Springe nei ynhâld

Brúnkoptangare

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tangara gyrola)
Brúnkoptangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiechte tangaren (Tangara)
soarte
Tangara gyrola
Linneaus, 1758
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De brúnkoptangare (Tangara gyrola) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Fûgel yn Kosta Rika.

De brúnkoptangare is in tangaresoarte mei in meast grien bealchje en in readbrúne kop. Guon populaasjes ha in blauwe ûnderkant, wylst oaren dêr folslein grien binne. De soarte liket op 'e brúnwjuktangare (Tangara lavinia), mar hat altiten griene wjukken.

De brúnkoptangare is ferdield yn njoggen ûndersoarten yn trije groepen mei de folgjende ferdieling:

  • albertinae-groep
    • Tangara gyrola bangsi – tropysk en subtropysk Kosta Rika en West-Panama.
    • Tangara gyrola deleticia – Panama (Darién) en West-Kolombia
    • Tangara gyrola nupera – súdwestlik Kolombia (Nariño) en West-Ekwador
    • Tangara gyrola catharinae – noardlik Kolombia en de noardeastlike Andes fan Kolombia oant Sintraal-Bolivia
    • Tangara gyrola parva – súdeastlik Kolombia oant it suden fan Fenezuëla, noardeastlik Perû en Noardwest-Brazylje
    • Tangara gyrola albertinae – Brazylje súd fan 'e Amasône (Rio Purus oant Pará, noardlik Mato Grosso)
  • viridissima/toddi-groep
    • Tangara gyrola toddi – berchgebieten fan noardlik Kolombia en noardwestlik Fenezuëla
    • Tangara gyrola viridissima – kustkriten fan noardeastlik Fenezuëla ynklusyf Trinidad
  • Tangara gyrola gyrola – súdeastlik Fenezuëla oant Guyana en noardlik Brazylje

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brúnkoptangaren libje yn 'e middeste en hege lagen fan beammen en boskrânen fan subtropysk en tropysk bosk. Se wurde dêr fakentiden oantroffen yn keppels mei oare soarten. Se libje fan fruchten.

Neffens in rûge rûzing fan 2016 bestiet de populaasje út 5.000.000 oant 50.000.000 folwoeksen fûgels. De oantallen rinne tebek, mar net sa bot en dêrfandinne klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de fûgel as net bedrige (LC, 2021).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: