Blauswarte tangare
| Blauswarte tangare | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tangara vassorii | ||||||||||||
| Boissonneau, 1840 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De blauswarte tangare (Tangara vassorii) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blauswarte tangare wurdt 13 sintimeter. It mantsje is benammen kobaltblau, it wyfke is doffer fan kleur. De fûgel hat in smel masker, de wjukken en de sturt binne swart. De ûnderste wjukdekveren en wjukstreken binne ek kobaltblau.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt relatyf faak foar by fochtige boskrânen en yn oerwoekere greiden op hichten tusken 1020 oant 3760 m meter. Se kinne lykwols ek waarnommen wurde yn leechhout.

De binne trije ûndersoarten beskreaun, dy't benammen ferskille yn kleur en ferspriedingsgebiet:
- Tangara vassorii vassorii – nominaatfoarm, komt foar yn 'e Andes fan Kolombia oant noardwestlik Fenezuëla, Ekwador en noardwestlik Perû.
- Tangara vassorii branickii – dy ûndersoarte hat in sulveren kroan en nekke. Komt foar yn 'e Andes fan noardlik en Sintraal-Perû.
- Tangara vassorii atrocoerulea – Andes fan Noard-Perû nei it suden ta oant Huánuco yn 'e midden fan it lân. It blau fan dizze ûndersoarte is wat ljochter as dat fan T. v. Vassorii. Der binne swarte plakken op 'e rêch, flanken, it boarst en de búk, dy't ûntbrekke by de nominaatfoarm. Guon fûgels ha ek in lyts, rûn, gielich skimerjend plak op 'e kroan.
- Tangara vassorii vassorii
(Jean-Gabriel Prêtre) - Tangara vassorii branickii
(Joseph Smit)
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte soe frij algemien wêze. Wol is der yn it ferspriedingsgebiet sprake fan wat ferlies fan habitat. Dêrfandinne wurdt oannommen dat de oantallen tebekrinne. De IUCN klassifisearret de fûgel lykswols as net bedrige op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
