Oranjeboarsttangare
| Oranjeboarsttangare | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tangara desmaresti | ||||||||||||
| Vieillot, 1819 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Ferspriedingsgebiet yn Brazylje. |
De oranjeboarsttangare (Tangara desmaresti) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae). It is in endemyske fûgel fan Brazylje.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De oranjeboarsttangare is in lytse tangare mei felle kleuren. De snaffel en it gebiet dêromhinne is swart. Om it each en op 'e foarholle is it fûgeltsje blau en der is in swart plak op 'e kiel. It boarst is oranje. De boppedielen en wjukken binne giel en swart en grien en swart streke. Under is de fûgel foar it meast grien.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn 'e bercheftige kriten tusken 800 en 1800 m heech by de kust fan súdeastlik Brazylje (Espirito Santo oant eastlik Paraná) en wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oranjeboarsttangare wurdt yn bercheftich bosk oantroffen. Dêr is it in beweechlik fûgeltsje en wurdt er fakentiden waarnommen yn migrearjende keppels fan mingde soarten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oranjeboarsttangaeren ha in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (LC, ).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel ferwiist nei de Frânske soölooch Anselme Gaëtan Desmarest (1784-1838).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
