Springe nei ynhâld

Taigagril

Ut Wikipedy
taigagril
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaigrillen (Calidris)
soarte
Calidris subminuta
Middendorff, 1853
IUCN-status:

De taigagril (Calidris subminuta) is in lytse steltrinner. De skaainamme komt fan it Aldgrykske kalidris of skalidris, in term dy't troch Aristoteles brûkt waard foar guon griiskleurige fûgels dy't by it wetter libje. De soartnamme subminuta komt fan it Latynske sub, "tichteby" of "hast", en minuta, "lyts", fanwegen syn oerienkomst mei it griltsje (Calidris minuta).

Yn it skaai Calidris is de taigagril nau besibbe oan 'e Temminckgril (Calidris temminckii).

De fûgel briedt yn hiel Noard-Aazje en is in sterke trekfûgel, dy't oerwinteret yn Súd- en Súdeast-Aazje en Australaazje. Yn West-Europa komt de fûgel foar as in tige seldsume swalker.

De taigagril is in hiele lytse steltpolder mei in lingte fan mar 13 oant 16 cm en in wjukspanwiidte fan 26,5 oant 30,5 cm. Hy weaget sawat 25 gram. De fûgel hat in lytse kop en in koarte, rjochte snaffel mei in skerpe punt. De hals is slank, de búk rûn en de lange poaten steane frij fier nei efteren. De teannen binne lang en tin, benammen de middelste. De primêre slachpinnen komme sawat oant de sturtpunt ta. De krún is brún en der rint in bleke streek flak boppe it each. De boppedielen binne brún mei donkerbrune sintra op de fearren. It boarst is spikkele mei ljochtbrún en de ûnderdielen binne wyt. De fûgel hat giele poaten en de tinne snaffel is donkerbrún, útsein de basis fan 'e ûndersnaffel, dy't giel of ljochtbrún is. Winterdeis binne taigagrillen griis fan boppen.

Juvenilen hawwe in bûnt patroan fan boppen mei in readbrune kleur en wite mantelstreken.

Dizze fûgel hat in karakteristike hâlding en syn flechtrop ûnderskiedt him fan oare grillen. Op 'e grûn kin er betize wurde mei de readkielgril (Calidris ruficollis), mar hy is finer boud en krekt wat lytser. De taigagril liket foaral in soad op syn Noardamerikaanske tsjinhinger, it dwerchgriltsje (Calidris minutilla). Hy ûnderskiedt him fan dy soarte troch syn slankere uterlik mei in langere hals, langere teannen, wat helderdere kleuren en in minder dúdlike wjukstreek.

De taigagril briedt simmerdeis yn Sibearje. Der is net in soad bekend oer syn briedgewoanten, mar syn briedgebiet bestiet út it Tsjûkotka-skiereilân, it Korjaaksk Plato, de Koerilen, it lân grinzgjend oan 'e See fan Ochotsk en om de rivieren de Ob en de Irtysj hinne. Nei it briedseizoen trekt er nei it suden troch Sina, Yndosina, Maleizje en de Filipinen, en nei it westen nei Birma, Bangladesj, Nepal en Sry Lanka. It is in oerwinterer yn Nij-Guineä en Austraalje en in swalker yn Europa, Súd-Afrika, Melaneezje, Hawaï, it noardwesten fan 'e Feriene Steaten en de omjouwing fan 'e Beringsee. Yn syn oerwinteringsgebiet besiket er in ferskaat oan wiete biotopen, wêrûnder ûndjip swiet- of brakwetter, marren, sompen, oerstreamingsflakten, kwelders, lagunes, modderige iggen en fivers.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze fûgels sykje om fretten op slykplaten, wêrby't se har foer op it each pikke of bytiden ek troch yn 'e grûn te boarjen. Se ite benammen lytse kreefteftigen, ynsekten en slakken env oare wringeleaze dieren. Der is mar min bekend oer de briedgewoanten fan dizze soart. Bekend is dat de soarte it nêst op 'e grûn boud en it mantsje in baltsflecht hat.

De taigagril hat in hiel grut ferspriedingsgebiet en der wurdt rûsd dat de wrâldpopulaasje út likernôch 16.700 folwoeksen fûgels bestiet (2023). Oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme, mar de IUCN hat de fûgel klassifisearre as net bedrige (Least Concern). Der binne gjin spesifike bedrigingen fêststeld.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: