Springe nei ynhâld

Taksidermy

Ut Wikipedy
In opset Guadelupe-seemokje (Oceanodroma macrodactyla).

Taksidermy (fan it Grykske τάξις, taxis, dat "oardering" betsjut, en δέρμα, derma, "hûd") is it preparearjen fan 'e hûd (mei begroeiïng) fan deade bisten, om dy dêrnei op te foljen of oer in keunstmjittige struktuer hinne te pleatsen. As dat goed dien wurdt, binne sokke deade bisten inkeld fan libbene soartgenoaten te ûnderskieden om't se net bewege. Yn 'e folksmûle wurdt dit hiele proses ornaris opsetten neamd, mar it opsetten is eins inkeld it lêste diel fan it proses, nei't it bist strûpt is en de hûd sa behannele is dat dy net mear bedjerre kin. Immen dy't oan taksidermy docht, is in taksidermist of in preparateur.

Taksidermy is in konservearringstechnyk om deade bisten, oftewol soölogyske spesimina, foar it neigeslacht te bewarjen. Dêrby wurdt de foarm fan it lichem natoergetrou neibeard en kin it resultearjende opsette bist tentoansteld wurde. It bist moat dêrfoar strûpt wurde, in proses wêrby't it fleis, de organen, en de bonken ferwidere wurde, sadat inkeld de hûd oerbliuwt mei de begroeiïng dy't dêr fan natuere op sit. By sûchdieren is dat hier, by fûgels binne dat fearren en by reptilen en fisken binne dat skobben.

It opsette racehynder Phar Lap yn it Melbourne Museum te Melbourne.

As it proses ienris safier is, moat de hûd, om bedjer foar te kommen, loaid wurde en/of behannele mei konservearjende stoffen lykas boaraks of alkohol. Dêrnei wurdt de hûd oer in op maat makke keunstlichem hinne befêstige (it eigentlike "opsetten"), dat persiis deselde foarm hat as it oarspronklike, natuerlike lichem. It oarspronklike lichem moat dus foar it strûpen sekuer opmetten wêze. Soms wurde beskate bonken, lykas de plasse en de bonken fan 'e poaten, himmele en foar it keunstlichem brûkt. Lytsere bisten of lytsere dielen fan it lichem kinne soms ek opfolle wurde mei bgl. katoen. Beskate lichemsdielen moatte troch keunsteksimplaren ferfongen wurde, yn 't bysûnder de eagen.

Beoefeners fan taksidermy wurde taksidermisten of preparateurs neamd. Sokken hawwe taksidermy soms as berop. Sa hawwe grutte natoerhistoaryske museä faak ien of mear taksidermisten yn 'e tsjinst. Ek binne der taksidermisten dy't in kliïntêle hawwe besteande út jagers en/of angelfiskers, en dy't sketten of fongen bisten opsette as jachttrofee. In protte taksidermisten kinne fan it wurk net rûnkomme en beoefenje it as in hobby. Taksidermisten hawwe der in protte oan as se bekend binne mei anatomy, byldhouwen of skilderkeunst.

Taksidermyske eksimplaren fan primaten en slurfdieren yn in museum yn Medan, yn Yndoneezje.

De measte bisten dy't opset wurde, binne wringedieren, lykas sûchdieren, fûgels, reptilen, fisken, en, minder faak, amfibyen. It kin yn guon gefallen ek dien wurde mei gruttere ynsekten en spineftigen. Yn it ferline waarden soms ek minsken opset, benammen leden fan lânseigen befolkingsgroepen dy't as jager-sammelders libben, en dêr't Westerlingen iuwenlang op delseagen as "net folslein minsklik".

Sa bedarren opsette deaden fan bgl. Noardamerikaanske Yndianestammen en fan 'e San (Boskjesmannen) út Súdlik Afrika yn museä yn 'e Feriene Steaten en Jeropa. Yn 'e ienentweintichste iuw is frijwol eltsenien it deroer iens dat soks wier net kin, en binne sokke opsette minsken fuorthelle út it fertoande diel fan 'e museumkolleksjes. Yn 'e measte gefallen binne se ûnderwilens ek weromjûn oan fertsjintwurdigers fan 'e oangeande etnyske groepen om begroeven of kremearre te wurden, al nei't de wizânsje fan har folk is.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.