Springe nei ynhâld

Turkoaistangare

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tangara mexicana)
Turkoaistangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiechte tangaren (Tangara)
soarte
Tangara mexicana
(Linnaeus), 1766
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De turkoaistangare (Tangara mexicana) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Fûgel yn Florida (FS).

De soarte wurdt 12 oant 14 sintimeter lang en hat in gewicht fan 17 oant 26 gram. By de basis fan 'e snaffel en op 'e krun is de fûgel swart. De rest fan it kopke en it boarst binne blau, de wjukken en sturtfearren binne foar it measte donkerblau oant fiolet. Ofhinklik fan it ljocht kriget it fearrekleed bytiden in turkwaze kleur. De búk is giel, mar by de ûndersoarte Tangara mexicana brasiliensis is dy wyteftich. Beide skaaien ferskillen hast net fan inoar; de wyfkes binne in bytsje bleker.

Njonken de nominaatfoarm Tangara mexicana mexicana, dy't foarkomt yn 'e regio Guyana en eastlik Brazylje, binne trije oare ûndersoarten bekend:

  • Tangara mexicana boliviana – yn it easten Kolombia, Ekwador en Perû, yn it noarden fan Bolivia en yn 'e Brazyljaanske dielsteaten Amazonas, Pará, Goiás en Mato Grosso.
  • Tangara mexicana media – yn it Kolombiaanske departemint Vichada en yn it noardeasten en suden fan Fenezuëla.
  • Tangara mexicana vieilloti – op Trinidad.

Turkoaistangaren hawwe de foarkar foar fochtige boskrânen en rivieriggen yn gebieten fariëarjend fan leechlân oant in hichte fan 1000 meter.

Sûnt 2023 krige de eardere ûndersoarte Tangara mexicana brasiliensis de status fan soarte. Hjoed-de-dei stiet de fûgel bekend as de wytbúktangare of Braziliaanske tangare (Tangara brasiliensis). It is in isolearre populaasje oan 'e eastkust fan Brazylje fan Porto Seguro oer Rio de Janeiro oant krekt foar Santos en São Paulo.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgels ite benammen fruit en, wat minder, ek lidpoatigen. Se wurde yn pearkes of lytse groepkes fan trije oant tsien fûgels sjoen, selden mei oare tangaresoarten. It bekerfoarmige nêst wurd allinnich troch it wyfke makke fan moas, blêd, planttried en bestiet út twa oant trije grize oant grienige aaikes mei brúneftige of readeftige stipkes. Yn finzenskip is in ynkubaasjetiid fan 12 oant 14 dagen waarnommen. Der is yn dit ramt gjin ûnderfining yn it fjild.

De turkoaistangare is net seldsum yn beskerme gebieten en nasjonale parken en wurdt dêrom troch de IUCN klassifisearre as net bedrige (LC). Der wurdt oannommen dat de oantallen fan 'e soarte tebekrinne.

De ûndersoarte Tangara mexicana brasiliensis is lykwols foar in diel syn eardere ferspriedingsgebiet kwytrekke troch kultivaasje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: