Springe nei ynhâld

Tartan

Ut Wikipedy
Trije tartans

In tartan is in rútsjes, wollen stof, dêr't de Skotske kilt fan makke wurdt. De âlde Kelten droegen al rútsjese klean en de goede kwaliteit wie sels yn it Romeinske Ryk bekend.

It wurd 'tartan' stamt wierskynlik ôf fan it Frânske wurd 'tiretaine', dat in soarte fan wol oantsjut, of fan it Gaelyske wurd 'breacan' dat spikkelich betsjut.

In foarbyld fan in Tartan, de Abercrombie-rút

It patroan fan in tartan wurdt makke troch te weevjen mei kleure triedden yn ôfwikseljende stripen, sawol yn de skearing as yn de ynslach. Op de krúspunten fan deselde kleur wurdt it patroan helderder as wannear't de tried in oare kleur snijt. De kleureblokken dy't dêrút fuortkomme werhelje har fertikaal en horizontaal. Dit soarte fan weefpatroan waard al oantroffen yn Sina yn 3500 foar Kristus.

William Mosman: portret van John Campbell of the Bank út 1749 mei in reade tartan. De hjoeddeistige tartan fan de clan Campbell is grien.

Oarspronklik hearden alle ruten wierskynlik by in bepaalde krite en waard dy assosjearre mei de wever of weversfamylje dy't dêr wenne. Letter hearden alle ruten by in bepaalde Skotske clan.

Der hat in tiid west dat de Skotske rút ferbean wie yn Skotlân. Dat barde nei de Jakobityske opstannen, neidat Ingelân en Skotlân ien waarden. Neidat de Highlanders de Slach by Culloden yn 1746 ferlern hienen, woe de oerheid de Heechlânske kultuer ferneatigje. De oerheid rôp yn 1747 de Dress Act (kleanwet) yn it libben, dy't manlju ferbea om tartans te dragen. In oantal Skotten wist dy wet te omsilen troch bygelyks it leger yn te gean, dêr't it rút net ferbean wie. Doe't de Dress Act nei 35 jier opheft waard, wie al sprake fan de ferneatigjende wurking fan de wet. In soad fan de Skotske tradysjes wiene ferlern gien en moasten opnij ta libben brocht wurde.

Yn de lêste helte fan de achttjinde iuw wie in oplibbing fan de Keltyske kultuer. Ferhalen en gedichten oer Jakobityske lju dy't fûgelfaai ferklearre wienen en de lieten fan Ossian (dêr't letter nammers fan bliken die in ferfalsking te wêzen), sprutsen ta de ferbylding fan de minsken en sels de Ingelske kening George IV besocht yn 1822 in grutte resepsje yn Holyrood klaaid yn in kilt mei de Stuart-rút.

In soad Skotten besochten dêrnei te efterheljen oft sy ek in eigen rút hiene, mar in protte fan de kennis wie ferlern gien. Dêrby makken harren kleanmakkers harren wiis dat se it noch wol wisten, en ûntwurpen sy gau sels in nij patroan. Om oan dy swindel in ein te meitsjen publisearre James Logan yn 1831 it boek The Scottisch Gael or Celtic Manners, as Preserved among the Highlanders. Yn dat boek waarden 55 ruten beskreaun, mar tsjintwurdich binne der hûnderten bekend.

Guon ruten meie allinnich droegen wurde troch leden fan de clan. Foar de rest stiet it elts frij om te dragen wat dy sels moai fynt. Op in inkeld rút, bygelyks dy fan Burberry, sit in patint. In himsels respektearjende Skot draacht allinnich mar de tartan fan de eigen clan.

Eartiids hiene alle Skotske rezjiminten yn it Britske leger ek in eigen tartan, mar dêr waard mei opholden yn 1940.