The Big Sleep

The Big Sleep (Ingelsk: "De Grutte Sliep") is in misdieroman fan 'e skriuwer Raymond Chandler, út de Feriene Steaten, mar opbrocht yn Grut Brittanje. It boek kaam yn 1939 út by Alfred A. Knopf, Inc. De titel is in eufemisme foar de dea.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferhaal spilet him ôf yn Los Angeles en is opmerklik om't in soad yntriges en ûnferwachte winskings it ferhaal kompleks meitsje.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun. As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Priveedetektive Philip Marlowe wurdt ynhierd troch generaal Sternwood, in rike, ferlamme man, dy't Marlowe fertelt dat er syn help wol omdat syn dochter Carmen sjantearre wurdt troch Arthur Gwynn Geiger, in boekhanneler. Marlowe oanfurdiget de opdracht, mar ear't er fuortgiet freget Asteran, de twadde dochter fan generaal of er ynhierd is om har man Rusty Regan weom te finen, dy't in moanne werom ferdwûn is. Marlowe giet nei Geigers boekhannel en ûntdekt dat it in útliensaak foar pornografyske boeken is. Marlowe spoart Geiger op. dy't folget nei de man syn hûs. Hy sjocht dat ek Carmen Sternwood binnen is. Ynienen is der in flits fan in fototastel, folge troch in skreau fan Carmen. Marlowe komt nei it hûs ta en der wurdt trije kear sketten, en immen rint fuort. Binnen sit Carmen drogearre en neaken op in stoel foar in kamera, mei oan har fuotten it lyk fan Geiger; de film is lykwols fuort. Marlowe bringt it famke nei har hûs, mar as er weromkomt, is Geigers lichem ferdwûn. De oare deis lit de plysje him witte dat de auto fan de Sternwoods fûn is, fan in pier de oseaan yn riden, mei it lyk fan de sjauffeur der noch yn. Ek de plysje freget oft er op 'e syk is nei Regan.
Neigeraden dat it ferhaal him ûntteart, fynt Marlowe út dat de sjauffeur fereale wie op Carmen Sternwood, en Geiger deade hat om de fotos. Ek in oare figuer, in Joe Brody, liket wat mei de moard op Geiger te krijen te hawwen, mar dy wurdt ek dea dien. It docht bliken dat Brody en Agnes Lozelle, in meiwurker fan Geiger, it plan opfette hiene om Geigers winstjaande saakje oer te nimmen. Brody is ek wa't de negativen en ôfdrukken fan de foto's fan Carmen Sternwood hat. As Marlowe letter besiket om ynformaasje en foto's fan syn klient fan Brody los te krijen wurdt Brody ek fermoarde. Sels as de detektive úteinlik beslach leit op de foto's, blykt it ferhaal oer de sjantaazje net te klopjen, en Marlowe set syn ûndersyk fierder.
Personaazjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Philip Marlowe, priveedetektive
- Generaal Sternwood, in rike en sike âlde man
- Vivian Sternwood, de âldste dochter fan 'e generaal
- Terrance "Rusty" Reagan, Vivian's lang ferlerne man
- Carmen Sternwood, de jongere dochter fan 'e generaal
- Owen Taylor, de sjauffeur fan 'e Sternwoods
- Norris, de butler fan 'e Sternwoods
- Arthur Gwynn Geiger, boekferkeaper en pornograaf
- Carol Lundgren, Geiger's jonge leafste
- Agnes Lozelle, Geiger's boekhannelsklerk en in krimineel
- Eddie Mars, in misdiedbaas
- Mona (Grant) Mars, syn frou
- Joe Brody, in oplichter en Mona Mars' eks-leafste
- Bernie Ohls, in plysjeûndersiker en Marlowe's freon
- Taggart Wilde, de distriktsadvokaat
- Kaptein Cronjager, de pleatslike plysjekaptein en Marlowe's fijân
- Harry Jones, in boef
- Lash Canino, hiermoardner
Wurdearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan it ferhaal is yn 1946 in film makke troch Howard Hawks, mei Humphrey Bogart en Lauren Bacall. It doch as al te maklike ferhaal waard noch yngewikkelder trochdat guon parten yn de film net opnaam waarden. Yn 1978 waard de film nochris dien. Dy ferzje omfiemet parten oer drugsferslaving, homoseksualiteit, pornografy en neakenens, dy't yn yn 1046 net koenen fanwegen it publyk. Lykwols wie disse ferzje set yn it Londen fan de jierren 1970.
It boek The Big Sleep waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.