Springe nei ynhâld

Termoregulaasje

Ut Wikipedy
In termografyske foto fan in liuw, wêrby't de waarmste lichemsdielen (wyt en giel) goed te ûnderskieden binne fan 'e kâlderen (swart en pears).

Termoregulaasje of termoregulearring is it fermogen fan in (ornaris as waarmbloedich oantsjut) organisme om 'e eigen lichemstemperatuer min ofte mear konstant te hâlden, sels as de temperatuer fan it om-en-by folle heger of leger leit. Yn tsjinstelling dêrta nimt in kâldbloedich organisme simpelwei de temperatuer fan syn om-en-by oer as lichemstemperatuer. It wurd 'termoregulaasje' is in gearstalling fan it Grykske therme, "waarmte", en it Frânske regulation, "regeling". Termoregulaasje fan 'e ynterne temperatuer op in hichte dy't fier fan it termaal lykwicht mei de eksterne temperatuer ôf leit, is ien aspekt fan homeostaze: in steat fan dynamyske stabiliteit yn 'e ynterne omstannichheden fan in organisme. De stúdzje fan sokke prosessen yn 'e soölogy wurdt fysiologyske ekology neamd.

As it lichem de lichemstemperatuer net op in (foar de oanbelangjende soarte) normaal nivo behâlde kin, docht him oerferhjitting of ûnderkuolling foar. By oerferhjitting, ek wol hypertermy neamd, klimt de lichemstemperatuer op oant fier boppe it normale. By ûnderkuolling, of hypotermy, sakket de lichemstermperatuer krekt oant fier ûnder it normale. By minsken, bygelyks, leit de normale lichemstemperatuer om 'e 37 °C hinne. Oerferhjitting begjint by likernôch 37,8 °C, wylst ûnderkuolling by likernôch 35,5 °C úteinset.

Soks kin foarkomme as men foar langere tiid bleatsteld wurdt oan te hjitte of te kâlde eksterne temperatueren. Slimme gefallen fan oerferhjitting wurde ornaris behannele troch de lichemstemperatuer op keunstmjittige wize omleech te bringen (bgl. troch in iisbad), en oarsom wurde slimme gefallen fan ûnderkuolling behannele troch de lichemstemperatuer op keunstmjittige wize omheech te bringen (bgl. troch immen te bewuoljen yn in termyske tekken en troch it ynnimmen fan waarm drinken). Minder slimme, natuerlike gefallen fan oerferhjitting en ûnderkuolling komme foar yn it gefal fan sykte, wannear't immen troch koarts om bar te hjit en te kâld wurdt. Oare normale skommelings yn lichemstemperatuer komme foar troch û.o. it dei-nachtritme en by froulju as ûnderdiel fan 'e menstruaasjesyklus.

Guon bisten kinne fierders de lichemstemperatuer hommels sakje litte oant fier ûnder it normale om enerzjy te besparjen. Dêrby ûndergeane se dan ferskate soarten fan ynaktiviteit, almeast oer in langere perioade. Foarbylden binne bearen dy't in wintersliep hâlde, slakken dy't yn simmersliep geane of flearmûzen dy't yn torpor reitsje.

Pas doe't de termometer útfûn wie, koe der ynformaasje sammele wurde oangeande de lichemstemperatuer fan minsken en bisten. Doe die bliken dat der pleatslike ferskillen besteane, mei't waarmteproduksje en waarmteferlies oansjenlik ferskille nei lichemsdiel. De sirkulaasje fan it bloed soarget wol foar in trochsneed lichemstemperatuer yn alle lichemsdielen, mar kin net alle ferskillen weinimme. Dêrom is it foar it opnimmen fan 'e temperatuer fan belang om 'e lichemsdielen te identifisearjen dy't it sterkst de temperatuer fan 'e ynwindige organen werjouwe. Tradisjoneel wurdt ornearre dat it rektum dat it bêste docht, hoewol't by guon soarten bisten de fagina, it limoer of de blaas noch better tsjinje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.