Arûflaggesturtiisfûgel
| Arûflaggesturtiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tanysiptera hydrocharis | ||||||||||||
| Gray, 1858 | ||||||||||||
| IUCN-status: ûntbrekt fanwegen brek oan ynformaasje (2017) | ||||||||||||
De Arûflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera hydrocharis) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
De soarte is nau besibbe oan 'e flaggesturtiisfûgel, dy't yn in grut ferspriedingsgebiet op Nij-Guineä en de Molukken yn in soad ûndersoarten foarkomt. Oannommen wurdt dat de Arûflaggesturtiisfûgel fan dy soarte ôfstamt en him op 'e Arû-eilannen ûntwikkele ta in aparte soarte. Fan dêrwei hat de soarte ek Nij-Guineä kolonisearre, dêr't de twa soarten inoar no oerlaapje. Der fine gjin krusings tusken de twa soarten plak.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Arûflaggesturtiisfûgel wurdt mei syn sturt likernôch 33 oant 34 lang. De twa middelste sturtpinnen binne likernôch 10 oant 11 sm langer as de oare sturtfearren. In folwoeksen fûgel hat in yn ferhâlding grutte reade snaffel, mar dy is in stik lytser as de snaffel fan 'e gewoane flaggesturtiisfûgel. De wjukken binne ek lytser.
De kroan fan 'e fûgel en de skouders binne donkerblau, de eachstreek is blauswart en sa ek de mantel. De fearkes op it boarst en de búk binne wyt. De sturt is donkerblau en de twa lange sturtpinnen binne blau mei wite spatels.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt op 'e Yndonezyske Arû-eilannen en yn it suden fan Nij-Guineä foar yn tropysk bosk oant 300 m. Yn syn ferspriedingsgebiet komme ek de flaggesturtiisfûgel en de Australyske flaggesturtiisfûgel foar. De Arûflaggesturtiisfûgel jout mear as de flaggesturtiisfûgel de foarkar oan drûger bosk.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels fange ynsekten op 'e boaiem.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bekend is dat de soarte yn it suden fan Nij-Guineä libbet, mar by in ekspedysje binne mar in hânfol waarnimmingen dien. Der is gjin wisse ynformaasje oer it fersprieidingsgebiet, de grutte fan 'e populaasje en de ûntwikkeling dêrfan. Om dy redenen wurdt de fûgel troch de IUCN gjin status takend.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
