Springe nei ynhâld

Sulverkieltangare

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tangara icterocephala)
Sulverkieltangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiechte tangaren (Tangara)
soarte
Tangara icterocephala
Bonaparte, 1851
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De sulverkieltangare (Tangara icterocephala) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Sulverkieltangare yn Kosta Rika.

De sulverkieltangare wurdt 13 sm lang en 17,7 oant 24,7 gram swier. Se binne foar it measte giel. De goudgiele kop en sulverwite kiel binne typysk foar de soarte. Fan 'e basis fan 'e snaffel oant it healwei de kop rint in swart snoreftige streek. De rêchfearren binne brunich oant gielich, de primêre en sekundêre fearren en de sturtfearren binne brún mei gielgriene rânen. De skaaien ferskille hast net fan inoar, mar de wyfkes binne wat bleker.

De soarte wurdt yn trije ûndersoarten ferdield:

  • Tangara icterocephala frantzii: Kosta Rika en West-Panama.
  • Tangara icterocephala oresbia: it westlike part fan Sintraal-Panama.
  • Tangara icterocephala icterocephala: fan eastlik Panama oant westlik Ekwador.

Sulverkeeltangare hawwe in foarkar foar fochtige bosken, boskrânen en berchhellingen op hichten tusken 150 en 2100 meter.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgels ite benammen fruchten en wat minder lidpoatigen. Se libje yn pearkes of yn lytse groepkes, soms yn selskip mei oare tanagersoarten. Ofhinklik fan klimatologyske omstannichheden en hichte wurde ien of twa lechsels yn 't jier produsearre, yn Kolombia bygelyks tusken febrewaris en april en yn oktober. It nêst wurdt yn trije oant seis dagen fan moas, blêden en side fan spinnewebben boud yn strûken of beammen op hichten tusken ien en alve meter boppe de grûn en bestiet út twa witige oant ljochtgrize aaikes mei brune plakjes. Allinnich de froulike rassen. De aaikes wurde yn 13 oant 14 dagen troch it wyfke útbret. Nêstjongen wurde troch beide âlden fuorre en fleane nei 15 dagen út.

De sulverkieltangare is net seldsum yn beskerme gebieten en nasjonale parken en wurdt dêrom troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) klassifisearre as net bedrige (LC). Bûten de beskerme gebieten is lykwols al in delgong fan 'e soarte waarnommen troch it ferlies oan habitat as gefolch fan kultivaasje. Neffens in rûge rûzing fan 2019 bestiet de wrâldpopulaasje út 500.000 oant 5.000.000 folwoeksen fûgels.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: