Springe nei ynhâld

Teodoarus Stratelatestsjerke (Stratilatovskaja Ul.)

Ut Wikipedy
Teodoarus Stratelatestsjerke
Церковь Фёдора Стратила́та
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Novgorod
plak Veliki Novgorod
adresStratilatovskaja Ul.
koördinaten58°31'N 31°16'E
Arsjitektuer
boujierstifting: 1292—1294
nijbou 1682
monumintale statusfederaal monumint
wrâlderfgoed
monumintnûmer531510269760006
Webside
vn-stratilat.prihod.ru
Kaart
Teodoarus Stratelatestsjerke (Jeropeesk Ruslân)
Teodoarus Stratelatestsjerke

De Teodoarus Stratelatestsjerke oan 'e Stratilatovskaja Ulitsa yn 'e Russyske stêd Veliki Novgorod is in otterdoks tsjerkegebou út 1294. Yn 'e stêd mear oan 'e hillige Teodoarus Stratelates wijde tsjerken, dy't mei de tafoegsels 'oan de rivier' en it tafoegsel 'oan 'e beek' wurde ûnderskieden.

De tsjerke is ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Histoaryske monuminten fan Novgorod en omkriten.

Tsjin 'e ein fan 'e 12e iuw stie op itselde plak in houten tsjerke. Tusken 1292 en 1294 waard dy tsjerke ferfongen troch in stiennen tsjerke. Oan 'e ein fan 'e 17e iuw wiene de stiennen fan 'e tsjerke net mear goed en yn 1682 waard de âlde tsjerke dêrom ôfbrutsen en ferfongen troch in tsjerke mei fiif koepels.

Yn 'e 19e iuw hie de tsjerke twa apsissen; ien dy't wijd wie oan Fjodor Tiron en de oare oan 'e hillige martler Ignatius. Sûnt 1710 wie der sprake fan in tredde apsis dy't wijd wie oan de Mem Gods fan it Teken. Yn 1804 waard oan 'e westlike kant in fjouwerkante klokketoer tafoege mei fjouwer iepeningen op 'e heechste ferdjipping en bekroand mei in achthoekige koepel.

Folle letter, yn 'e tiid fan 'e Grutte Suvering fan 1937-1938, waard de tsjerke sletten neidat alle trije preesters deasketten waarden. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke licht skansearre en yn 'e folgjende jierren as pakhûs brûkt. Yn 1974 setten argeologen útein mei in yngreven ûndersyk op it plak.

Yn 'e jierren 1990 waard de tsjerke op kosten fan 'e oerheid restaurearre en oerdroegen oan 'e otterdokse mienskip.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Феодора Стратилата на Щиркове улице