Tasitus (skriuwer)

Ut Wikipedy
Tasitus (skriuwer)
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Publius Kornelius Tasitus of
Gajus Kornelius Tasitus
nasjonaliteit Romeinsk
berne 56 of 57
berteplak Gallia Narbonensis
(Romeinske Ryk)
stoarn ±120
stjerplak ?
etnisiteit Romeinsk
wurk
taal Latyn
sjenre non-fiksje (skiedkundige wurken)
perioade Klassike Aldheid
bekendste
  wurk(en)
Germania
Historiae
Annales
jierren aktyf ±85 – ±120
offisjele webside
n.f.t.

Tasitus (yn it Latyn: Tacitus), folút: Publius Kornelius Tasitus of Gajus Kornelius Tasitus[1] (56/57120) wie in Romeinsk histoarikus, skriuwer en reedner. Dat lêste wie iroanysk, yn acht nommen dat syn cognomen Tasitus yn it Latyn de betsjutting "swijend" of "swijsum" hat. Hy wurdt gauris beskôge as Romes grutste skiedskriuwer. Tasitus syn sympaty gie dúdlik út nei in republikeinske steatsfoarm, ynstee fan nei de eigenwille fan guon fan 'e keizers.[2] Hy skreau oer sljochtwei lju mei likefolle fanselssprekkendheid as oer keizers en oare machthawwers, en joech dêrmei in prachtich ynsjoch yn it libben fan syn tiid.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is net in protte bekend oer Tasitus syn libben. Wierskynlik waard er yn it jier 56 of 57 berne yn in aadlike famylje út 'e Romeinske provinsje Gallia Narbonensis (yn Fréjus of Vaison-la-Romaine) of út 'e provinsje Gallia Cisalpina (yn Padua). As jongeman studearre er retoarika te Rome. Yn 77 of 78 troude er mei Julia Agrikola, de dochter fan 'e ferneamde legeroerste Julius Agrikola. Dyselde waard yn 84 troch keizer Domitianus weromroppen út Britanje, ferdwûn doe nei de eftergrûn en stoar yn augustus 93 min ofte mear fergetten. Syn testamint pakte net goed út foar Tasitus syn frou, want njonken har mem naam ek de princeps (keizer) begearich syn diel – hoewol't dy earder noch ferkundige hie gjin beërf oannimme te sillen fan immen mei bern.

Underwilens wie Tasitus úteinset mei in glânsrike politike karriêre. In pear jier nei syn houlik wied er ûnder keizer Fespasianus wierskynlik al lid fan 'e XX-vir (it tweintich koppen tellende preesterkolleezje). Histoarikus G. Alföldy hat de tige oannimlike ynterpretaasje oppenearre dat Tasitus troch keizer Titus oantsjutten is as quaestor Augusti, de persoan dy't de taspraken fan 'e keizer oan 'e Senaat skreau èn foarlies, basearre op in ynskripsje op it grêfmonumint fan Tasitus oan 'e Via Nomentana te Rome.[3] Nei alle gedachten ferfolle er dat amt yn 80 of 81, of op syn letst yn 82. As er yn 81 quaestor wie, wol dat sizze dat er sawol ûnder Titus as ûnder dy syn broer Domitianus wurdfierder wie, want Titus stoar op 13 septimber 81. Doe't er quaestor-ôf wie, waard Tasitus as homo novus (earste fan in famylje dy't dêr in sit hie) opnommen yn 'e Romeinske Senaat. Ut 'e ynskripsje op syn grêfmonumint is ek op te meitsjen dat er yn 84 of 85 de funksje fan aedilis oersloech om daliks ta tribunus plebis keazen te wurden. Yn 88 wied er sels praetor (in funksje yn 'e rjochtspraak) en teffens lid fan it prestizjeuze preesterkollezje fan 'e fyftjin (quindecimviri sacris faciundis). Yn 89 waard er foar fjouwer jier ôffurdige foar in post yn 'e provinsjes, dêr't er itsij oan it haad fan ien fan 'e legioenen stie, itsij in boargerlik amt hie.

Tasitus, syn gesin en syn besittings oerlibben keizer Domitianus syn skrikbewâld, al krige er der geastlik in flinke tik fan mei, sa't út syn skriuwwurk bliken docht. Doe't Domitianus op 18 septimber 96 fermoarde waard troch syn neiste meiwurkers, hie de likernôch fjirtichjierrige Tasitus as consul suffectus foar it jier 97 wer sit yn 'e Senaat. Yn dat amt wied er nei alle gedachten noch beneamd troch Domitianus sels. Under dy syn opfolgers Nerva en Trajanus hearde er as âld-konsul by de politike elite fan it ryk, en yn dy snuorje joech er him fierhinne oer oan 'e skiedskriuwing. Yn 112 en 113 wied er noch in jier lang gûverneur fan 'e provinsje Asia, in fûlbegeare post. Tasitus stoar as in reedner en histoarikus fan namme earne nei it jier 117, wierskynlik om 120 hinne, al wolle party histoarisy syn ferstjerren pas yn 125 of sels yn 130 pleatse.

De foarside fan in útjefte fan Tasitus syn wurken yn in edysje fan Justus Lipsius, út 1598.

Wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Agricola[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Vita et Moribus Iulii Agricolae, of koartwei de Agricola, is in tritich siden tellende biografyske skets fan 'e Romeinske legeroerste en steatsman Gnajus Julius Agrikola, Tasitus syn skoanheit. Dit wurk waard troch Tasitus útjûn yn it jier 98, ûnder it regear fan keizer Trajanus.

Dochs is it net in tradisjonele biografy, want Agrikola syn libbensferhaal wurdt brûkt ta yllústraasje fan it tirannike hâlden en dragen fan Domitianus, en om Nerva en Trajanus lof ta te sjongen. It is ûnlykwichtich fan opbou troch wiidweidige beskriuwings fan fjildtochten (dy't sa karakteristyk wurde soene foar Tasitus syn lettere wurk), taspraken oan 'e soldaten en it omtinken foar de etnografy fan 'e provinsje Brittanje. Histoarikus R. Syme mient it wurkje sels in dokumint fan Romeinske politike literatuer neame te kinnen.[4] De tekst hat ek spoaren fan retoryk, eat dat men ek yn lettere wurken fan Tasitus weromfynt, al is dat foar in part eigen oan it sjenre, dat de laudatio as fêst elemint hat.

Germania[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Germania (boek).

De Origine et Situ Germanorum, of koartwei de Germania, dat ek yn 98 ferskynde, en dat nei alle gedachten Tasitus syn bekendste wurk is, is in echte etnografy, wêryn't earst Germania en de libbenswize fan 'e bewenners fan dat gebiet yn it algemien besprutsen wurde, en wêryn't dêrnei útwreide wurdt oer ferskate spesifike Germaanske folken. It is it iennichste oerlevere traktaat oer de iere Germanen, en foarmet sadwaande in unike boarne fan kennis foar ûndersikers en histoarisy.

It âlde tema fan it oanjaan fan it kontrast tusken it beskreaune folk – yn dit gefal de Germanen – en de Romeinen fan syn tiid hat by Tasitus in moralisearjend sawol as in ynformatyf doel, want ûnder keizer Trajanus waard men yn Rome noch altiten konfrontearre mei de reële driging dy't fan 'e Germanen útgie. Oerwinnings dy't troch opienfolgjende keizers ferkundige wiene, docht Tasitus yn it boek ôf as propagande sûnder histoaryske basis.

Dialogus de Oratoribus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dialogus de Oratoribus hat lange tiid in striidpunt west, mar der is no dochs in algemiene konsensus dat dit in wurk fan Tasitus is, dat opdroegen is oan Lusius Fabius Justus, de consul suffectus fan it jier 102.

It wurk hat de foarm fan in petear tusken de dichter-reedner Kuriatius Maternus, de reedners Markus Aper en Julius Sekundus, en ek Fipstanus Messalla, yn it jier 75, oer it ferfal fan de redekeunst. De oarsaken fan dat ferfal binne neffens de wurden dy't Tasitus de sprekkers yn 'e mûle leit, it brekme oan opfieding yn it algemien, en oan ûnderrjocht yn 'e retoarika yn it bysûnder, en teffens de monargale steatsynrjochting dy't wol goed is as steatsfoarm op himsels, mar gjin oanset jout ta de ûntwikkeling fan in grutte en swide redekeunst. Fan gefolgen, sa is de konklúzje, hâlde literêr bejeftigen harren no inkeld noch dwaande mei poëzij.

Dit petear wurdt gauris beskôge as Tasitus syn ferantwurding foar it stopsetten fan syn dochs wol goed rinnende karriêre as retoarikus, en foar syn beslút om him ta te lizzen op it iennichste dat him noch oerbleau: de skiedskriuwing.

Historiae[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Historiae (de "Histoarjes") is it earste fan Tasitus' grutte histoaryske wurken, dy't tanksij de briefkerij tusken himsels en Plinius de Jongere foar in part datearre wurde kinne. Sa docht út 'e brieven bliken dat Tasitus om 106 hinne oer it jier 79 oan it skriuwen is, en dat er yn 109 dwaande is mei it bewâld fan Domitianus. Tasitus behannelet yn dit wurk de skiednis fan Rome yn it fjouwerkeizersjier 69 en ûnder it regear fan it Hûs fan Flavius. Fan 'e wierskynlik tolve of fjirtjin oarspronklike boeken binne inkeld de earste fjouwer en it begjin fan it fyfde oerlevere.

Men is fan tinken dat it wurk ferdield wurde kin yn twa heksades, nammentlik in earstenien oer de boargeroarloch ûnder Galba, Oto en Fitellius (I-III) en oer Fespasianus syn regear (IV-VI); en in twadden oer de jierren fan stabiliteit ûnder Titus en de earste jierren ûnder Domitianus (VII-IX), folge troch it skrikbewâld fan dyselde, fan 89 oant 96 (X-XII). Soks kin lykwols it nivo fan 'e spekulaasje net ûntstiigje. Yn syn praefatio (foaropwurd) kundiget Tasitus de dramatyske ûntknoping al min ofte mear oan, en foarseit er teffens dat er – as him dêrta de jierren gund binne – ek noch it regear fan Nerva en Trajanus beskriuwe wol.

Annales[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurk Ab Excessu Divi Augusti, better bekend as de Annales (de "Annalen"), is Tasitus syn twadde gruttere histoaryske wurk. Dêryn behannelet er de Julysk-Klaudyske Dynasty fan 'e dea ôf fan 'e fergoade Augustus. Dizze tekst, dy't nei alle gedachten grutdiels ûnder it regear fan Hadrianus (117-138) skreaun waard, kin dus net de oankundige skiedskriuwing oer Nerva en Trajanus wêze. Fan 'e fermoedlike achttjin boeken dêr't dit wurk oarspronklik út bestie, binne allinnich de boeken I oant en mei IV yn harren gehiel bewarre bleaun, wylst V en VI foar in diel oerlevere binne, en XI oant en mei XVI sûnder begjin of ein.

De earste seis boeken binne analitysk fan opbou (dêrfandinne de namme Annales), wylst de oaren har mear konsintrearje om beskate tema's of persoanen hinne. Histoarikus R. Syme mient dat dizze stilistyske feroaring ferwiist nei in djipper lizzende brek, nammentlik de evolúsje fan it prinsipaat nei it dominaat.[5]

Styl en taalgebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tasitus falt taalkundich sjoen ûnder de skriuwers fan it saneamd Sulverne Latyn. It falt lykwols op dat er noch relatyf faak de indicativus brûkt yn bysinnen binnen de yndirekte rede, wat yn syn tiid hieltyd minder wizânsje wie. Dit falt mooglik te ferklearjen fanút Tasitus syn klassike oplieding as reedner.

Stúdzje fan Tasitus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de iuwen hinne hat der hiel wat stúdzje fan Tasitus plak fûn, almeast hearrende ta de heuristyk, de metoadyske bestudearring fan 'e man sels en syn wurken. Tasitus syn boarnen foar de Agricola binne foar it grutste part út 'e earste hân en faak mûnling oerlevere. Foar syn Germania hawwe wierskynlik it ferlern giene Bella Germaniae fan Plinius de Aldere – dy't út persoanlike ûnderfining fertroud wie mei Germania – en fierders de Bello Gallico fan Julius Caesar en Livius syn boek CIV tsjinne as boarnen.

Oer de Historiae en de Annales, dêr't histoarikus P. Fabia it Einquellenprinzip op besocht hat ta te passen,[6] bestiet datoangeande noch gjin fêste konsensus. Men kin jin lykwols wol oan 'e hân fan 'e fyzje fan in soad moderne auteurs in byld foarmje oer hokker boarnen oft Tasitus der mooglik foar brûkt hat. Tasitus sels neamt û.o. Kluvius Rufus, Fabius Rustikus en Plinius de Aldere (Ann. XIII, 20), mar der binne mear: Aufidius Bassus, Servilius Nonianus, Ferginius Rufus, ensfh.

Mooglik hat er ek ferskate memoires brûkt, lykas de Commentarii fan Agrippina de Jongere, de tinkskriften fan Klaudius, ensfh. As âld-konsul en -senator hied er ek tagong ta de acta senatus en de diurna, dêr't er dokumintêre boarnen fine koe. Dochs hat Tasitus dizze gegevens net letterlik oernommen, mar yn syn eigen wurden getten, wat û.m. nei foarren komt út syn werjefte fan 'e taspraak fan keizer Klaudius oer it talitten fan Galliërs yn 'e Senaat, dy't sawol troch Tasitus (Ann. XI, 24.) as op 'e ferneamde Lyon Tabula[7] werjûn is. Ut in ferliking tusken de beide teksten docht bliken dat by Tasitus de strekking fan 'e taspraak yntakt bleaun is, mar dat er fan 'e (karakteristike) Klaudyske styl net folle hiel litten hat.

Tasitus brûkte wierskynlik ek mûnlinge boarnen, en it is wis dat er brieven skreau nei minsken lykas Plinius de Jongere, mei wa't er befreone wie, om ynformaasje op te freegjen, bgl. oer de útbarsting fan 'e Fesuvius en de dea fan dy syn omke, Plinius de Aldere. It is lykwols wichtich om yn berie te nimmen dat Tasitus net allinnich histoarikus wie, mar ek in foaroansteand politikus en bestjoerder, in bern fan syn tiid, en boppe-al in literator. Syn ferneamde sitaat sine ira et studio ("sûnder lulkens of berekkening") is in nommel stribjen, mar al by de behanneling fan it regear fan keizer Tibearius blykt er dy útspraak njonken him del te lizzen.

Parallelboarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken Tasitus binne der noch in hiele rige oare auteurs dy't wurken neilitten hawwe oer de Julysk-Klaudyske Dynasty. De wichtichsten dêrfan sille hjir yn 't koart besprutsen wurde.

  • Fellejus Paterkulus19 f.Kr.-31) wie in soldaat ûnder it regear fan keizer Tibearius. Hy skreau in algemiene (mar beheinde) Romeinske skiednis oant 30 nei Kr., ien jier foar de fal fan Sejanus. Syn taal is net sa literêr as dy fan Tasitus, mar hy jout in positiver byld fan 'e princeps Tibearius, en is, oars as Tasitus, in kontemporêne tsjûge.
  • Suëtoanius (69/70-140) wie in jongere tiidgenoat fan Tasitus. Syn tematysk opboude keizersbiografyen binne ôfmakke mei pittige anekdoates, mar it grutter gehiel ûntkomt him faak.
  • Kassius Dio (155-nei 229) wie in romanisearre Gryksk senator dy't mear as in iuw letter de lêste algemiene Romeinske skiednis skreau, en dy trochrinne liet oant syn eigen tiid. Hy liket in ôfgryslike soad ynformaasje garre te hawwen, mar likegoed kin er net alles meidiele, om't in algiemene skiednis in soad skraswurk fereasket. Hy jout in neutraler byld fan 'e princeps Tibearius en liket ek positive boarnen oer de man rieplachte te hawwen.

Tasitus springt der lykwols út troch syn literêre wearde en syntetisearjende opbou. Hy wurdt noch faak beskôge as dé boarne foar it iere prinsipaat, mar stiloan wurde de parallelboarnen ek mear wurdearre en beskôge as in wichtige oanfolling op Tasitus syn monografy.

Keizers yn de wurken fan Tasitus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Annales
Augustus (27 f.Kr.-14)
Tibearius (14-37)
Kaligula (37-41)
Klaudius (41-54)
Nearo (54-68)
Historiae
Galba (68-69)
Oto (69)
Fitellius (69)
Fespasianus (69-79)
Titus (79-81)
Domitianus (81-96)
Agricola
Domitianus (81-96)
Nerva (96-98)
Trajanus (98-117)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. De brieven fan Sidoanius Apollinaris neame him "Gajus"; yn ien fan 'e twa oerbleaune manuskripten fan syn wurken wurdt er as "Publius" oantsjutten (Syme, R., Tasitus, s. 59).
  2. Dit is teminsten de oerhearskjende fyzje sûnt de Frânske Revolúsje: histoarikus Giuseppe Toffanin ûnderkent troch de skiednis hinne twa kampen: de "reade tasitisten", dy't Tasitus oangripe om harren "republikeinske" gefoelens te uterjen; en de "swarte tasitisten", dy't yn Tasitus fral in hantlieding sjogge om in monargy ta in goed ein te bringen. Fan 'e Renêssânse ôf (wannear't Tasitus syn geskriften nei lang wei west te hawwen wer boppe wetter komme) oant de iere Ferljochting fynt men ferneamde foarbylden fan beide "kleuren" fan Tasitus-oanhingers: Francesco Guicciardini en Denis Diderot kinne as foarbylden fan 'e swarte tasitisten neamd wurde, wylst men de geskriften fan Machiavelli dan wer yn twa rjochtings útlizze kin: swart tasitisme yn De Hearsker, en read tasitisme yn 'e Discorsi. Foar bibliografyske ferwizings: sjoch "Tacitean studies", it artikel op de Ingelsktalige Wikipedy.
  3. Alföldy, G., Bricht der Schweigsame sein Schweigen? Eine Grabinschrift aus Rom, yn: Mitteilungen des deutschen archeologischen Instituts, Römische Abteilung 102 (1995), s. 251-268.
  4. Syme, R., Tasitus, s. 125.
  5. Syme, R.,, Tasitus, s. 269-270.
  6. Fabia, P., Les Sources de Tacite dans les Histoires et les Annales, Parys, 1893.
  7. De Lyon Tabula

Boarnen

  • Bernario, H.W., An Introduction to Tacitus, Atene, 1975.
  • Flaig, E., Tacitus, yn: NP, novimber 2001, s. 1209-1214.
  • Schepens, G., Beknopte Geschiedenis van de Griekse en Romeinse Historiografie, Leuven, 1997, s. 167-182.
  • Syme, R., Tasitus, 2 dielen, Oxford, 1958 (=1963²).
  • Tasitus, Annales, Deel I-VI, (red. M.A. Wes), 's-Hertogenbosch, 1999.
  • Woodman, A.J., Tacitus Reviewed, Oxford, 1998.