Tarastirns
| tarastirns | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Sterna striata | ||||||||||||
| Gmelin, 1789 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
De tarastirns (Sterna striata) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae) en de ûnderfamylje stirnzen (Sternini). De fûgel is in hast bedrige soarte, dy't oan 'e eastlike kust fan Austraalje en de kustkriten fan Nij-Seelân foarkomt.
Bekriuiwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tarastirnzen binne middelgrutte stirnzen fan likernôch 41 sm lang mei in swarte mûtse, in wite foarholle, swarte snaffel en donkerreade koarte poaten. De boppedielen binne ljochtgriis, somtiden wytich. De ûnderkant is folslein wyt. Bûten de briedtiid is de wite foarholle wat grutter en binne de lange sturtfearren ôfwêzich.
Systematyk en fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tarastirns is ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- Sterna striata incerta – Flinders Island en Cape Barren Island foar de kust fan Tasmaanje.
- Sterna striata striata - briedt yn Nij-Seelân en is wintergast yn kustgebieten fan súdeastlik Austraalje.
- Sterna striata aucklandorum – Chathameilannen, Aucklandeilannen en mooglik Snare-eilannen.
Guon behannelje de soarte as monotypysk, itjinge betsjut dat de soarte gjin ferdieling yn ûndersoarten hat.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte wurdt yn kustgebieten oantroffen en yt fisk en garnalen. Hy foerazjearret faak yn groepen yn 'e brâning of in oear kilometer de see yn en dûkt fan in hichte fan sân oant tsien meter.
De fûgel is sosjaal en briedt tusken augustus en jannewaris op rotsige of sânstrannen, mar ek op grinteilannen yn rivieren en op kliffen. Hy briedt yn koloanjes fan meastentiids 100 oant 500 pearkes, mar oan 'e râne fan it ferspriedingsgebiet binne de koloanjes faak lyts. In lechsel bestiet út ien oant twa aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 2018 waard de populaasje fan 'e soarte troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) noch as net bedrige beskôge. Ut nije ynformaasje die bliken dat de oantalle rap ôfnimme en dêrfandinne wurdt de soarte no kategorisearre as hast bedrige (Near Threatened, 2018). De populaasje waard earder op 1,5 miljoen fûgels rûsd, mar dat wie slim oerdreaun. De populaasje fan 'e nominaatfoarm wurdt tusken de 5.000 en 20.000 rûsd, de aucklandorum tusken 1.000-5.000, en de incerta op mar 120 folwoeksen fûgels.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tara is it Māori-wurd foar stirns.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
