Readhalstangare
| Readhalstangare | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tangara cyanocephala | ||||||||||||
| Müller, 1776 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De readhalstangare (Tangara cyanocephala) is in fûgelsoarte yn it skaai echte tangaren (Tangara) út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De readhalstangare is in lytse tangare mei meast griene fearren. Der fûgel hat blau op 'e kop en kiel en read op 'e wangen en yn 'e nekke. Om 'e snaffel sit in smelle swart gebiet. Tusken mantsjes en wyfkes is in dúdlik ferskil op 'e rêch: by mantsjes is dy swart, by wyfkes is dy swart mei grien.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De readhalstangare wurdt ferdield yn trije ûndersoarten:
- Tangara cyanocephala cearensis – komt foar yn bosken yn noardeastlik Brazylje (Ceará).
- Tangara cyanocephala corallina – komt foar yn eastlik Brazylje (Pernambuco oant Bahia).
- Tangara cyanocephala cyanocephala – komstfoar yn it súdeasten fan Brazylje (súd-Bahia) oant eastlik Paraguay en noardeastlik Argentynje.
It biotoop fan 'e soarte bestiet út fochtige bosken, boskrânen en iepen bosk. Se wurde faak yn groepen waarnommen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearre de fûgel dêrfandinne as net bedrige (LC, 2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
