Springe nei ynhâld

Brúnwangtangare

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tangara rufigenis)
Brúnwangtangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiechte tangaren (Tangara)
soarte
Tangara rufigenis
(Sclater), 1857
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De grize tangare (Tangara rufigenis) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

De brúnwangtangare is in blaugriene tangare mei in rustbrún eachmasker. De rêch is donkerder akwamaryblau, de ûnderkant fral turkoais. It búkje is krêmkleurich en de ûnderste sturtdekveren binne kanielbrún. De skaaien binne lyk oan inoar.

De fûgel is endemysk yn 'e kustbergen fan noardlik Fenezuëla (súdlik Lara oant Caracas (Distrito Federal)). De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat de soarte net is ferdield yn ûndersoarten.

De brúnwangtangare is in net gewoane fûgel yn dizebosken en by boskrânen, it meast foarkommend op middelhege hichten tusken 900 en 2.100 m. De fûgel wurdt meast allinnich waarnommen, mar ek yn lytse kloften fan mingde soarten, as se yn 'e toppen fan beammen oant de middelste laach fan it bosk foerazjearje.

Nettsjinsteande syn beheinde ferspriedingsgebiet en it feit dat tocht wurdt dat de oantallen ôfnimme, wurdt de populaasje troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) as net bedrige (LC, 2018) beskôge.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: