochtbankdrama net op 'e nij út, mar de stevige regisseurshân fan Joel Schumacher en in cast fan heech kaliber bringe de bestseller fan John Grisham ta libben mei meislepende spanning." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Client in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 18 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Client brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $92,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $25,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $117,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $45 miljoen betsjut dat in winst fan $72,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar har fertolking fan 'e rol fan Reggie Love yn The Client waard Susan Sarandon yn 1995 nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste aktrise. Se wûn dat jiers foar har rol de BAFTA yn deselde kategory.

Adaptaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It súkses fan The Client late ta it meitsjen fan in tillefyzjesearje basearre op itselde boek mei yn 'e haadrollen JoBeth Williams en John Heard. Dy searje hiet ek The Client, en rûn ien seizoen, fan 1995 oant 1996.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.