Springe nei ynhâld

Glânsplaktangare

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tangara dowii)
Glânsplaktangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiechte tangaren (Tangara)
soarte
Tangara dowii
Salvin, 1863
net bedrige
ferspriedingsgebiet

Ferspriedingsgebiet yn Midden-Amearika.

De glânsplaktangare (Tangara dowii) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

De glânsplaktangarer is in lyts en aktyf lid fan 'e famylje. It hat in karakteristike oranje búk, kobaltblauwe wjukken en turkwaze plakken op it boarst, it wang en yn 'e nekke. It gesicht is ek swart. Mantsjes en wyfkes binne oan inoar allyk.

Fûgle yn Monteverde, Kosta Rika.

De fûgel komt foar yn 'e bercheftige reinwâlden fan Kosta Rika en westlik Panama foar. De glânsplaktangare wurdt as monotypysk behannele, dat wol sizze dat de soarte net ûnderferdield is yn ûndersoarten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De glânsplaktangare wurdt yn bosken en boskrânen oantroffen en faak yn pearkes of yn migrearjende mingde keppels mei oare soarten waarnommen. Se ite fruchten.

Alhoewol't it ferspriedingsgebiet beheind is en tocht wurdt dat de oantallen fan 'e soarte ôfnimt, beskôget de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige. It oantal wurdt op likernôch 50.000 oant in heal miljoen folwoeksen fûgels rûsd.

De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel is ta eare fan John Melmoth Dow (1827-1892), in Amerikaanske kaptein, ûntdekkingsreizger, natuerkundige en samler fan eksimplaren.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: