Tames Oud

Ut Wikipedy

Tames Oud (Nes (It Amelân), 18 maaie 1895 - De Haach, 24 jannewaris 1953) wie keunstskilder en grafikus.

Oud waard berne op It Amelân, mar ferliet it eilân doe't er 19 jier wie. Hy hat stoker en fisker west. Hy libbe en arbeide lange tiid yn Brussel, Belgje.

Yn Belgje skildere er ûnder oaren yn 1946 wurk mei as tema Kristus' yntocht yn Flaanderen'. It wurk is te fergelykjen mei James Ensor syn 'Intocht van Christus in Brussel', mar it is skildere yn in styl dy't mear hat fan dy fan de Flaamske skilder Constant Permeke. It Amelân hat Oud nea loslitten. Syn hiele libben is er trochgien mei it ferbyldzjen fan syn bertegrûn: de strannen, de see, hûskes en plakjes. Doe't Oud werom kaam yn Nederlân hat er keunstners as Tytgat, Permeke, Brusselmans, Desmet en oaren 'meinaam'.

Tames Oud syn wurk is breed wat techniken en tema oanbelanget, faak eksperimenteel en hat skaaimerken fan ferskillende keunststreamings. Hy hat al by syn libben meidien oan in grut tal eksposysjes yn Nederlân, Dútslân, Belgje en Amerika. Yn 1981 wie der in frij grutte Tames Oud oersjoch-útstalling yn it Frysk Museum yn Ljouwert. Doe is ek it boekje "Tames Oud van Ameland" útbrocht.

Kar út syn wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Landschap met paard, 1935-50
  • De pijpenrokers. Oaljeferve op doek
  • Kanaal van Willebroeck, 1921
  • Sunterklasen
  • Eenzaamheid 1935
  • Schelpenzee 1938, 80 x 100 sm, Museum Belvedêre
  • Naar huis 1935. Oaljeferve op doek (79x98,5 sm)
  • Haven Scheveningen 1949

Musea mei in Oud-kolleksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Peter Karstkarel, - 'De tegendraadse tekens van Tames Oud',
  • Yn: Tableau, twadde jiergong nr. 2, des'79/ jan '80, siden 93-96, mei fiif ôfbylden yn kleur, fjouwer yn 't swart/wyt en twa portretfoto's.

Keppelings om útens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]