Temminckmûs
| temminckmûs | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Mus musculoides | ||||||||||||
| Temminck, 1853 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De temminckmûs of Temmincks mûs (wittenskiplike namme: Mus musculoides), ek wol de Westafrikaanske dwerchmûs neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus). Dit bistke komt foar yn West-Afrika en it westlike diel fan Sintraal-Afrika. Bûten Afrika wurdt it wol as húsdier holden. It is in lytse mûs, dy't nau besibbe is oan 'e Afrikaanske dwerchmûs (Mus minutoides). De temminckmûs is in omnivoar nachtdier dat libbet op 'e savanne en yn iepen bosken. De IUCN klassifisearret de temminckmûs as net bedrige. It bistke is ferneamd nei de foaroansteande njoggentjinde-iuwske Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De temminckmûs waard yn 1853 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck. Hy makke syn beskriuwing op basis fan in spesimen dat ôfkomstich wie fan 'e kust fan 'e Golf fan Guinee. Letter binne der in protte oare, no as synonymen beskôge, beskriuwings kommen: Mus bella (of Mus bellus), Mus enclavae, Mus gallarum, Mus gondokorae, Mus grata, Mus marica, Mus paulina, Mus petila, Mus soricoides, Mus sungarae, Mus sybilla, Mus vicini en Mus petila.
De algemiene gebrûksnamme fan dizze soarte is yn 'e measte talen ferneamd nei Temminck. It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme, musculoides, betsjut "lykjend op 'e hûsmûs" (Mus musculus). De temminckmûs is lykwols it naust besibbe oan 'e Afrikaanske dwerchmûs (Mus minutoides), in oare Afrikaanske soarte. Dêr foarmet de temminckmûs in soartekompleks mei, wat betsjut dat de ûnderlinge bân foar in diel (noch) ûndúdlik is.
Party soölogen beskôget de temminckmûs dêrom as in ûndersoarte fan 'e Afrikaanske dwerchmûs, mar de status fan in selsstannige soarte foar dit bistke wurdt ûnderstipe troch karyologysk ûndersyk (oangeande it gebit) en molekulêr biologyske stúdzjes, benammen dy út 2005 fan Don E. Wilson en DeeAnn E. Reeder. Sûnt dy tiid wurdt de temminckmûs oer it algemien as soarte njonken de Afrikaanske dwerchmûs yn it ûnderskaai fan 'e Afrikaanske mûzen (Nannomys) pleatst.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De temminckmûs komt foar yn 'e West-Afrika besuden de Sahara, en teffens yn it westlike diel fan Sintraal-Afrika. De noardgrins fan it ferspriedingsgebiet rint fan noardlik Senegal mei in bochtsjende line nei it súdwesten fan Tsjaad. Dêrwei snijt de eastgrins mei in langrutsen bocht troch it westen fan 'e Sintraalafrikaanske Republyk en de Republyk Kongo nei de kust fan 'e Atlantyske Oseaan. Guon boarnen hâlde út dat de temminckmûs foarkomt oant yn Etioopje, mar op basis fan nije ûndersiken wurdt tocht dat it ferspriedingsgebiet fan 'e temminckmûs oansjenlik lytser is as foarhinne oannommen waard.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De temminckmûs is in lyts múske, mei trochinoar in kop-romplingte fan 5,8–7,5 sm, in sturtlingte fan 4,7–5,3 sm en in gewicht fan 6–9 g. Dêrmei is er lykwols noch in slachje grutter as de Afrikaanske dwerchmûs (Mus minutoides).
De efterpoaten mjitte 12–14 mm en de rûne earkes binne mei in lingte fan 7–10 mm frij grut yn ferhâlding ta it lichem. De sturt is keal, fan boppen brunich en fan ûnderen wat ljochter. Mei likernôch 70% fan 'e lichemslingte is er relatyf koart yn ferhâlding ta de sturtlingten fan oare echte mûzen.
De pels is goudbrún op 'e boppeste lichemsdielen (snút, kop, nekke, rêch en siden) en wyt op 'e ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch en poaten). Efter de earen sitte wite plakjes. De wyfkes hawwe fjouwer pear oeren.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Temminckmûzen libje op 'e savanne en yn iepen bosken en jouwe dêrby de foarkar oan drûgere kriten as de nau besibbe Afrikaanske dwerchmûs (Mus minutoides), dy't ek yn West- en Sintraal-Afrika foarkomt.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Temminckmûzen binne nachtdieren, dy't benammen op 'e grûn libje, middenmank lang gers of oare opgeande fegetaasje. Se bouwe rûne of kopke-foarmige nêsten fan gers ûnder omfallen beammen of yn oare natuerlik foarkommende holten. De temminckmûs hat gjin fêste peartiid, mar kin him it hiele jier rûn fuortplantsje. Nei in draachtiid fan likernôch 24 dagen smyt it wyfke in nêst fan 4–6 jongen. Dy hawwe by de berte trochinoar in gewicht fan 0,8 g, en komme blyn, keal en helpleas te wrâld. Mei sa'n 12 dagen geane de eachjes iepen en mei sa'n 3 wiken wurde se ôfwûn. Temminckmûzen binne mei likernôch 6 wiken geslachtsryp. Wyfkes kinne 4 nêsten jongen yn it jier produsearje. De libbensferwachting bedraacht maksimaal 4 jier.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Temminckmûzen binne omnivoaren, krekt as oare soarten út it ûnderskaai fan 'e Afrikaanske mûzen (Nannomys). Se frette benammen sieden fan gerzen en krûden. Dêropta steane ek oare plantedielen op it menu, lykas fruchten, en teffens ynsekten.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e temminckmûs binne ûlen, lykas de molkewite oehoe (Ketupa lactea) of de grize oehoe (Bubo cinerascens).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De temminckmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De temminckmûs is in monotypyske soarte, wat sizze wol dat der gjin ûndersoarten binne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Belege en Literatur, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Echte mûs
- Húsdier
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad

