Springe nei ynhâld

Taoiseach

Ut Wikipedy
Micheál Martin waard yn 2025 de taoiseach fan Ierlân.

Taoiseach (útspr.: ['ti:ʃəx], likernôch: "tii-sjuch"; Lûdsfragmint beharkje; meartal: taoisigh) is de formele titel fan 'e premier en regearingslieder fan 'e Republyk Ierlân. De taoiseach wurdt beneamd troch de presidint fan Ierlân op nominaasje fan 'e Dáil Éireann, it legerhûs fan 'e Oireachtas, it Ierske parlemint. Om yn syn amt te bliuwen, moat de taoiseach de stipe fan in mearderheid fan 'e leden fan 'e Dáil behâlde. As er dy stipe net hat, moat er syn amt dellizze.

It wurd taoiseach is Iersk en betsjut "haadman" of "lieder". It waard yn 1937 opnommen yn 'e Grûnwet fan Ierlân as de offisjele titel fan 'e premier. Hoewol't it in Iersktalich wurd is, moat it sawol yn it Iersk as yn it Ingelsk (de beide offisjele talen fan Ierlân) brûkt wurde. It is inkeld fan tapassing op 'e premier fan Ierlân en wurdt net (ek yn it Iersk net) brûkt foar premiers fan oare lannen. Dy wurde nammentlik yn it Iersk oantsjut as príomh aire.

List fan taoisigh

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
# namme amtstermyn politike partij
begjin ein
1.Éamon de Valera29 desimber 1937 18 febrewaris 1948Fianna Fáil
2.John A. Costello18 febrewaris 1948 13 juny 1951Fine Gael
Éamon de Valera (2e kear) 13 juny 1951 2 juny 1954Fianna Fáil
John A. Costello (2e kear) 2 juny 1954 20 maart 1957Fine Gael
Éamon de Valera (3e kear) 20 maart 1957 23 juny 1959Fianna Fáil
3.Seán Lemass23 juny 1959 10 novimber 1966Fianna Fáil
4.Jack Lynch10 novimber 1966 14 maart 1973Fianna Fáil
5.Liam Cosgrave14 maart 1973 5 july 1977Fine Gael
Jack Lynch (2e kear)5 july 1977 11 desimber 1979Fianna Fáil
6.Charles J. Haughey11 desimber 1979 30 juny 1981Fianna Fáil
7.Garret FitzGerald30 juny 1981 9 maart 1982Fine Gael
Charles J. Haughey (2e kear) 9 maart 198214 desimber 1982 Fianna Fáil
Garret FitzGerald (2e kear) 14 desimber 1982 10 maart 1987Fine Gael
Charles J. Haughey (3e kear) 10 maart 198711 febrewaris 1992 Fianna Fáil
8.Albert Reynolds11 febrewaris 1992 15 desimber 1994Fianna Fáil
9.John Bruton15 desimber 1994 26 juny 1997Fine Gael
10.Bertie Ahern26 juny 1997 6 maaie 2008Fianna Fáil
11.Brian Cowen7 maaie 2008 9 maart 2011Fianna Fáil
12.Enda Kenny9 maart 2011 12 juny 2017Fine Gael
13.Leo Varadkar12 juny 2017 27 juny 2020Fine Gael
14.Micheál Martin27 juny 2020 17 desimber 2022Fianna Fáil
Leo Varadkar (2e kear)17 desimber 2022 8 april 2024Fine Gael
15.Simon Harris8 april 2024 23 jannewaris 2025Fine Gael
Micheál Martin (2e kear)23 jannewaris 2025 Fianna Fáil
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.