Springe nei ynhâld

Rôze flaggesturtiisfûgel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tanysiptera nympha)
Rôze flaggesturtiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaiflaggesturtiisfûgels (Tanysiptera)
soarte
Tanysiptera nympha
Gray, 1840
IUCN-status: net bedrige

De rôze flaggesturtiisfûgel (Tanysiptera nympha) is ien fan 'e njoggen fûgelssoarten fan it skaai flaggesturtiisfûgels (Tanysiptera) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Mei de lange sturtfearren wurdt de fûgelsoarte 30 oant 35 sm lang. It gewicht sit tusken de 47 en 57 gram. Der binne yn it fearrekleed gjin grutte ferskillen tusken mantsjes en wyfkes.

De fûgel hat in reade snaffel, in blauwe kroan, in swarte eachstreek, in oranje boarst en búk, in read boppebealchje en swartblauwe wjukken. De lange sturtfearren - karakteristyk foar paradysfûgels - binne blaueftich.

In populaasje libbet yn it meast westlike diel fan Nij-Guineä ynklusyf it skiereilân Fûgelkop. In oare populaasje libbet hielendal yn it noardeasten fan it eilân fan it Adelbert-berchtme oant it Huonskiereilân. It biotoop fan 'e soarte bestiet út bosk oant maksimaal 900 m. Alhoewol't de twa populaasjes fier útinoar lizze, is it in monotypyske skaai.

De fûgel yt ynsekten.

De soarte soe lokaal algemien foarkomme yn syn lytse ferspriedingsgebiet. Om't de fûgel ôfhinklik is fan bosk en der in ôfname is fan it boskareaal, wurdt der fanút gien dat de soarte efterút giet. De tebekgong giet lykwols net hiel hurd en dêrfandinne wurdt de soarte troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: