Temmincks sebrado
Temmincks sebrado | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Geopelia maugeus | ||||||||||||
Temminck, 1809 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Temmincks sebrado, de temmincksebrado of de Timordo (Geopelia maugeus) is in fûgel út de famylje dofûgels (Columbidae). Dizze fûgel is ferneamd nei de Nederlânske ornitolooch Coenraad Jacob Temminck.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Temmincks sebradowen binne mei 23,2 oant 25,8 sm (mantsjes) en 21 oant 23,3 sm (wyfkes) wat grutter as sebradokes . Mantsjes en wyfkes ha swartwite streken lykas by de Goulds sebrado, mar se geane fierder nei de búk en wurde healwei de hals en it boarst net ûnderbrutsen, lykas dat by sebradowen wol it gefal is. In oar opfallend skaaimerk is de fel giele eachring.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt op Floares, de Kei-eilannen, Sûmbawa, Sûmba, Timor, de Tanimbareilannen en noch in oantal lytse eilannen foar. De biotoop bestiet út in drûch iepen lânskip mei strewellen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Temmincks sebradokes ha in grut ferspriedingsgebiet en de soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|