Springe nei ynhâld

Wytbúktangare

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tangara brasiliensis)
Wytbúktangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiechte tangaren (Tangara)
soarte
Tangara brasiliensis
Linnaeus, 1766
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De wytbúktangare (Tangara brasiliensis) is in fûgelsoarte út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

Earder waard de wytbúktangare as in ûndersoarte fan 'e turkoaistangare (Tangara mexicana) beskôge. Yn 2016 waard de fûgel troch BirdLife International as aparte soarte erkend en yn 2023 folge ek it ynfloedrike IOC.

Ofhinklik fan it ljocht liket de fûgel donker, mar de kop en it boarst binne foar it meast blau. De fûgel is swart op 'e krún en om 'e snaffel en hat blauwe flanken mei swarte plakjes. De boppedielen binne foar in grut part swart mei blauwe aksinten. De búk is wyt.

It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel leit oan 'e kustkrite fan Brazylje tusken Bahia en Rio de Janeiro. Se libje foar in part yn it Atlantysk Wâld, mar se wurde ek yn jonge bosken en beamrike tunen yn bewenne gebieten oantroffen.

Meastentiids wurde se yn pearkes of yn lytse homogene groepen waarnommen.

Hoe grut de wrâldpopulaasje likernôch is, is net bekend, mar de soarte wurdt as frij algemien beskreaun. It oarspronklike habitat fan 'e fûgel is de lêste tiid lytser woarn en dêrfandinne wurdt der oannommen dat de oantallen fan 'e fûgel ek ôfnimme. De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige klassifisearre (LC, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: