Springe nei ynhâld

Tenggarabeo

Ut Wikipedy
Tenggarabeo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaibeo's (Gracula)
soarte
Gracula venerata
Bonaparte, 1850
IUCN-status: bedrige

De Tenggarabeo (Gracula venerata) is in sjongfûgel yn it skaai beo's út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae). De soarte waard yn 1850 troch Karel Lucien Bonaparte as aparte soarte beskreaun op basis fan sammele fûgels fan Sûmbawa út it Ryksmuseim fan Natuerlike Histoarje yn Leien. Faak wurdt de fûgel ek behannele as in ûndersoarte fan 'e grutte beo (Gracula religiosa venerata).

De tenggarabeo is fûgel mei in glânzgjend swart fearrekleed en in lingte fan 26 oant 30 sm. De fûgel hat oranje of giele lellen oan 'e kop, dy't oanslute op 'e lellen yn 'e nekke. De snaffel is giel oant oranje. Fierder hat de fûgel wite plakken op 'e wjukken dy't goed yn 'e flecht te sjen binne.

De tenggabeo is in endemyske fûgelsoarte fan 'e Lytse Sûnda-eilannen, Yndoneezje. De soarte hat in foarkar foar tropysk bosk, mar wurdt ek op plantaazjes waarnommen.

De soarte hat in beheind ferspriedingsgebiet en dêrom bestiet der in kâns op útstjerren. In rûge rûzing fan BirdLife International yn 2016 hâldt de hiele populaasje op 2.500 oant 10.000 folwoeksen fûgels. Njonken habitatferlies hat de fûgel benammen slim te lijen hân fan 'e fangst foar de ynlânske fûgelhannel. Yn it hiele ferspriedingsgebiet binne de oantallen tebek rûn en op guon eilannen is de fûgel al útstoarn (Sûmbawa, Adonara) of tige seldsum (Alor). It ûntsnappen fan oare beosoarten kin boppedat in genetyske bedriging foarmje foar de lêste populaasjes fan 'e soarte. De IUCN klassifisearret de fûgel as bedrige (EN, 2016) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: