Talaudiisfûgel
Talaudiisfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Todiramphus enigma | ||||||||||||
Hartert, 1904 | ||||||||||||
![]() | ||||||||||||
De Talaudiisfûgel (Todiramphus enigma) is in fûgelsoarte fan it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De fûgel waard yn 1897 sammele en yn 1904 troch Ernst Hartert as aparte soarte wittenskiplik beskreaun.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Talaudiisfûgel wurdt likernôch 21 sm lang en hat in soad fan 'e wytkraachiisfûgel (Todiramphus chloris), dy't in folle grutter ferspriedingsgebiet hat. De Talaudiisfûgel is lykwols trochstrings 3 sm koarter. De Talaudiisfûgel hat in swart masker, in griene kroan en is grien op 'e rêch. De wjukken en de sturt binne blau en it boarst en de búk binne wyt. De snaffel en de sturt binne koarter as dy fan 'e wytkraachiisdfûgel (Todiramphus chloris) is, sadat de Talaudiisfûgel wat knobsker liket.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is endemysk op 'e Talaudeilannen, in eilannegroep noardlik fan Selebes (Yndoneezje). It leefgebiet fan 'e soarte bestiet út reinwâlden en boskrânen oan rivieren en beken. De habitat is beheinder as dat fan 'e wytkraachiisfûgel, dy't ek oan kusten en troch minsken beynfloede lânskippen foarkomt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch it beheinde ferspriedingsgebiet bestiet der in kâns op útstjerren. It is net bekend hoe grut de populaasje is, mar de populaasje wurdt as stabyl beöardiele. It leefgebiet fan 'e soarte wurdt bedrige troch omsetting foar agrarysk gebrûk of bewenning. It liket der op dat de fûgel it ek wit te rêden yn gebieten mei selektive houtkap, mar dat biotoop is ek geskikt foar de wytkraachiisfûgel, dy't him útwreidet nei it eardere eksklusive ferspriedingsgebiet fan 'e Talaudiisfûgel. Undúdlik binne de gefolgen fan 'e ynteraksje tusken de twa soarten. De Talaudiisfûgel stiet om op 'e Reade list fan 'e IUCN as hast bedrige klassifisearre (2016).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|