Tampico (Illinois)
Appearance
Tampico | ||
Mainstreet, rjochts it bertehûs fan Ronald Reagan | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Illinois | |
County | Whiteside County | |
Boargemaster | Kristine Hill | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 778 (2012) | |
Oerflak | 1 km² | |
Befolkingsticht. | 778 / km² | |
Hichte | 195 m | |
Oar | ||
Stifting | 1875 | |
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Offisjele webside | ||
Tampico |
Tampico is in plak (village) yn de Amerikaanske steat Illinois, yn Whiteside County. Main Street yn Tampico is in histoarysk distrikt, fral meidat de eardere presidint Ronald Reagan dêr yn 1911 berne waard yn in appartemint boppe in bank (sjoch foto).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebiet dêr't letter Tampico kaam te lizzen wie in sompe. De earste net-lânseigen bewenners kamen yn 1852. De township Tampico waard yn 1861 stichte. Yn de jierren 1863-64 waard it gebiet drûchlein. It pleatslike spoar waard yn 1871 iepene. Juny 1874 waard it plak rekke troch in tornado, dy't 27 gebouwen ferneatige. Yn 1875 waard it Tampico in municipal corporation.[1]
Berne yn Tampico
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ronald Reagan (6 febrewaris 1911), 40e presidint fan de Feriene Steaten
- Joseph M. Reeves (20 novimber 1872), admiraal yn de Amerikaanske Marine
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tampico, Illinois fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |