Talen fan de Jeropeeske Uny

Ut Wikipedy

De offisjele talen fan de ynstituten fan de Jeropeeske Uny binne:

Alles wat besletten wurdt troch de ynstellings, wurde oerset yn alle offisjele talen. Jeropeeske boargers hawwe dêrnjonken it rjocht harren memmetaal by de Jeropeeske ynstellings te brûken at dy ek erkenning hat. Yn de Jeropeeske Ried en it Jeropeeske Parlemint mei yn alle offisjele talen sprutsen wurde. Dokuminten fan it Jeropeeske hôf fan Justysje wurde yn alle offisjele talen oerset. It Malteesk hat in spesjale posysje. Besluten wurde fan de Ried fan Ministers en it Jeropeesk Parlemint wurde al yn it Malteesk oerset, mar dy fan it Jeropeeske hôf fan Justysje net. Dit hat foar it grutste part te krijen mei tekoart oan Malteeske oersetters. De Ried fan Ministers komt ta besluten oangeande hokker taal in offisjele Jeropeeske taal wurdt, mei help fan in Jeropeeske oardering.

Oare talen yn de Jeropeeske Uny[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Spaanske regear sil meikoarten mei it útstel komme it Katalaansk as semy-offisjele taal te brûken foar de takomstige Jeropeeske grûnwet.

It Poalske parlemintslid Małgorzata Handzlik hat in lobby foar it ynfieren fan de ynternasjonale taal Esperanto as twadde taal yn Jeropa. Op 1 april 2004 waard hjiroer stimd. Fan de 626 leden wienen der 346 net oanwêzich, en fan de 280 oanwêzigen hat 43% foar stimd.

Oare talen dy't yn de Jeropeeske Uny sprutsen wurde, mar (noch) gjin offisjele erkenning krigen hawwe troch de Jeropeeske Uny binne:

Dit artikel is in stobbe oer taal.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.