Springe nei ynhâld

The African Queen (film út 1951)

Ut Wikipedy
The African Queen
film
makkers
regisseur John Huston
produsint Sam Spiegel
John Woolf
senario John Huston
James Agee
Peter Viertel
John Collier
basearre op de roman fan C.S. Forester
kamerarezjy Jack Cardiff
muzyk Allan Gray
filmstudio Horizon Pictures
Romulus Films
distribúsje United Artists (Feriene Steaten)
Independent Film Distr. (Fer. Ken.)
spilers
haadrollen Humphrey Bogart
Katharine Hepburn
byrollen Robert Morley
Peter Bull
Theodore Bikel
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 26 desimber 1951
foarm langspylfilm
sjenre romantyske aventoerefilm
taal Ingelsk (ek in bytsje Dútsk en Swahily)
spyltiid 105 minuten
budget en resultaten
budget $1 miljoen
opbringst $10,8 miljoen
prizen 1 × Oscar

The African Queen is in Amerikaansk-Britske romantyske aventoerefilm yn Technicolor út 1951 ûnder rezjy fan John Huston. De haadrollen waarden spile troch Humphrey Bogart en Katharine Hepburn. De titel betsjut "De Afrikaanske Keninginne" en ferwiist nei de namme fan in boat. De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan C.S. Foresteer. It ferhaal giet oer de suster fan in Britske sindeling yn Dútsk-East-Afrika, dy't yn 1914, by it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch, in Kanadeeske skipper oerhellet om te besykjen in Dútske kanonnearboat út te skeakeljen. Dy behearsket nammentlik in strategysk leine mar en behinderet dêrmei in Britske ynfal yn 'e Dútske koloanje. The African Queen krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar fjouwer Oscars. Bogart wûn de priis foar bêste akteur. Tsjintwurdich wurdt de film as in klassiker beskôge. Yn 1994 waard The African Queen opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Samuel Sayer is in Ingelsman dy't mids 1910-er jierren al tsien jier as sindeling wurket yn 'e koloanje Dútsk-East-Afrika (no Tanzania). Syn ûntroude suster Rose wennet by him yn en tsjinnet as syn húshâldster, assistinte en oargeliste. De post en foarrieden foar harren misjepost Kungdu wurde ienris yn 'e moanne ôflevere troch Charlie Allnut, in Kanadeeske hampelman dy't de skipper is fan in lytse steamboat, de African Queen. Allnut is net botte ferfine yn syn hâlden en dragen en syn fleurige mar lompe oanwêzigens wurdt troch de Sayers mei tsjinnichheid dulde.

Yn augustus 1914 bringt Allnut de Sayers it nijs dat der yn Jeropa oarloch útbrutsen is tusken û.m. it Feriene Keninkryk en it Keizerryk Dútslân. Dat betsjut dat de Sayers har no op 'e gerjochtichheid fan in fijannich lân befine. Nettsjinsteande dat beslute se om yn Kungdu te bliuwen. Mar dyseldichste deis noch arrivearje der in pear Dútske ofsieren mei in peloton koloniale troepen, dy't de misjepost en it dêromhinne groeide doarp platbrâne en de lânseigen ynwenners fuortfiere om ronsele te wurden as soldaten. As Samuel Sayer dêrtsjin protestearret, wurdt er mei de kolf fan in gewear yn it gesicht huft, dat er derhinne falt. Letter, as er wer by besleur komt, docht bliken dat er net alhiel mear goed by de holle is. Hy kriget koarts en begjint te dwyljen, en de oare moarns ier komt er te ferstjerren. Allnut keart dy deis werom mei de African Queen, mei't er fan 'e lânseigen befolking oer de ynfal fan 'e Dútsers heard hat. Hy helpt Rose en begraaf har broer, en dêrnei nimt er har oan board fan syn steamboat om har nei in plak te bringen dêr't se wei weromkin nei Jeropa.

Wylst se stadich de rivier ôfsakje, merkt Allnut op in stuit tsjin Rose op dat de Britten gjin ynvaazje fan Dútsk-East-Afrika útfiere kinne om't alle tagongswegen tichtset binne troch ûnbegeanber tropysk reinwâld. Se soene inkeld oer de grutte mar farre kinne dêr't de rivier yn útmûnet, mar dêr hawwe de Dútsers in mânske kanonnearboat postearre, de Königin Luise, bewapene mei de grutste kanonnen yn dit diel fan Afrika. Rose, dy't sint op wraak op 'e Dútsers foar de ferwoastging fan har libben, fettet it idee op om mei de African Queen nei de mar te farren, troch ferskate ûnbefarber achte streamfersnellings hinne. Mei eigenmakke torpedo's fan it springstof (bedoeld foar de mynbou) en de soerstofflessen dy't de African Queen ferfiert, soene se dan de Königin Luise ta sinken bringe kinne. Allnut liket dat earst wol nei fleanen, mar Rose kin him mei wurden wol oer, dat úteinlings lit er him beprate.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Allnut lit Rose it roer betsjinje wylst er sels mei de steammasine dwaande is. Nei't se de earste streamfersnellings passearje en dêrby minimaal wetter meitsje, fielt Rose har rjochtfeardige yn har ûnderstelling dat har plan útfierber is. Boppedat is it passearjen fan 'e streamfersnellings it spannendste dat se ea dien hat, dat se is alhiel útskroeven oer de ûnderfining. Allnut warskôget har lykwols dat de oare streamfersnellings folle gefaarliker binne en dat se boppedat earst in Dútsk fort foarby moatte. Hy hat him ûnderwilens betocht en wol net fierder. Rose neamt him in liger, om't er syn wurd brekt. By wize fan ferjilding jit se alle flessen jenever oerboard dy't by de lading hearre (en dêr't Allnut út en troch graach in slokje fan nimme mei). Lang om let jout Allnut ta en sette se de reis nei de mar fuort.

By Fort Shona besykje Allnut en Rose om sa fluch mooglik foarby te farren, mar as de Dútsers foar it ferstân krije dat se net fan doel binne om ho te hâlden, iepenje se it fjoer. De boiler rekket skansearre en in hegedrukslang rekket los, sadat se alle faasje ferlieze. Allnut weaget syn libben om 'e slang wer oan te sluten. In Dútske ofsier mei in skerpskuttersgewear kriget him yn it fizier, mar krekt as er him deasjitte sil, skynt de sinne him yn 'e eagen en sjocht er neat mear, sadat er it oerjaan moat.

De African Queen wurdt net troch de Dútsers efterfolge om't fuort foarby Fort Shona de twadde rige streamfersnellings begjint. Diskear giet it oansjenlik mâlder, en de boat makket in protte wetter, dat neitiid wer oerboard eazge wurde moat. As se ek de twadde streamfersnellings oerlibbe hawwe, jûchheie Allnut en Rose en krûpe inoar yn útlittenens oan, mei as gefolch dat se inoar foar it earst seksueel gewaarwurde. Se besykje harren âlde, ôfhâldige wize fan omgean wer oan te nimmen, mar tsjin 'e jûn eskalearret in yn 't earstoan ûnbewuste oanrekking ta in ynlike tút. Dy nachts sliepe se tegearre en tsjin 'e oare moarn binne se in pearke wurden.

De trêde rige streamfersnellings is fierwei de swierste. De African Queen giet by it passearjen dêrfan op in hier nei te sink en komt fol wetter te stean. Nei't Allnut en Rose dat der allegearre út eazge hawwe, docht bliken dat de romp noch hiel is, mar de skroefstange is ferbûgd en fan 'e skroef is ien fan 'e trije blêden ôfbrutsen. Nei in idee fan Rose set Allnut op 'e wâl in primitive smeltûne op. Hy ferhjittet de stange oant er dy mei de hammer rjocht slaan kin en lasket in nij blêd oan 'e skroef.

Sa kinne se wer fierder, mar op it plak dêr't de rivier útmûnet yn 'e mar ferdwale se in yn sompe fan mear as mânselheech reid. De African Queen komt fêst te sitten yn 'e drek en alles liket ferlern, mei't Allnut en Rose net beseffe dat se mar in fyftich meter fan 'e iepen wetters fan 'e mar ôf binne. Sûnder drinkber wetter rekket Allnut oanhelle mei koarts, sadat er it bewustwêzen ferliest. Rose begrypt dat se hjir stjerre sille as der gjin wûnder bart. Se bidt oan God om útkomst foar't se der sels ek hinne falt. Dy nachts begjint it streamop te stjalpreinen, en tsjin 'e moarn berikt al it wetter de mûning fan 'e rivier, dêr't de African Queen mei syn sliepende opfarrenden oer de drek hinne tild en nei de mar ta spield wurdt.

Wannear't se wekker wurde, witte Allnut en Rose net wat se sjogge as se beseffe dat se dochs noch op 'e mar bedarre binne. Mar se sette daliks útein mei it tarieden fan harren torpedo's. Om't se gjin meganismen hawwe om 'e wapens mei ôf te fjurjen en se nei har doel te lieden, beslute se de African Queen te brûken. Se meitsje in pear gatten yn 'e foarstjûne fan 'e boat, dêr't se de torpedo's trochhinne stekke. As se no by nacht de Königin Luise benei komme kinne en by it oare skip opfarre, sil in yngenieus mar primityf ûntstekkingsmeganisme dat troch Allnut betocht is, derfoar soargje dat beide boaten de loft yn geane. Wannear't se by nacht de mar opfarre om 'e Königin Luise op syn fêste surveillânserûte oer it mad te kommen, docht lykwols bliken dat it waar fiersten te wyld is. De weagen klotse by de foarstjûne fan 'e African Queen op, sadat de boat folrint fia de torpedogatten. Lang om let kapseist de boat en reitsje Allnut en Rose te wetter. Yn it tsjuster ferlieze se inoar út it each.

De oare moarns docht bliken dat Allnut it gefaarlike nachtlike aventoer oerlibbe hat en oppikt is troch de bemanning fan 'e Königin Luise. Oan board wurdt er ûnderfrege troch de kaptein en de oare ofsieren. Mei't er yn 'e oertsjûging ferkeart dat Rose ferdronken is, hat it libben foar him gjin sin mear. Dêrom besiket er net en ferdigenje himsels tsjin 'e beskuldiging dat er in Britske spion is. De kaptein feroardielet him ta de dea troch ophinging. Krekt op dat stuit is der leven as inkele matroazen yn in roeiboat Rose oan board fan 'e Königin Luise bringe, dy't se út 'e mar opfiskje hawwe. De kaptein ûnderfreget har ek, en as se foar it ferstân kriget dat Allnut de deastraf al oplein krigen hat, bekent se har plan om 'e Königing Luise op te blazen, sadat se tegearre stjerre kinne. De kaptein jout har har sin en feroardielet ek har ta de dea.

Wannear't se letter op it dek steane mei de strûpe al ree, freget Allnut de kaptein om harren te trouwen foar't se eksekutearre wurde. De kaptein stimt dêryn ta en lasket in tige koarte houliksseremoanje yn, dy't einiget mei in tút fan it breidspear. As it dêrnei dan echt heve sil mei de dûbele terjochtstelling, fart de Königing Luise oer it frijwol hielendal ûnder wetter omdriuwkeljende wrak fan 'e African Queen hinne. De romp fan 'e Königin Luise rekket de torpedo's, dy't ôfgeane en ûnder de wetterline in grut gat yn 'e Dútske kanonnearboat slane. It skip kapseist en alle opfarrenden reitsje te wetter. Allnut en Rose meitsje fan 'e gaos gebrûk om tegearre al swimmend út te piken.

Humphrey Bogart yn The African Queen
Katharine Hepburn yn The African Queen.
haadrollen
personaazje                               akteur/aktrise
Charlie Allnut Humphrey Bogart
Rose Sayer Katharine Hepburn


byrollen
personaazje akteur/aktrise      
dû. Samuel Sayer Robert Morley
kaptein fan 'e Königin Luise Peter Bull
earste ofsier fan 'e Königin Luise Theodore Bikel
twadde ofsier fan 'e Königin Luise Walter Gotell
earste ofsier fan Fort Shona Peter Swanwick
twadde ofsier fan Fort Shona Richard Marner

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The African Queen waard regissearre troch John Huston nei in senario fan himsels, James Agee, Peter Viertel en John Collier op basis fan fan 'e roman The African Queen fan C.S. Forester, út 1935. As produsinten wiene Sam Spiegel en John Woolf by it projekt belutsen foar de filmstudio's Horizon Pictures en Romulus Films. Dêrmei wie The African Queen in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $1 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jack Cardiff, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Allan Gray.

It skript foar de film waard ferskate kearen oanpast. De filmsinsuer hie beswieren tsjin ûnderskate eleminten fan it oarspronklike senario, lykas in man en in frou dy't tegearre op in boat omhúsmanje en mei-inoar sliepe sûnder troud te wêzen. Dêrom waard dat aspekt fan it ferhaal ôfswakke ta suggestjes (bgl. in byld fan lege tekkens dêr't dúdlik twa persoanen ûnder sliept hawwe, ynstee fan sjen te litten dat de haadpersoanen mei-inoar sliepe). In oare wichtige feroaring oan it skript waard trochfierd op fersyk fan haadrolspiler Humphrey Bogart. De rol dy't hy spile, fan Charlie Allnut, wie yn 'e roman en it oarspronklike senario in Londener út 'e arbeidersklasse, dy't mei in swier Cockney-aksint spriek. Bogart, in Amerikaan, fielde der lykwols neat foar om him dêroan te weagjen, dat doe waard fan Allnut ynstee in Kanadees makke.

The African Queen waard foar in diel finansierd troch de bruorren John en James Woolf fan Romulus Films, dat in Britsk bedriuw wie. Michael Balcon, in adviseur fan 'e Nasjonale Filmfinansieringskorporaasje (NFFC), rikkemandearre de NFFC oan om in liening oan 'e bruorren Woolf te wegerjen as de haadrollen yn 'e film net taparte waarden oan 'e Ingelske akteurs John McCallum en Googie Withers ynstee fan oan 'e Amerikanen Humphrey Bogart en Katharine Hepburn, dêr't de bruorren Woolf har sinnen op set hiene. De Woolfs wisten lykwols John Reith, 1e baron Reith, de foarsitter fan 'e NFFC, te bepraten om it advys fan Balcon oan kant te reagjen, en sa koe de film trochgean.

De opnamen foar The African Queen fûnen likernôch foar de helte plak op lokaasje yn Afrika, spesifyk yn it Protektoraat Oeganda, in Britske koloanje, en yn 'e Belgyske Kongo. Dat wie hiel apart, mei't doedestiden de measte films folslein yn 'e studio opnommen waarden. It waard noch dreger makke trochdat The African Queen yn Technicolor filme waard, wêrfoar't in bombidige kamera mei ûnderskate trije filmrollen nedich wie.

De cast en de crew hiene yn Afrika te lijen ûnder Spartaanske libbensomstannichheden en waarden boppedat teheistere troch sykte. Yn 'e iepeningssêne fan 'e film, wêryn't Katharine Hepburn yn 'e rol fan Rose oargelspilet yn 'e misjepost fan har broer Samuel wylst de Afrikaanske bekearlingen hymnen sjonge, stie bûten it sicht fan 'e kamera in amer njonken it oargel, dêr't de deasike Hepburn tusken de takes troch yn spuie koe. Har tsjinspiler Humphrey Bogart sei letter dat hy en regisseur John Huston de iennichsten wiene dy't yn Afrika net siik wurden wiene; neffens him wie dat deroan te tankjen dat sy beiden oan ien wei troch whiskey dronken hiene ynstee fan it pleatslike drinkwetter.

Katharine Hepburn en Humphrey Bogart posearje op 'e filmset by it nammebuordsje fan 'e boat.

De oare helte fan The African Queen waard filme yn Ingelân, yn it filmstudiokompleks fan 'e Worton Hall Studios yn Isleworth, dat diel útmakket fan Grut-Londen. Dêr waarden bgl. alle sênes opnommen wêryn't Bogart en Hepburn har yn it wetter weagen. It waard nammentlik, mei it each op it rûnom foarkommen fan 'e Nylkrokkedil yn Afrikaanske oerflaktewetters, te gefaarlik achte om dy bylden op lokaasje te filmjen.

Neitiid ûntjoech him de myte dat de sênes yn it hege reid oan 'e mûning fan 'e rivier opnommen wiene yn Dalyan, yn Turkije, mar Hepburn skreau letter dat se by it filmjen yn Oeganda op it lêste stuit noch wat shots fan har en Bogart yn heech reid sketten hiene, en dat de rest fan 'e sênesekwinsje yn 'e studio yn Isleworth filme wie. De shots fan it Dútske Fort Shona waarden allegearre filme yn 'e studio. In oanhâldend mar ûnbefêstige geroft wol hawwe dat de populaasje fan ferwyldere halsbânparkiten yn Londen syn oarsprong fynt yn in stikmannich eksimplaren dy't ûnder de studio-opnamen fan The African Queen ûntsnapten of frijlitten waarden.

Foar it filmjen fan 'e sênes op 'e boat waard in grut flot makke, dêr't in neiboude eksakte replika fan 'e boat op rêste. De replika bestie út ferskate útnimbere ûnderdielen, dy't nei beleavjen fuorthelle wurde koene om romte te meitsjen foar de mânske filmkamera. Op in stuit ûntsnapte Hepburn dêrby oan slimme ferwûnings, doe't de swiere koperen replika fan 'e steammasine omfoel en hast boppe-op har telâne kaam. Dat ding wie net fêstset om't ek dat fuorthelle wurde moatte koe foar de kamera. Foar de sênes mei de streamfersnellings waard in skaalmodel fan 'e boat brûkt yn in studiotank yn Isleworth. De lytse steamboat dy't yn 'e film yn ôfstânsshots trochgiet foar de African Queen wie yn 1912 yn Ingelân boud foar tsjinst yn Afrika. Yn april 2012 waard er folslein restaurearre en no is it in toeristyske besjensweardichheid yn Key Largo, op 'e Florida Keys.

It skip dat yn 'e film trochgiet foar de Dútske kanonnearboat Königin Luise wie eins de steamsleepboat Buganda, dy't op 'e Fiktoariamar yn 'e feart wie by de Eastafrikaanske Spoarline- en Havenkorporaasje (EARHC). Hoewol't de Königin Luise net echt bestien hat, wie it skip ynspirearre troch de Graf von Götzen, in echte Dútske kanonnearboat út 'e Earste Wrâldoarloch dy't de Tanganjikamar foar de Britten ûnfeilich makke oant er yn 1916 by de Slach om 'e Tanganjikamar ta sinken brocht waard troch de Dútsers sels. (De Britten hellen it skip yn 1924 wer boppe wetter, wêrnei't se it ombouden. Yn 1927 kaam it as de MV Liemba yn 'e tsjinst as in fearboat, en yn dy hoedanichheid tsjinne it yn 2015 noch.)

De distribúsje fan The African Queen waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch United Artists (UA) en yn it Feriene Keninkryk troch Independent Film Distributors. De film gie op 26 desimber 1951 yn Beverly Hills yn premiêre, sadat er noch meitingje koe nei de Oscars fan 1952. The African Queen iepene dêrnei op 20 febrewaris 1952 yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn 2009 waard de film folslein digitaal restaurearre mei gebrûkmeitsjen fan 'e orizjinele kameranegativen. Op 23 maart 2010 waard dy ferzje fan The African Queen útborcht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige The African Queen oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau Edwin Schallert fan 'e Los Angeles Times dat de film "yndruk meitsje moatte soe mei syn nijichheid, sawol op it mêd fan casting as wat de skildereftigens fan 'e bylden oangiet". Hy fûn de ein "frijwat forsearre en sels ûnoannimlik, mar melodramatysk genôch […] om effektyf in bioskooppublyk oan te sprekken". Yn The New York Times neamde Bosley Crowther The African Queen "in glêd potsje filmbedroch, mei in troch en troch ûnwierskynlike românse, omjûn troch in ramt fan wyld aventoer". Hy heakke dêroan ta: "Dit alles wurdt net op ûngeunstige wize opmurken."

De trailer fan The African Queen.

It tydskrift Variety neamde The African Queen "in meislepende film". Ek skreau it: "Wat syn aktearjen oanbelanget, hat Bogart him noch nea fan in bettere kant sjen litten. Noch hat er ea in kundiger, mear talintearre filmpartner hân as juffer Hepburn." Yn The Washington Post skreau Richard L. Coe: "Huston hat in riskante trúk weage en foar it meastepart wit er it yn prachtige styl op te rêden. En fan syn beide stjerren hat er aktearprestaasjes los witten te krijen dy't mei rjocht en reden nominearre binne foar Academy Awards […]."

Harrison's Reports foel út 'e toan mei in negative resinsje. It blêd skreau dat de film "syn mominten fan komeedzje en spanning hat, mar oer it algemien is de dialooch bernich, de aksje flau en it ferhaal lossongen fan eltse oantreklikens foar minsken. De personaazjes hâlde en drage harren like bernich as se prate, en krityske bioskoopgongers sille sûnder mis om harren laitsje moatte. Der is neat romantysk oan itsij Katharine Hepburn, itsij Humphrey Bogart, want allebeide sjogge se der de hiele film troch fersutere út." Ek The Monthly Film Bulletin wie net bêst oer The African Queen te sprekken: "Huston liket in stadich, stil tempo oanhâlde wollen te hawwen, hast in tempo mei omhalen[. M]ar it materiaal ûnderstipet dy kar net, en hie frijwat opbettere fan 'e skerpsinnigens dy't syn eardere films sjen lieten. Nettsjinsteande it treflike aktearjen fan Hepburn en guon ûnderhâldende sênes moat dizze film dêrom beskôge wurde as in misse set."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The African Queen in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 47 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "The African Queen is perfekt cast, fernimstich skreaun en prachtich filme, en sels nei mear as in heale iuw wêryn't [oare] aventoerefilms frijmoedich út [it] kreätive DNA [fan dizze film] liend hawwe, bliuwt er spannend, grappich en meislepend sûnder dêr war foar hoegen te dwaan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The African Queen in goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 15 resinsjes. Yn 1994 waard The African Queen troch de Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register omreden fan kultureel, histoarysk en/of estetysk belang.

The African Queen hie yn 'e bioskopen wrâldwiid in opbringst fan $10,8 miljoen, wêrfan likernôch $4 miljoen yn 'e Feriene Steaten en Kanada en £256.000 yn it Feriene Keninkryk. Ofset tsjin it budget fan $1 miljoen betsjut dat in winst fan $9,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Foar begripen út 1951 wie it dêrmei in grutte kommersjele kaskreaker.

Yn 1952 waard The African Queen by de Oscars nominearre foar prizen yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste aktrise (Katharine Hepburn) en bêste senario. Humphrey Bogart wûn foar syn rol yn 'e film de Oscar foar bêste akteur. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard The African Queen nominearre foar de prizen foar bêste film en bêste bûtenlânske akteur (Humphrey Bogart).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.