Telefyzjestjoerder

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In telefyzjestjoerder of tillefyzjestjoerder is in byinoar hearrend tal apparaten en oar reau dêr't bewegende bylden mei útstjoerd wurde kinne oer de radiofrekwinsjes fan 'e eter. Soks giet fan 'e eigentlike stjoermêst nei alle ûntfangende apparaten ynsafier't dy har binnen it berik fan 'e útstjoering befine. Dizze ûntfangende apparaten binne telefyzjes. Ornaris wurdt mei de term 'telefyzjestjoerder' net sasear de eigentlike apparatuer bedoeld dy't nedich is om telefyzjebylden út te stjoeren, mar de organisaasje dy't ferantwurdlik is foar it útstjoeren fan sokke strukturearre bylden nei in publyk: it telefyzjestasjon of tillefyzjestasjon.

It útstjoeren fan telefyzjebylden kin barre fia analoge telefyzjesynjalen, mar sûnt de begjinjierren fan 'e ienentweintichste iuw ek fia digitale telefyzjesynjalen. Telefyzjestasjons dy't inkeld keabeltelefyzje 'útstjoere' kinne eins gjin telefyzjestjoerders neamd wurde, om't der oan keabeltelefyzje feitlik gjin 'útstjoering' te pas komt: it synjaal bliuwt dêrby beheind ta de bekeabeling dy't fan 'e studio streekrjocht nei de telefyzjes by it publyk thús rint. In telefyzjestasjon kin op ferskillende frekwinsjes tagelyk útstjoere; sokke ferskillende útstjoerings fan ien stasjon wurde telefyzjekanalen neamd. As in groep telefyzjestjoerders ien organisaasje foarmet (wat yn 'e regel bart as se yn it besit kommen binne fan ien mienskiplike eigner), dan sprekt men fan in telefyzjenetwurk.

Yn 'e Nederlânske kontekst is bgl. de Nederlânske Publike Omrop in telefyzjestjoerder of in telefyzjestasjon, dat trije telefyzjekanalen beheart (NPO1, NPO2 en NPO3). De kommersjele stjoerders RTL4 en SBS6 binne ek telefyzjestasjons. RTL Nederlân, it bedriuw efter RTL4, RTL5, RTL7 en RTL8, kin oanmurken wurde foar in telefyzjenetwurk, krektlyk as SBS Broadcasting, dat Net5, SBS6, SBS9 en Veronica yn besit hat. Telefyzjestjoerders of telefyzjestasjons moatte net betize wurde mei omroppen, dy't in poer Nederlânsk ferskynsel foarmje. Dat binne nammentlik útstjoermachtige organisaasjes dy't de stjoertiid fan ien telefyzjestjoerder mei-inoar diele.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.