Opaalstúttangare
| Opaalstúttangare | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tangara velia | ||||||||||||
| (Linnaeus), 1759 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De opaalstúttangare (Tangara velia) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt 12 oant 14 sm lang en 18 oant 23 gram swier. Oer it generaal oerhearskje de blauwe kleurtoanen yn it oansjen fan 'e fûgels. Guon dielen fan it lichem binne oars fan kleur: de boppekant fan it kopje, de nekke, de rêch en de kielbân binne swart, de búk is readbrún en de stút is gielgrien. Beide skaaien ferskille skraachwurk yn kleur fan inoar; de wyfkes binne krekt wat bleker.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Njonken de nominaatfoarm Tangara velia velia dy't yn 'e heechlannen fan Guyana foarkomt, binne der noch trije oare ûndersoarten bekend:
- Tangara velia iridina: yn eastlik Kolombia, Ekwador, Perû en Fenezuëla, yn noardlik Bolivia en yn 'e Braziliaanske steaten Amazonas, Rio Grande do Norte en Mato Grosso.
- Tangara velia signata: yn 'e Brazyljaanske steat Pará.
- Tangara velia cyanomelas: in isolearre populaasje oan 'e eastkust fan Brazylje fan Pernambuco oant Rio de Janeiro.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels ite benammen fruit en wat minder ek lidpoatigen. Fruchten wurde meastentiids mei de kop nei ûnder iten. Se foerazjearje fakentiden yn 'e beamtoppen. Opaalstúttangaren libje yn pearkes of lytse kloften, somtiden yn selskip mei oare tangaresoarten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opaalstúttangare is net seldsum yn beskerme gebieten en nasjonale parken en wurdt dêrom troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) as net bedrige (LC) klassifisearre op 'e Reade list. Yn it gefal fan 'e ûndersoarte Tangara velia cyanomelas is der lykwols ferlies fan habitat.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
