Tasmaanske raven
| Tasmaanske raven | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Corvus tasmanicus | ||||||||||||
| Mathews, 1912 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Tasmaanske raven (Corvus tasmanicus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).[1]
Foarkommen en lûd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Australyske kriefûgels binne op soartenivo hiel dreech faninoar te ûnderskieden. Se binne allegearre folslein swart mei ljochtkleurige eagen, mar se ferskille wat yn lûd, hâlden en dragen, ferspriedingsgebiet, de lingte fan 'e kielfearren, de snaffellingte en de lichemsgrutte. Dizze soarte hat in tige robúste snaffel en dúdlik sichtbere kielfearren. De rop is djip en stadich. Oars as oare soarten fladdert er net mei de wjukken wylst er ropt.
Fersprieding en taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tasmaanske raven wurdt opdield yn twa ûndersoarten:[2]
- Corvus tasmanicus boreus – komt foar yn it noardeasten fan Nij-Súd-Wales (New England Tableland en de oangrinzgjende kustkrite)
- Corvus tasmanicus tasmanicus – komt foar fan Tasmaanje oant yn it suden fan Fiktoaria en it oangrinzgjende Súdwest-Austraalje
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar tocht wurdt dat de populaasje ôfnimt, mar noch net sa slim dat de soarte as bedrige beskôge wurde moat. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom as 'net bedrige' (Least Concern, LC).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
