The Adventure of the Lady on the Embankment

Ut Wikipedy
The Adventure of the Lady
on the Embankment
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm novelle
sjenre detektive
1e publikaasje 1996, Boston
oarspr. útjwr. NESFA
bondel Dreamweaver's Dilemma
rige
rige Sherlock Holmes

The Adventure of the Lady on the Embankment is in detektivenovelle oer Sherlock Holmes fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It heart ta it sjenre fan 'e fanfiksje en is it ierste wurk fan har dat útjûn is; hja skreau it yn 'e jierren santich. Boppedat is it iennichste ûnderdiel fan hiel har fiksjonele oeuvre dat net ta de science fiction- of fantasy sjenres heart. The Adventure of the Lady on the Embankment waard foar it earst útjûn as ûnderdiel fan 'e bondel Dreamweaver's Dilemma, yn 1996.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lois McMaster Bujold, benammentlik bekend fan har tige by tige populêre science fiction-searje de Vorkosigan-kroniken en fan bekroande fantasyromans as The Curse of Chalion en Paladin of Souls, skreau The Adventure of the Lady on the Embankment yn 'e midden fan 'e jierren santich, doe't se as aptekersassistinte yn it Steatsuniversiteitssikehûs fan Ohio (the Ohio State University Hospitals), te Kolumbus, wurke, nei't se har universitêre stúdzje deroan jûn hie.[1]

Dit wie lang foar't Bujold oan har serieuze skriuwkarriêre begûn; hja publisearre har earste koarte ferhaal yn 1985, en har earste romans kamen it jiers dêrop út. The Adventure of the Lady on the Embankment waard pas útjûn yn 1996, as ûnderdiel fan Dreamweaver's Dilemma, in bondel novellen, koarte ferhalen en essays. Yn 2012 waard it werútjûn as ûnderdiel fan 'e e-boekkolleksje Proto Zoa.[2]

Lois McMaster Bujold op 'e Finncon-konvinsje te Tampere, yn Finlân (2012).

The Adventure of the Lady on the Embankment ("It Aventoer fan 'e Dame op 'e Kade") is in detektiveferhaal skreaun yn 'e foarm fan in novelle, dat ferteld wurdt yn it ik-perspektyf. De haadpersoan is Sherlock Holmes, dy ikoanyske speurder ûntspruten oan it brein fan 'e Britske skriuwer sir Arthur Conan Doyle, wylst it ferhaal ferteld wurdt troch syn trouwe selskipsman dr. Watson. The Adventure of the Lady on the Embankment is dêrmei eins in wurk fan fan-fiction, sa't it yn it Ingelsk neamd wurdt (in ferhaal skreaun troch ien of mear fans fan in beskaat boek of in beskate tillefyzjesearje of film, basearre op 'e troch copyright beskerme haadpersoanen dêrfan).

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sherlock Holmes wurdt derby helle as der op in Londenske junydei yn 1903 in frou op 'e kade fan 'e Teems oantroffen wurdt, dy't dweiltrochwiet, ferwûne en ferklomme is en wegeret om antwurd te jaan op 'e fragen fan 'e plysje. Om't Holmes him inkeld mei de feiten dwaande hâldt en himsels net, lykas de plysje, fiksearret op foarûnderstellings ("Wêrom besochten jo josels tekoart te dwaan troch jo yn 'e rivier te ferdrinken?"), kriget hý har wol oan 'e praat. It docht bliken dat de frou fanwegen ûnthâldsferlies sels net wit wa't se is, en allinne mar sizze kin wat har yn 'e ôfrûne pear dagen oerkommen is: dat se troch twa manlju fêstholden waard yn in hûs, en dat se útnaait en de Thames oerswommen is. Har wûnen hat se oprûn by it stikken slaan fan in rút. De iennichste oanknopingspunten binne har aksint, har hannen en de tige sekuere beskriuwing dy't se jout fan it hûs en de beide manlju. Har aksint tsjut op in Amerikaansk komôf. Oan 'e steat fan har hannen kin Holmes sjen dat se sigaren smookt (in tige nuvere oanwenst foar in frou) en lang mei gemikaliën wurke hat (hy konkludearret dat se in apteker of in aptekersassistinte wêze moat). Op grûn fan 'e beskriuwings dy't se jout, fermoedet Holmes dat it frommeske in fotografysk ûnthâld hat, in fermoeden dat er daliks befêstiget troch har in krante-artikel in kear oerlêze en dan wurd foar wurd opsizze te litten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Letter dyselde deis liket de saak himsels op te lossen, as in Ormond Sacker, waans uterlik oerienkomt mei de omskriuwing fan 'e jongste fan 'e beide manlju, him op Scotland Yard ferfoeget om syn suster Violet as fermist op te jaan. Sels Holmes (dy't dêr net by oanwêzich is, mar der letter oer ynljochte wurdt troch ynspekteur Lestrade) wurdt yn 't earstoan troch it oannimlike ferhaal foar it lapke holden. Sacker hâldt út dat syn suster oan in harsenkoarts litte en dat se gewelddiedige riten hie wêrby't se nimmen werkende. Dat is de reden dat hy en harren omke, dy't dokter is, har opsletten holden yn har sliepkeamer. Sûnt har flecht hawwe se alles nei har ôfsocht. Lestrade trapet deryn en lit Sacker it frommeske meinimme. Holmes nimt it ek foar wier oan, mar in gnauwend gefoel oer de saak makket dat hy dy jûns nei it adres giet dat Sacker de plysje opjûn hat. As dat falsk blykt te wêzen, warskôget er daliks Lestrade, mar tsjin 'e tiid dat er weromkomt by syn wente oan Baker Street, blykt it frommeske him dêr al op te wachtsjen, mei in stekwûne yn 'e earm. "Sacker" hat har meinommen nei in park en dêr besocht har dea te stekken, mar om't hja him al net fertroude, koe se de stek ôfwarre mei de earm, wêrnei't it har slagge him te ûntglûpen. Holmes bringt har daliks nei Watson ta, dy't har wûne fersoarget en op oankringen fan syn freon deryn tastimt om syn útfanhûzerskeamer ta har beskikking te stellen.

De folgjende dagen begjint de frou wat langer wat mear oantinkens werom te krijen. Sa blykt har namme bgl. Cordelia Naismith te wêzen (wat ynteressant is, want de heldinne yn Bujold har lettere science fiction-romans Shards of Honor en Barrayar hjit krekt sa). "Sacker", fan wa't Holmes al oertsjûge wie dat er by de moardoanslach op eigen manneboet hannele, wurdt dea oantroffen, fergiftige. De dieder is de oare man, de "omke", fan wa't it Cordelia no wer heucht dat er behalven dokter ek gifminger is. Se hat lange tiid foar him wurke as, yndie, aptekersassistinte, wêrby't se genêsmiddels klearmakke. Har fotografyske ûnthâld stelde har lykwols by steat en begryp út 'e lytse snipels oan ynformaasje, dy't se by de tiid lâns datoangeande opfong, dat de dokter in tsjustere side hie. Dat wie dan ek de reden foar har finzenskip: se wie tefolle oer syn praktiken oan 'e weet kommen. Mar de dokter, waans echte namme Lewis Brookman is, wie ek fereale op har rekke, dat har deadwaan wie foar him gjin opsje. Dêrom tsjinne er har in middel ta dat har ûnthâldsferlies opwekke, mar dat is lokkigernôch mar tydlik effektyf.

Tsjin 'e tiid dat Holmes en Watson dat alles te witten kommen binne, sette se in mûklaach op foar Brookman, mar dyselde is harren te fluch ôf as er mei in fjoerwapen Watson syn hûs ynkringt ear't se ree foar him binne. Cordelia wit him lykwols in momint ôf te lieden, wat Holmes en Watson oangripe om him op 'e hûd te springen. Yn 'e wrakseling dy't dan folget, moat Brookman belies jaan. Lestrade wurdt skille en de smjunt wurdt yn boeiens ôffierd. In wike letter komt Calvin Oser, in New Yorkske plysjeman en in freon fan Cordelia, oer út 'e Feriene Steaten om him oer har te ûntfermjen. Syn ferhaal follet de lêste gatten yn har ûnthâld op.

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Russysk (Priključenije Damy na Nabjerježnoj), fert. T. Čerjezova, 2003.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
  2. Bernardi, Michael, Full English Bibliography (www.dendarii.com).
  3. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).

Boarnen