Tentoonstelling van Voorwerpen van Nijverheid en Kunst door Vrouwen Vervaardigd

De Tentoonstelling van Voorwerpen van Nijverheid en Kunst door Vrouwen Vervaardigd wie yn 1878 yn Ljouwert. Dizze lanlike frouljustentoanstelling, organisearre troch fotograaf en byldzjend keunstner Gerharda Matthijssen, wie de earste yn syn soarte.
Organisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It idee foar de tentoanstelling wie troch Matthijssen, sels aktyf yn de keunsten, yn 1877 foarlein oan ferskate froulju. Nei wat muoite sammele Matthijssen sa'n tweintich froulju foar har komitee. Ek ferieningen as Arbeid Adelt en Tesselschade droegen by oan de organisaasje. It doel fan de tentoanstelling wie om sjen te litten wat froulju yn de nammejaande sektor al berikt hiene en noch berikke koene. Matthijssen krige tastimming fan de minister fan Oarloch om in maneezje yn Ljouwert yn gebrûk te nimmen as lokaasje. By de ynrjochting waard der wol troch manlju bydroegen, wêrûnder troch Willem Molkenboer en syn learlingen. Sa fersoarge Molkenboer it pièce de milieu, in boarstbyld fan keninginne Sophie, dy't in wichtich figuer oangeande frouljusarbeid en keunst west hie. [1]
De tentoanstelling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't der yn Delft al earder troch Arbeid Adelt in útstalling oangeande frouljusarbeid organisearre wie, nammentlik de Tentoonstelling-bazar van Vrouwelijke Nijverheid en Kunst (1871), wie soks noch net op lanlike skaal bard. De útstalling yn Ljouwert waard yn juny 1878 iepene en eksposearre sa’n 3000 wurken dy't troch froulju makke wiene. It gie foar in grut part om relatyf nije en dekorative wurken, hoewol't der ek wurken fan Anna Maria van Schurman te sjen wiene. Der waarden ek 174 skilder- en tekenwurken, fan ûnder oaren Thérèse Schwartze, fertoand. Ek it doktersdiploma fan Aletta Jacobs waard tentoansteld. [2][1]
Neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De útstalling yn Ljouwert waard yn de Nasjonale Utstalling fan Vrouwenarbeid fan 1898 bestimpele as in ta de saak dwaande foarrinner troch Jacoba Zwaardemaker-Visscher. Neffens keunsthistoarikus Marjan Groot kin de tentoanstelling fan 1878 dan ek yn in skiednis fan frouljusemansipaasje pleatst wurde. [2] Ek wurdt de tentoanstelling troch Johanna Naber neamd yn Na tien jaren. 1898-1908: herdenking der Nationale Tentoonstelling van Vrouwenarbeid (1908). [3]
Eksterne keppeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skiedkundige Peter Karstkarel jout in wiidweidich oersjoch fan de útstalling yn Gerharda Henriëtte Matthijssen en de eerste tentoonstelling van kunst en nijverheid door vrouwen (1878).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|