The Caller (roman fan Juliet Marillier)

Ut Wikipedy
The Caller
algemiene gegevens
auteur Juliet Marillier
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy, jongereinliteratuer
1e publikaasje 2014, New York
oarspr. útjwr. Knopf
rige
rige Shadowfell-trilogy
● foarich diel Raven Flight
● folgjend diel (lêste diel)
kodearring
ISBN 978-0 37 58 69 563

Raven Flight is in fantasy-roman foar jongerein, skreaun troch de Nijseelânske auteur Juliet Marillier. De titel betsjut: "De Ropper". It boek, dat fierhinne skreaun is yn it ik-perspektyf, fertelt it ferhaal fan 'e jonge Neryn, in mei boppenatuerlike talinten bejeftige famke yn in lân dêr't lju om sokke dingen ferfolge wurde. The Caller is it trêde diel fan 'e Shadowfell-trilogy en as sadanich it ferfolch op Raven Flight. De roman waard yn 2014 publisearre troch de Amerikaanske útjouwerij Knopf. Marillier wûn der yn 2015 in Sir Julius Vogel Award mei yn 'e kategory bêste jeugdroman. It boek waard yn 2015 yn it Nederlânsk oerset troch Selma Soester en ûnder de titel De Ontbieder publisearre troch Utjouwerij Luitingh-Sijthoff.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Caller spilet yn it optochte lân Alban (basearre op in Midsieuske foarm fan Skotlân), dêr't lju mei boppenatuerlike talinten ferfolge wurde troch de Oftwingers, de elitesoldaten fan 'e wrede kening Keldec. Yn 'e foargeande dielen fan 'e trilogy, Shadowfell en Raven Flight, waard ferteld hoe't de jongfaam Neryn, bejeftige mei krêften dy't se sels net begriep, nei in lange en gefaarlike reis de Skaadberch berikte, dat de basis is fan 'e lêste rebellen tsjin 'e tiranny fan Keldec. Underweis ûntdiek hja dat hja in 'ropper' is, in minske dy't it fermogen hat om boppenatuerlike wêzens op te roppen en opdrachten te jaan. Hja mette ek in mysterieuze man dy't letter de Master fan 'e Skaden bliek te wêzen, ien fan 'e fjouwer hearskers oer de boppenatuerlike wrâld fan Alban. Neitiid sette Neryn útein mei in kweeste dy't har by elts fan 'e oare trije hearskers bringe soe. Se besocht it Aldwiif fan 'e Eilannen en de Hear fan it Noarden en gie by dy beide yn 'e lear ear't se foar de winter weromkearde nei de grotten fan 'e Skaadberch. Dêr oankommen die bliken dat de garismatyske Regan, de lieder fan 'e rebellen, omkommen wie by in konfrontaasje mei in ealman dy't trou wie oan kening Keldec. Dêrop foel it oan Neryn har freondinne Tali ta om 'e lieding oer de opstân oer te nimmen.

Om't de Lannan Langearm, in ynfloedryk ealman, as betingst foar syn stipe oan 'e opstân stelt hat dat dy uterlik op midsimmer plakfine moat, hat Neryn no noch mar in healjier om 'e Wite Frouwe en op 'e nij de Master fan 'e Skaden te besykjen. Har freon Flúster, ien fan it Goedfolk, sa't de boppenatuerlike wêzens fan Alban kollektyf neamd wurde, biedt oan om syn magy te brûken om har nei it easten te bringen dêr't de Wite Frouwe tahâlde moat. It foardiel is dat soks Neryn in lange reis te foet besparje soe, mar it neidiel is dat der dan nimmen mei kin as har beskermer. Flúster biedt oan om sels dy rol op him te nimmen en úteinlik stimme Neryn en Tali út tiidneed mei syn plan yn.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neryn en Flúster witte yndie de Wite Frouwe te finen, mar troch wat op befel fan kening Keldec mei it lân dien is, is sy útinoar fallen yn in tal lytse wjukte wêzentsjes dy't elts neat grutter binne as in ynsekt. Likegoed wit Neryn har te oer te heljen om har te ûnderrjochtsjen, mar yn in stoarm slacht by swierwaar it needlot ta: de wjerljocht slacht yn yn 'e skûle fan 'e Wite Frouwe en alle wêzentsjes op ien nei komme om. Neryn neamt it oerbleaune wêzentsje Fluiter. Mei de tolvejierrige Silva, de lêste preesteresse fan 'e Wite Frouwe, wit se in nije wente foar Fluiter te finen, op in âld hillich plak dêr't in rûnte fan rjochtoppige stiennen stiet. Troch de beskerming dy't dat plak biedt en de trouwe tsjinst fan Silva ferskine der neitiid almar wer mear fan 'e lytse wêzentsjes oant de Wite Frouwe har âlde krêften weromfûn hat.

Underweis nei it hillige plak mei de stienrûnte hat Neryn in ôfgryslik ding sjoen: in grut tal fan it Goedfolk dat ûnder twang meifierd waard nei it kastiel fan kening Keldec om yn syn leger te tsjinjen. Blykber hat Keldec in eigen ropper fûn, en ek Flúster rekket betize yn dy syn boaze rop. Dêrop beslút Neryn dat har syktocht nei de Master fan 'e Skaden mar oergean moat, om't it op dit stuit wichtiger is dat se har by de hofhâlding fan 'e kening jout om 'e ynfloed fan Esten, de nije ropper, te bedimjen. Mei in groep rebellen út it suden betinkt se in plan om 'e hofhâlding te ynfiltrearjen as Ellida, de frou fan Morven. Har 'man' (yn it echt de rebel Brenn) is sabeare in kriichsman dy't der al syn hiele libben fan dreamd hat om by de Oftwingers fan kening Keldec te tsjinjen. Ek Ellida, dy't in protte fan 'e genêskeunst ôfwit, is in oanwinst foar de Oftwingers.

De folgjende moannen bringt Neryn sadwaande oan it Keninklik Hof troch, dêr't ek har grutte leafde Flint him befynt. Dyselde spionearret dêr al jierrenlang foar de rebellen, en is yn dy tiid opklommen ta ien fan 'e lieders fan 'e Oftwingers. It docht bliken dat kening Keldec en keninginne Varda mei harren wrede en ûnreedlike hâlden en dragen mear fijannen makke hawwe as dat se sels beseffe. De hofhâlding broeit fan 'e ûnfrede, en sels in diel fan 'e Oftwingers wifket yn syn trou oan 'e kening. It hiele spul komt ta útbarsting op 'e Midsimmergearkomste, as Tali opstiet mank it miene folk en de kening opropt om rekkenskip ôf te lizzen.

Ynstee stjoert dy soldaten om har op te pakken, en dêrop ûntstiet der in gefjocht mei de oare rebellen dy't har tusken it folk ferskûle hiene. As de striid him útwreidet docht bliken dat Lannan Langearm, Gormal fan Glenfalloch en ferskate oare eallju oan 'e kant fan 'e rebellen steane. Keninginne Varda hjit Esten om it Goedfolk op te roppen om foar de kening te fjochtsjen, mar Neryn har rop is sterker mei't se better ûnderlein is en net tsjin 'e wil fan it Goedfolk yngiet. Ek in diel fan 'e Oftwingers rint oer nei de kant fan 'e rebellen, mar likegoed liket it in lange en bloedige fjildslach te wurden. Neryn makket dêr in ein oan troch de fjouwer hearskers fan it Goedfolk sels op te roppen, dy't it near lizze op fierdere striid. De oanhingers fan Keldec jouwe har oer, en de Hear fan it Noarden en de Master fan 'e Skaden nimme de kening, resp. de keninginne op 'e noed oant oer harren lot beslist wurde kin. It bewâld oer Alban wurdt oernommen troch in regintskipsried besteande út eallju en rebellelieders. Neryn is dêr net by belutsen, mei't sy mei de ferwûne Flint ôfreizget nei it domein fan it Aldwiif fan 'e Eilannen. De trilogy beslút dermei dat harren houlik troch it Aldwiif ynseinge wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: