Griennekketangare
| Griennekketangare | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tangara fucosa | ||||||||||||
| Nelson, 1912 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De griennekketangare (Tangara fucosa) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Griennekketangaren ha ljochtgriene plakken op it wang en yn 'e nekke en donkere plakken op it boarst en de flanken, in swarte rêch en blauwe rannen op 'e wjukfearren.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in beheind ferspriedingsgebiet en komt yn 'e heechlannen fan it grinsgebiet fan Panama (Darién) en Kolombia. De soarte is monotypysk, itjinge sizze wol dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is. De soarte libbet yn berchwâlden en oan boskrânen oant in hichte fan likernôch 600 m oant 1350 m, dêr't se fakentiden yn pearkes en lytse groepkes mei oare soarten foerazjearje yn 'e middelse en boppeste beamlagen.
De griennekketangare is net lang lyn ôfsplitst fan 'e glânsplaktangare, dy't yn West-Panama en Kosta Rika libbet en in soad hat fan 'e griennekketangare, mar net mei it ferspriedingsgebiet oerlapet.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje wurdt tusken 1.300 en 16.000 folwoeksen fûgels rûsd (2020). De populaasje is stabyl (2024) en de IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC, 2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
