Tarreputten fan La Brea
Tarreputten fan La Brea George C. Page Museum | ||
![]() | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
steat | ![]() | |
county | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | 5801 Wilshire Boulevard | |
koördinaten | 34°03′46″N 118°21′22″W | |
Algemiene gegevens | ||
type | paleöntologysk fynplak en natoerhistoarysk museum | |
wurkmêd | fossilen dy't fûn binne yn 'e tarreputten | |
oprjochting | 1977 | |
oerflak | 9,3 ha | |
besikers | 355.000 jiers | |
monumint. status | U.S. National Natural Landmark (sûnt 1964) California Hist. Landmark | |
Arsjitektuer | ||
namme gebou | George C. Page Museum | |
type gebou | museum | |
boujier | 1975–1977 | |
boustyl | modernistysk | |
Offisjele webside | ||
tarpits.org | ||
Kaart | ||
Lokaasje yn westlik Los Angeles.
|
De Tarreputten fan La Brea (Ingelsk: La Brea Tar Pits) binne in plak yn Súdlik Kalifornje, yn 'e Feriene Steaten, dêr't fan natuere tarre opwellet út 'e ierde. De putten lizze yn it Hancock Park, binnen de beboude kom fan 'e stêd Los Angeles, oan 'e trochgeande strjitte Wilshire Boulevard. Oer in perioade fan 38.000 jier binne withoefolle bisten fêstrekke, weisonken en omkommen yn 'e tarre, en harren bonken binne goed preservearre. Yn 'e tweintichste iuw binne der hûnderttûzenen fossilen opdobbe, fan sawol bistesoarten dy't útstoarn binne as fan soarten dy't hjoed de dei ek noch foarkomme. Guon útstoarne prehistoaryske soarten binne inkeld bekend fan fossile fynsten út 'e Tarreputten fan La Brea. It njonken de tarreputten boude George C. Page Museum, dat yn 1977 iepengie, is wijd oan it toanen fan 'e fynsten út 'e tarre.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tarreputten binne eins plakken dêr't rouwe ierdoalje út 'e ûndergrûn nei it oerflak ta opboarrelet. Yn it gefal fan 'e Tarreputten fan La Brea giet it om oalje út it Salt Lake-oaljefjild ûnder it Fairfax District benoarden Hancock Park, dat fia de Brekline fan 6th Street omheech komt. Nei't de oalje it ierdoerflak berikt hat, rint it gear yn puollen, dêr't it meitiid troch bleatstelling oan waar en wyn ferhurdet ta tarre en úteinlik ta gnobske heuveltsjes, dy't op ferskate plakken yn Hancock Park te sjen binne.

Dit opsiperjen fan oalje bart al tsientûzenen jierren. Ut en troch ûntstiet dêrby in tarrepoel mei in substânsje dy't tsjûk en kleverich genôch is foar bisten om yn fêst te reitsjen. Dat bart fral as de tarre sa tsjûk is dat it ûntrochlittich wurdt foar reinwetter. Wetter bliuwt dan op 'e tarre stean, en bisten dy't drinken sykje, geane deropta en sakje wei yn 'e tarre. Dêr komme dan wer rôfdieren op ôf, dy't de rêstrekke herbivoaren opfrette wolle, mar ynstee sels fêst komme te sitten. De kadavers fan 'e fêstrekke bisten fergeane oant inkeld de bonken oerbliuwe. Dy sinke wei yn 'e tarre. Se kleurje dûnkerbrún of swart, mar se wurde fierders troch de tarre goed preservearre.
Sa kin it dat der dramatyske foarbylden fan fossilen fan megafauna út 'e Tarreputten fan La Brea te foarskyn kommen binne. Mar de tarre preservearret ek mikrofossilen: de bonken fan kjifdieren en pipermûzen en de eksoskeletten fan ynsekten. Ek hout- en planteresten, sieden, stomoal út blommen en stof binne yn 'e tarre bewarre bleaun.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Radiometryske datearring fan hout en bonken út 'e Tarreputten fan La Brea hat oan it ljocht brocht dat it âldste bewarre bleaune (en weromfûne) materiaal datearret fan 38.000 jier lyn.
Yn it Prekolumbiaansk Tiidrek, foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan Súdlik Kalifornje troch de Jeropeänen, waard de krite dêr't no Los Angeles leit bewenne de Yndiaanske Sjûmasj (Chumash) en Tongva (Tongva). Sy brûkten de tarre út 'e Tarreputten fan La Brea om 'e naden tusken de planken te brouwen fan 'e boaten fan kustmammoetbeammehout dêr't se mei op en del by de kust fan Kalifornje lâns fearen en mei oerstieken nei de Kalifornyske Kanaaleilannen.

Inkele ferkenners dy't útstjoerd wiene troch de Spaanske ekspedysje ûnder lieding fan Gaspar de Portolà wiene yn 1769 de earste Jeropeänen dy't de Tarreputten fan La Brea seagen. In oar lid fan 'e ekspedysje, pater Juan Crespí, skreau dat de ferkenners ferslach diene dat se "geisers fan tarre [sjoen hiene] dy't út 'e ierde wei opkamen as wiene it wetterboarnen. [...] De ferkenners rapportearren dat se in hiel soad fan sokke boarnen tsjinkommen wiene en útstrutsen sompen sjoen hiene dy't út tarre bestiene [...]. Wy hiene sels net it lok om dy geisers te sjen, ek al hiene we dat mei gragens wollen; mei't se in hiel ein fan ús rûte ôf leine, woe de gûverneur [Portolà] der net alhiel hinne reizgje. Wy neamden se Los Volcanes de Brea [de Tarrefulkanen]."
Yn 'e Meksikaanske tiid (1821–1848) makken de Tarreputten fan La Brea ûnderdiel út fan it lângoed Rancho La Brea. Yn dy tiid waarden (ynsafier dokumintearre) foar it earst mei tarre oerdutsen bonken by de tarreputten fûn. Dy waarden yn 't earstoan net werkend as fossilen, mei't ek doetiidske hynders, kij, hûnen en wylde bisten yn 'e tarre bestrûpt rekke wiene. Oarspronklik wiene der mear as hûndert ûnderskate tarreputten, mar de measten waarden yn 'e njoggentjinde iuw fol smiten mei stien en ierde om't se as in gefaar foar weidzjend fee beskôge waarden. Sadwaande bleaune der mar in stik as tolve oer. In diel fan 'e Tarreputten waard yn 1886 en de dêropfolgjende jierren ôfgroeven foar de winning fan tarre troch it bedriuw Messrs Turnbull, Stewart & Co.
William Warren Orcutt, in geolooch dy't wurke foar de ierdoaljemaatskippij Union Oil, wie yn 1901 nei't it skynt de earste dy't besefte dat yn 'e tarreputten fossilisearre bonken fan prehistoaryske bisten bewarre bleaun wiene. Ta eare fan dy ûntdekking krige de Pleistosene prêrjewolf, in útstoarne ûndersoarte fan 'e prêrjewolf (Canis latrans) letter de wittenskiplike namme Canis latrans orcutti. It opgraven fan 'e fossilen út 'e tarreputten sette yn 1913 útein, nei't George Allan Hancock, de doetiidske eigner fan Rancho La Brea, it Natoerhistoarysk Museum fan Los Angeles County dêr foar in perioade fan twa jier it eksklusive rjocht foar jûn hie. Yn dy twa jier groef it museum op 96 plakken yn totaal mear as 750.000 spesimina op. In grut part fan it iere paleöntologyske wurk waard ferset troch John C. Merriam, dy't ferbûn wie oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley.

Yn 1924 skonk Hancock 9,3 ha (23 acres) fan syn ranch oan Los Angeles County, mei it betingst dat de county noed stean moast foar it behâld fan wat neitiid Hancock Park kaam te hjitten en foar de publyk tagonklike tentoanstelling fan 'e dêr opdobbe fossilen. Yn 'e 1940-er en 1950-er jierren krigen de Tarreputten fan La Brea foar it earst bekendheid bûten wittenskiplike fermiddens, doe't ferskate skeletten fan megafauna út 'e lêste iistiid út 'e tarreputten gearstald en tentoansteld waarden.
George C. Page Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It George C. Page Museum of La Brea Discoveries waard yn 'e 1970-er jierren njonken de Tarreputten fan La Brea oan Wilshire Boulevard boud om 'e tentoanstelling fan 'e fossilen út 'e tarreputten rjocht te dwaan. It museum is ûnderdiel fan it Natoerhistoarysk Museum fan Los Angeles County en waard ferneamd nei de pleatslike filantroop George C. Page, dy't de bou (mei) finansierde. De bou begûn yn 1975 en it museum gie iepen yn 1977.
It George C. Page Museum biedt syn besikers behalven útstallings fan fossilen dy't fûn binne yn 'e Tarreputten fan La Brea ek de skiednis fan 'e tarreputten. Fierders kinne de besikers ek yn Hancock Park omrinne en de tarreputten sels besjen. Fan 'e oarspronklik mear as hûndert ûndersochte putten wurde der tsjintwurdich inkeld yn Put 91 noch geregeldwei opgravings dien. Besikers kinne de paleöntologen dêr dwaande sjen yn it Pit 91 viewing station. De iennichste oare oanhâldende opgraving hjit Project 23. Behalven wittenskippers binne by de opgravings ek gâns frijwilligers belutsen, dy't troch de wittenskippers oanstjoerd wurde.

Monumintale status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tarreputten fan La Brea hawwe ûnder de formele namme "Hancock Park La Brea" de status fan in California Historical Landmark (nû. 170). Sûnt 1964 binne de Tarreputten fan La Brea ek in U.S. National Natural Landmark.
Kolleksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't de kolleksje fossilen dy't opdobbe is út 'e Tarreputten fan La Brea benammen bekend stiet om 'e útstoarne Pleistosene megafauna (lykas de Amerikaanske mammoet, de reuzewolf en de grutte koartsnútbear), binne der ek fossilen bewarre bleaun fan folle lytsere bisten. Yn tsjinstelling ta wat wol sein wurdt, binne yn 'e tarreputten gjin fossilen fan dinosauriërs oantroffen, mei't dy al lang útstoarn wiene doe't de tarreputten ûntstiene.
Minsken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is mar ien fossyl fan in minske yn 'e Tarreputten weromfûn, in diel fan in skelet dat de namme La Brea-frou krigen hat. Hja datearret fan likernôch 10.000 jier lyn (8000 f.Kr.) en wie by har dea 17 oant 25 jier âld. Mei't deun by har de fossile resten fan in domestisearre hûn opdobbe waarden, giene wittenskippers der lange tiid fan út dat it om in seremoniële begraffenis gie. Yn 2016 waard lykwols oantoand dat de hûn folle letter yn 'e tarreputten bedarre wie en dus neat mei de frou út te stean hie. Op guon bonken fan prehistoaryske bisten út 'e tarreputten binne wol kerven en oare markearrings fan wapens of ark oantroffen dy't minsklike oanwêzigens yn 'e krite fan 'e Tarreputten fan La Brea bewize. Dy bonken geane teminsten tebek oant 15.200 jier lyn.

Baktearjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Behalven fossilen waarden fan 2007 ôf yn 'e Tarreputten fan La Brea ek nije, libbene baktearjes fûn, wol 200–300 ûnderskate soarten. Dy ite de rouwe oalje en stjitte metaangas út, wat de bûlen yn 'e tarre feroarsaket.
List fan bisten yn 'e Tarreputten fan La Brea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Tarreputten fan La Brea binne de fossilen fan 'e folgjende bisten oantroffen. (De nammen fan útstoarne soarten en ûndersoarten binne markearre mei in †.)
- sûchdieren:
- primaten: minske (Homo sapiens)
- slurfdieren: Amerikaanske mammoet (Mammuthus columbi) †, Pasifyske mastodont (Mammut pacificum) †
- evenhoevigen: mûldierhart (Odocoileus hemionus), wapity (Cervus canadensis), gaffelantilope (Antilocapra americana), dwerchgaffelantilope (Capromeryx minor) †, Amerikaanske oerbizon (Bison antiquus) †, reuzebizon (Bison latifrons) †, strûkokse (Euceratherium collinum) †, platkoppekary (Platygonus compressus) †, westlik kamiel (Camelops hesternus) †, grutkoplama (Hamiauchenia macrocephala) †
- ûnevenhoevigen: Meksikaansk hynder (Equus conversidens) †, westlik hynder (Equus occidentalis) †, Kalifornyske tapir (Tapirus californicus) †
- rôfdieren: Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), brune bear (Ursus arctos) (spesifyk de grizzlybear (Ursus arctos horribilis)), grutte koartsnútbear (Arctodus simus) †, wolf (Canis lupus), reuzewolf (Aenocyon dirus) †, prêrjewolf (Canis latrans) (spesifyk: de Pleistosene prêrjewolf (Canis latrans orcutti) †), hûn (Canis familiaris), grize foks (Urocyon cinereoargenteus), gewoane sabeltosktiger (Smilodon fatalis) †, Amerikaanske kromswurdtosktiger (Homotherium serum) †, Amerikaanske liuw (Panthera atrox) †, jagûar (Panthera onca) (spesifyk de reuzejagûar (Panthera onca augusta) †), poema (Puma concolor), trumanjachtloaihoars (Miracinonyx trumani) †, reade lynks (Lynx rufus), waskbear (Procyon lotor), Noardamerikaanske katfret (Bassariscus astutus), sulverdas (Taxidea taxus), langsturtwezeling (Neogale frenata), streekt stjonkdier (Mephitis mephitis), westlik bûnt stjonkdier (Spilogale gracilis)
- toskearmen: Harlans grûnloaiert (paramylodon harlani) †, Jeffersons grûnloaiert (Megalonyx jeffersonii) †, Shastagrûnloaiert (Nothrotheriops shastensis) †
- hazze-eftigen: swartsturthazze (Lepus californicus), Kalifornyske knyn (Sylvilagus bachmani), woastynkatoensturtknyn (Sylvilagus audubonii)
- kjifdieren: dellinggoffer (Thomomys bottae), Kalifornyske mûsgoffer (Chaetodipus californicus), Pasifyske kangoeroegoffer (Dipodomys agilis), swartpoathamsterrôt (Neotoma fuscipes), Kalifornysk grûniikhoarntsje (Otospermophilus beecheyi), Merriams wangpûdiikhoarntsje (Neotamias merriami), ûnfolsleine wytpoatmûs (Peromyscus imperfectus) †, súdlike sprinkhoanmûs (Onychomys torridus), westlike nôtmûs (Reithrodontomys megalotis), Kalifornyske wrotmûs (Microtus californicus)
- ynsekte-iters: Súdkalifornyske mol (Scapanus occultus), Kalifornyske pipermûs (Sorex ornatus), grize woastynpipermûs (Notiosorex crawfordi)
- flearmûzen: bleke flearmûs (Antrozous pallidus), skiere flearmûs (Lasiurus cinereus)
- fûgels:
- goeseftigen: lytse swan (Cygnus columbianus), blesgoes (Anser albifrons), sniegoes (Anser caerulescens), lytse sniegoes (Anser rossi), rotgoes (Branta bernicla), Kanadeeske goes (Branta canadensis), kwiere dwerchgoes (Anabernicula gracilenta) †, wylde ein (Anas platyrhynchos), Amerikaanske piiptsjilling (Anas carolinensis), slob (Spatula clypteata), kanieltsjilling (Spatula cyanoptera), eastein (Mareca strepera), grutte karein (Aythya valisineria)
- hineftigen: Kalifornyske kalkoen (Meleagris californica) †, Kalifornyske toefkwartel (Callipepla californica)
- rôffûgels: Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus), keningsearn (Aquila chrysaetos), fragile earn (Buteogallus fragilis) †, Daggetts earn (Buteogallus daggetti) †, Woodwards earn (Buteogallus woodwardi) †, Grinnells toefearn (Spizaetus grinnelli) †, dwaalearn (Neogyps errans) †, Amerikaanske neofron (Neophrontops americanus) †, kwiere gierfûgel (Cathartornis gracilis) †, grouwe kealkopkondor (Gymnogyps amplus) †, La Brea-kondor (Breagyps clarki) †, Merriams tearatornis (Teratornis merriami) †, westlike swarte gier (Coragyps occidentalis) †, kalkoengier (Cathartes aura), Amerikaanske hauk (Accipiter atricapillus), readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis), rûchpoatmûzefalk (Buteo lagopus), reade rûchpoatmûzefalk (Buteo regalis), prêrjemûzefalk (Buteo swainsoni), Amerikaanske blauwe hoanskrobber (Circus hudsonicus), Amerikaanske grize glee (Elanus leucurus), Amerikaanske sparwer (Accipiter striatus), Coopers sparwer (Astur cooperii)
- falkeftigen: Amerikaanske wikel (Falco sparverius), stienfalk (Falco columbarius), sljochtfalk (Falco peregrinus), prêrjefalk (Falco mexicanus), toefkarakara (Caracara plancus) (spesifyk de La Brea-karakara (Caracara plancus prelutosus) †)
- ûle-eftigen: Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus), hoarnûle (Asio otus), fjildûle (Asio flammeus), Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), La Brea-ûle (Oraristrix brea) †, hoale-ûle (Athene cunicularia), westlike skreau-ûle (Magascops kennicottii), La Brea-dwerchûle (Asphaltoglaux cecileae) †, Kurochkins dwerchûle (Glaucidium kruochkini) †
- eiberteftigen (Ciconiiformes): tarre-earrebarre (Ciconia maltha) †, Wetmore's nintersêd (Mycteria wetmorei) †
- kraaneftigen (Gruiformes): trompetkraanfûgel (Grus americana), Page's kraanfûgel (Grus pagei) †, Kanadeeske kraanfûgel (Antigone canadensis), Amerikaanske markol (Fulica americana)
- wilstereftigen: Amerikaanske klút (Recurvirostra americana), grutte gielskonk (Tringa melanoleuca), willet (Tringa semipalmata), bûnte gril (Calidris alpina), moddersnip (Calidris alba), kildierwilster (Charadrius vociferus), Amerikaanske wylp (Numenius americanus), Amerikaanske wetterwylp (Numenius hudsonicus), La Brea-ljip (Belonopterus downsi) †, moarmerskries (Limosa fedoa), lytse grize snip (Limnodromus griseus), rôze franjepoat (Phalaropus fulicarius), slykwilster (Pluvialis squatarola), Amerikaansk waarlamke (Gallinago delicata), trijeteanmiuw (Rissa tridactyla), Amerikaanske ûnwaarsfûgel (Larus brachyrhynchus)
- dûkereftigen: tsjûkbekhjerringslynder (Podilymbus podiceps)
- pilekaaneftigen: Amerikaanske ielreager (Ardea herodias), grutte wite reager (Ardea alba), lytse ielreager (Egretta caerulea), Amerikaanske lytse wite reager (Egretta thula), Noardamerikaanske reiddomp (Botaurus lentiginosus), kwak (Nycticorax nycticorax), Amerikaanske mangrovereager (Butorides striatus), rôze leppelbek (Platalea ajaja), wytmaskeribis (Plegadis chihi)
- ginteftigen: ielgoes (Phalacrocorax carbo)
- spjochteftigen: Garretts spjocht (Breacopus garretti) †, Lewis' spjocht (Melanerpes lewis), Shaws spjocht (Melanerpes shawi) †, gouden grûnspjocht (Colaptes auratus), readboarstsopspjocht (Sphyrapicus ruber), lytse tarrespjocht (Bitumenpicus minimus) †
- koekoekeftigen: grutte rinkoekoek (Geococcyx californianus)
- do-eftigen: bânsturtdo (Patagioenas fasciata), treurdo (Zenaida macroura), trekdo (Ectopistes migratorius) †
- moskeftigen: raven (Corvus corax), Chihuahuaraven (Corvus cryptoleucus), Amerikaanske krie (Corvus brachyrhynchos), noardwestlike krie (Corvus caurinus), gielsnaffelekster (Pica nuttalli), Stellers houtekster (Cyanocitta stelleri), westlike strewelgaai (Aphelocoma californica), readboarstlyster (Turdus migratorius), La Brea-lyster (Euphagus magnirostris) †, grize nutekreaker (Nucifraga columbiana), brune towy (Pipilo fuscus), readfangtowy (Pipilo erythrophthalamus), Los Angeles-towy (Pipilo angelensis) †, dinnesiis (Carduelis pinus), goudsiis (Spinus tristis), Bells goars (Amphispiza belli), swartkopkardinaal (Pheucticus melanocephalus), swartkielgoars (Amphispiza bilineata), brúnkopkowefûgel (Monothrus ater), holsnaffelkowefûgel (Pandanaris convexa) †, Kalifornyske spotlyster (Toxostoma redivivum), Cassins keningstiran (Tyrannus vociferanx), sedersidesturt (Bombycilla cedrorum), moskgoars (Spizella passerina), jûnstsjûkbek (Coccothraustes vespertinus), reade readsturtgoars (Passerella iliaca), stânljurk (Eremophila alpestris), readeargoars (Chondestes grammacus), Amerikaanske toarnekster (Lanius ludovicianus), Gambels mies (Phoecile gambeli), epauletprotter (Angelaius phoeniceus), berchspotlyster (Oreoscoptes montanus), sjonggoars (Melospiza melodia), jûnsgoars (Pooecetes gramineus), blaukielsialia (Sialia mexicana), gielkaakgreidprotter (Sturnella neglecta), wytkrúngoars (Zonotrichia leucophrys)
- nachtsweleftigen: winternachtswel (Phalaenoptilus nuttalli)
- reptilen:
- slangen: prêrjerattelslange (Crotalus viridis), Kalifornyske swypslange (Masticophis lateralis), gewoane hoasbânslange (Thamnophis sirtalis), Sierrahoasbânslange (Thamnophis couchii), gewoane keningsslange (Lampropeltis getula), glânsslange (Arizona elegans), puntnoasslange (Rhinocheilus lecontei), Sinaloänachtslange (Hypsiglena torquata), Amerikaanske bolleslange (Pituaphis melanoleucus), ringnekslange (Diadophis punctatus), hurdrinner (Coluber constrictor)
- hagedissen: kustpodhagedis (Phrynosoma coronatum), bûnte leguaan (Uta stansburiana), woastynnachthagedis (Xantusia vigilis), woastynstikelleguaan (Sceloporus magister), westlike hageleguaan (Sceloporus occidentalis), súdlike alligatorhagedis (Elgaria multicarinata), westlike skink (Plestiodon skiltonianus), westlike rinhagedis (Aspidoscelis tigris)
- skyldpodden: Pasifyske wetterskyldpod (Actinemys marmorata)
- amfibyen: Arizonapod (Anaxyrus microscaphus), noardlike pod (Anaxyrus boreas), noardlike readpoatkikkert (Rana aurora), beamsalamander (Aneides lugubris)
- fisken: reinbôgeforel (Oncorhynchus mykiss), Orcutts chub (Gila orcutti), trijetoarnich toarnderke (Gasterosteus aculeatus)
- lidpoatigen:
- ynsekten: ferskate soarten wetterjuffers, libellen, miggen, sprinkhoannen, termiten, sikaden en toarren
- kreefteftigen: ferskate soarten rôlstienkrobben en wetterflieën
- spineftigen: ferskate soarten spinnen, langpoatspinnen en skorpioenen
- tûzenpoateftigen: ferskate soarten tûzenpoaten en miljoenpoaten
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|