Robert Edward "Ted" Turner III (Cincinnati, 19 novimber1938) is in Amerikaanske mediamagnaat en pionier fan keabeltelefyzje dy't yn 1980 de wrâldwide nijsstjoerder CNN oprjochte. Hy is de grutste priveegrûnbesitter fan de Feriene Steaten; syn hjoeddeiske fermogen wurdt rûsd op ûngefear 2,3 miljard dollar. Turner waard yn 1991 útroppen ta Man fan it Jier troch it tydskrift TIME.