Terni
| Terni | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| regio | ||
| provinsje | Terni | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 106.366 (31.07.2025)[1] | |
| Oerflak | 212,43 km² | |
| Befolkingsticht. | 500,71 ynw./km² | |
| Hichte | 130 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 05100 | |
| Koördinaten | 42°34' N 12°39' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.comune.terni.it | ||
| Kaart | ||
Terni is in stêd yn 'e regio Umbrje yn Itaalje. It is ek de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Terni stie yn 'e Aldheid bekend as Interamna Nahars, itjinge stêd tusken twa rivieren betsjut, in ferwizing nei de rivieren de Nera en de Serra. Foardat de Romeinen kamen wennen hjir Umbryske stammen. Terni waard nei alle gedachten yn 'e 7e of 6e iuw f.Kr. stifte.

Sûnt de 3e iuw f.Kr. wie Terni ûnderdiel fan it Romeinske Ryk. It waard in municipium, in stêd mei selsbestjoer, en ûntjoech him ta in wichtige plak oan 'e Via Flaminia, de dyk dy't Rome mei de Adriatyske kust ferbûn. Yn 'e Romeinske tiid hie Terni badhûzen, amfiteäters en timpels. In bekende persoan út dy tiid is Sint-Falentyn (San Valentino), dy't as beskermhillige fan 'e leafde bekend waard. Neffens de tradysje wie Falentyn biskop fan Terni yn 'e 3e iuw en hy ferstoar as martler.
Nei it Romeinske tiidrek rekke Terni, lykas in protte stêden yn Itaalje, yn ferfal troch ynfallen fan Eastgoaten en Longobarden. Om de 8e iuw hinne waard it ûnderdiel fan 'e Pauslike Steat. De stêd hie geregeldwei te krijen mei striid tusken pleatslike famyljes en machtige buorstêden lykas Spoleto en Perugia.
Yn 'e 13e en 14e iuw ûntjoech Terni him ta in frije stêd mei in eigen bestjoer, mar wol ûnder pauslik ynfloed. Yn 'e tiid dat de pausen ferballe wienen nei Avignon tusken 1309 en 1377 foel de Pauslike Steat bûten de direkte kontrôle fan 'e paus. De stêden yn 'e Pauslike Steat fochten meiïnoar of tsjin de pauslike autoriteit en Terni hie him by it bredere ferset tsjin de paus yn Umbrje oansletten. Yn 1353 stjoerde paus Innosintius VI de Spaanske kardinaal Gil Álvarez Carrillo de Albornoz nei Itaalje mei de opdracht om it pauslik gesach yn Midden-Itaalje militêr werom te winnen. Nei't Spoleto yn 1355 twongen waard om syn ferset te einigjen kaam ek Terni oan bar. Albornoz liet Terni straffe foar de ûntrou en de poarten waarden ôfbrutsen, in part fan 'e muorren delhelle en de ynwenners moasten har wapens dellizze en trou swarre oan 'e paus.

Yn 'e 19e iuw nei de Unifikaasje fan Itaalje yn 1860 waard Terni ien fan 'e wichtichste yndustriële sintra fan Midden-Itaalje. De stêd krige de bynamme 'Manchester fan Itaalje' troch de iere stiel- en wapenyndustry. Yn 1884 waard de Acciaierie di Terni oprjochte, in grutte stielfabryk dy’t noch jimmeroan bestiet. Dêrnjonken spile wetterkrêft fan 'e Marmorewetterfallen (in troch de Romeinen makke wetterfal) in wichtige rol yn 'e enerzjyfoarsjenning.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard Terni swier bombardearre troch de Alliearden om de fabriken lam te lizzen. By de 57 loftoanfallen waard likernôch 40% fan 'e stêd ferneatige en foelen mear as 1000 ynwenners harren libben. Nei de oarloch waard de stêd wer opboud en modernisearre.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- It Anfiteatro Fausto is it Romeinske amfiteäter út de 1e iuw n.Kr.
- De Cattedrale di Santa Maria Assunta of de katedraal fan Terni is de haadtsjerke. It hjoeddeiske oansjen datearret fan in werbou yn 'e 16e–17e iuw.
- De Basilica di San Valentino is in barok tsjerkegebou bûten it sintrum fan Terni, dêr't de reliken fan Sint-Falentyn bewarre wurde.
- It Palazzo Spada is in renêssânse paleis út de 16e iuw en wurdt hjoed-de-dei as stedhûs brûkt.
- It Palazzo Bazzani is in gebou út 1930 fan arsjitekt Cesare Bazzani, dat de moderne en klassike boukeunst kombinearret.
- Op 'e Torre Maggiore binne de ruïnes fan twa hillichdommen út de 6e oant 2e iuw f.Kr. Fral it panoramyske útsjoch it de muoite wurdich.
Wetterfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Eastlik fan 'e stêd lizze de Marmorewetterfallen, dy't yn 'e 3e iuw f.Kr. yn opdracht fan 'e Romeinske konsul Manius Curius Dentatus oanlein binne. De 165 m hege wetterfal is ien fan 'e heechste en bekendste keunstmjittige wetterfallen fan Jeropa. Dêrfoar waard it ferrin fan 'e rivier de Velino feroare om in ein te meitsjen oan 'e sompige omstannichheden om de rivier hinne. Hjoed-de-dei wurde se brûkt foar wetterkrêft en toerisme.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
