Teti‘aroa
| Teti‘aroa | ||
| polityk en geografy | ||
| soarte gebiet | atol | |
| lân | ||
| oerseeske kollekt. | ||
| bestj. ûnderferdieling | Boppewynske Eilannen | |
| gemeente | Arue | |
| arsjipel | Genoatskipseilannen | |
| sifers | ||
| ynwennertal | (gjin permaninte bewenning) | |
| oerflak | 6 km² | |
| oar | ||
| tiidsône | UTC –10.00 | |
| simmertiid | gjint | |
| koördinaten | 17°0′ S 149°33′ W | |
| kaart | ||
De lizzing fan Teti‘aroa yn Frânsk-Polyneezje.
| ||
Teti‘aroa (Tahitiaanske útspr.: [tetiʔaˈroa], likernôch: "tee-ty-ah-roo-ah"), ek wol stavere as Tetiaroa, is in atol yn 'e Stille Oseaan, dat gjin permaninte bewenners hat. It heart ta de arsjipel fan 'e Genoatskipseilannen yn Frânsk-Polyneezje. Foarhinne wie it in fakânsje-oard foar de keninklike famylje fan Tahity, mar tsjintwurdich is it atol ûnder in 99-jierrige pachtoerienkomst yn 'e hannen fan 'e erven Marlon Brando. Der is in hotel-resort boud, The Brando Resort.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teti‘aroa is in atol yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, besuden de evener. It heart ta de Boppewynske kloft fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel dy't diel útmakket fan 'e gruttere regio Polyneezje. Dêr falle û.m. Tonga, Samoä, de Cookeilannen, de Hawaï-eilannen, Peaske-eilân en Nij-Seelân ek ûnder. Teti‘aroa leit it noardlikst fan alle Boppewynske Eilannen, op in ôfstân fan 33 km fan 'e noardkust fan Tahity.
It atol hat in oerflak fan likernôch 6 km² mei in ûndergrûn fan sân. It is ferdield yn 12 leechleine eilantsjes (motu), dy't yn 'e foarm fan in haadletter D om in lagune mei in diameter fan 7 km hinne lizze. De lagune is op it djipste punt likernôch 30 m djip. De eilantsjes wurde ûnderling ferbûn en oan 'e seekant omjûn troch in koraalrif, dat gjin iepening hat fan 'e iepen oseaan nei de lagune. Dat betsjut Teti‘aroa mei boaten frijwol ûntagonklik is.

Fan 'e súdwestlike hoeke ôf binne de eilantsjes: Onetahi, Honuea, Tiaruanu, Tauvini (of Tauini), Ahurea (of Auroa), Hira‘anae, Horoatera, ‘Ā‘ie, Tahuna Iti, Tahuna Rahi, Reiono, One en Rimatu‘u. Onetahi hat in lyts fleanfjild en is teffens it plak dêr't The Brando Resort oanlein is. Rimatu‘u is in beskerme fûgelreservaat. One is net mear as in sânbank dy't by êb boppe wetter komt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teti‘aroa hat nea gjin fêste bewenners hân, mar it bestean fan it eilân wie goed bekend by de Polyneezjers dy't har yn 'e midden fan it earste milennium nei wenjen setten op 'e súdliker leine Genoatskipseilannen, wêrûnder Tahity en Mo‘orea. It wie in plak fan fermaak foar de hegerein fan 'e Tahitiaanske noardkust, dat lange tiid yn it besit wie fan 'e haadlju fan Pare-‘Arue. Nei 1790 kaam it atol yn it besit fan 'e Pōmare-dynasty, dy't oant 1880 oer it Keninkryk Tahity hearske.
William Bligh, de kaptein fan it Britske skip de HMS Bounty (deselde dy't letter by in rebûlje ûnder syn bemanning oerboard set waard) soe yn 1789 de earste Jeropeaan west hawwe dy't Teti‘aroa te sjen krige.
Yn 1904 ferkocht it Tahitiaanske keningshûs Teti‘aroa oan Johnston Walter Williams, in Kanadees dy't doedestiden de iennichste toskedokter op Tahity wie. Letter wied er fan 1916 oant 1935 ek de Britske konsul yn Frânsk-Polyneezje. Hy sette him nei wenjen op it atol en lei der in plantaazje oan om kopra te ferbouwen.
Yn 1960 waard Teti‘aroa 'ûntdutsen' troch de Amerikaanske akteur Marlon Brando doe't er yn Frânsk-Polyneezje filmlokaasjes ferkende foar de film Mutiny on the Bounty, dy't twa jier letter opnommen waard op Tahity en Mo‘orea. Nei't it filmjen dien wie, liet Brando him troch in pleatslike fisker oerfarre nei Teti‘aroa, dêr't er alhiel yn 'e besnijing fan it atol rekke. Yn 1966 kocht er it oan fan in frou Duran, in direkte ôfstammelinge fan Williams. Tsjinwurking fan it bestjoer fan Frânsk-Polyneezje resultearre der úteinlings yn dat it atol eigendom waard fan 'e Frânske steat, dy't it foar de doer fan 99 jier oan Brando ferpachte.
Brando sette him yn 1970 nei wenjen op it eilantsje Onetahi, dêr't er tolve ienfâldige bungalows, in koken, in ytseal en in bar bouwe liet. Dêrfoar waarden natuerlike materialen brûkt: muorren fan kokospalmhout, dakken fan reid en waskbakken dy't eins grutte skulpen wiene. Hy lei ek in lâningsbaan oan, sadat it koraalrif net skansearre reitsje soe troch de oanhâldende oankomst en ôfreis fan boaten. It lytse doarpke waard in plak om te ûnthastgjen mei famyljeleden en freonen. Brando mocht der hiel graach wêze, mar kaam der nei eigen miening te min oan ta om him op Teti‘aroa werom te lûken.
Brando syn Tahitiaanske frou Tarita Teriipaia runde yn syn ôfwêzigens op Teti‘aroa in soartemint hoteltsje foar de argeologen en biologen dy't ûndersyk op it atol diene. Dat hotel bestie mear as 25 jier. Nei it ferstjerren fan Brando, yn 2004, gie it hotel ticht. Brando syn soan Teihotu wenne in pear jier allinnich op Teti‘aroa, wylst politisy yn Frânsk-Polyneezje har sterk makken foar it opsizzen fan 'e pachtoerienkomst om fan it atol in natoerreservaat te meitsjen. Dat plan rûn lykwols op 'e non. De eksekuteurs testamintêr fan Brando ferkochten doe de rjochten om Teti‘aroa te ûntwikkeljen oan Pacific Beachcomber SC, in Tahitiaansk bedriuw dat hotels yn hiel Frânsk-Polyneezje besit. Op it atol waard mei natuerlike en recycle materialen in moderner hotel oanlein, The Brando Resort, dat yn july 2014 iepen gie.

Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bestjoerlik falt Teti‘aroa mei de rest fan 'e Genoatskipseilannen en fjouwer oare arsjipellen (de Tûamotû-eilannen, de Markesaseilannen, de Gambiereilannen en de Australeilannen) ûnder Frânsk-Polyneezje. Dat is in semy-autonoom oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de dûbele politike status fan in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre mer, COM) en in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk (pays d'outre mer au sein de la République, POM).
Binnen Frânsk-Polyneezje leit Teti‘aroa yn 'e bestjoerlike ûnderferdieling (subdivision administrative) fan 'e Boppewynske Eilannen. It atol heart bestjoerlik ta de gemeente (commune) Arue dy't oan 'e noardkust fan Tahity leit. Teti‘aroa sels hat gjin permaninte bewenners, útsein it personiel fan The Brando Resort, mar dat wikselet.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teti‘aroa hat in tropysk klimaat, mei it hiele jier rûn hege temperatueren. Yn febrewaris en maart, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 30,4 °C, en yn augustus, de kâldste moanne, is dat 27,5 °C. Rekôrtemperatueren wiene 35,5 °C op 20 maart 1995 en 14,5 °C yn 'e nacht fan 25 july 1987. Teti‘aroa kriget jiers trochinoar 1.883 mm delslach, dy't foar it meastepart konsintrearre is yn it healjier fan novimber oant en mei maart.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
