Taimyr-skiereilân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Taymyr-skiereilân)
Lokaasje Taimyr-skiereilân
Lânseigen folk fan Taimyr
Toendra fan Taymyr

It Taimyr-skiereilân (Полуостров Таймыр, Таймырский полуостров) is in skiereilân yn Sibearje; it foarmet it meast noardlike diel fan it fêste lân fan Euraazje en Aazje. It leit tusken de Golf fan Jenisej fan de Karasee en de Golf fan Chatanga yn de Laptevsee yn Krasnoyarsk Krai, Ruslân.

It Taimyr-mar en it Byrranga-berchtme lizze op it tige grutte Taimyr-skiereilân.

It skiereilân soe it plak wêze dêr't de yn it wyld libjende muskusokse sa'n 2000 jier útstoarn is, alteast bûten Noard-Amearika.[1] Hja waarden dêr op 'en nij ynbrocht yn 1975.[2]

Kaap Tsjeljoeskin, it meast noardlike punt fan it Euraziatyske kontinent, leit op it noardein fan it Taimyr-skiereilân.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nganasan folk koe syn sjamanistyske praktiken oant yn de 20e iuw hanthavenje út reden fan de isolearre lizzing fan harren wenplak.[3]

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

MMC Norilsk Nickel is de eksploitant fan de minen yn dizze kontrei. It bedriuw raant it nikkel út dizze kriten yn de stêd Norilsk, net fier fan it skiereilân. It nikkelerts en oare produkten fan it bedriuw wurde oer in koart spoar nei Dudinka oan de rivier de Jenisej ferfierd, en dêrwei mei it skip nei Moermansk en oare havenstêden.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken likernôch septimber en juny binne de kustwetters fan it Taimyr-skiereilân beferzen. De simmers binne koart, fral oan de noardeast kust (Laptevsee).

It binnenlân fan it skiereilân hat in lânklimaat. De winters binne strang mei in soad sniestoarms en ekstreem lege temperatueren.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Science Daily
  2. Safari Club Foundation Recordbook entry on Bovids
  3. Hoppál 2005