Springe nei ynhâld

Tahity

Ut Wikipedy
Tahity
Tahiti
emblemen
polityk en geografy
soarte gebieteilân
lân Frankryk
oerseeske kollekt. Frânsk-Polyneezje
bestj. ûnderferdielingBoppewynske Eilannen
haadplakPapeete
grutste plakFa‘a‘ā
arsjipelGenoatskipseilannen
heechste puntOrohena (2.241 m)
sifers
ynwennertal191.779 (2022)
oerflak1.044 km²
befolkingstichtens183,7 / km²
oar
tiidsôneUTC –10.00
simmertiidgjint
koördinaten17°40′ S 149°25′ W
kaart
Tahity (Frânsk-Polyneezje)
Tahity
De lizzing fan Tahity yn Frânsk-Polyneezje.

Tahity (Frânsk: Tahiti, útspr.: [ta.iˈti], likernôch: "ta-y-ty"; Tahitiaansk: [taˈhiti], likernôch: "tah-hy-ty" of [ˈthaiti], likernôch: "t'hah-ty") en histoarysk Otaheite (fan it Tahitiaanske ‘o Tahiti, "It is Tahity", [ʔotaˈhɛiti], likernôch: "oo-tah-hij-ty") is in eilân yn 'e midden fan 'e Grutte Oseaan. Bestjoerlik heart it ta Frânsk-Polyneezje, in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk, dy't besuden de evener yn 'e Stille Súdsee leit. Geografysk makket it diel út fan 'e Boppewynske kloft fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel dy't ta de gruttere regio Polyneezje heart. Tahiti bestiet út twa mei-inoar ferraande lânmassa's dy't fan fulkanyske oarsprong binne. It eilân waard yn 'e midden fan it earste milennium kolonisearre troch Polynezyske seefarders. Yn 'e iere njoggentjinde iuw omfette it Keninkryk Tahity alle Boppewynske Eilannen, mar yn 1842 rôp Frankryk dêr in protektoraat oer út, en yn 1880 waard de lânseigen monargy ôfskaft. Tsjintwurdich is Tahity it ekonomyske, kulturele en politike sintrum fan Frânsk-Polyneezje, dêr't de haadstêd Papeete leit en teffens de iennichste ynternasjonale lofthaven. Neffens de folkstelling fan 2022 hie it eilân doe fan krapoan 192.000 bewenners.

Tahity is in eilân yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, besuden de evener. De neiste gruttere lânmassa is it Noardereilân fan Nij-Seelân. Tahity leit 4.400 km súdwestlik fan 'e Hawaï-eilannen, 5.700 km eastnoardeastlik fan Austraalje en 7.900 km westlik fan Súd-Amearika. It neiste buoreilân is Mo‘orea, dat likernôch 17 km nei it westnoardwesten leit.

In lânkaart fan Tahity en it buoreilân Mo‘orea.
In satellytfoto fan Tahity.

Geografysk heart Tahity ta Boppewynske Eilannen, dy't rûchwei de eastlike helte fan 'e Genoatskipseilannen foarmje. Dy arsjipel makket wer diel út fan 'e gruttere regio Polyneezje, dêr't ek û.m. Tonga, Samoä, Amerikaansk-Samoä, de Cookeilannen, Hawaï, Nij-Seelân en Peaske-eilân ta hearre. Bestjoerlik falle Tahity en de oare Genoatskipseilannen ûnder Frânsk-Polyneezje, in oerseesk gebietsdiel (kollektiviteit) fan Frankryk, yn 'e mande mei fjouwer oare eilannegroepen: de Tûamotû-eilannen, de Markesaseilannen, de Gambiereilannen en de Australeilannen.

Tahity is it grutste en heechste eilân fan sawol de Genoatskipseilannen as hiel Frânsk-Polyneezje. It hat in oerflak fan 1.044 km² en it heechste punt is de berch de Orohena (Frânsk: Mont Orohena; Tahitiaansk: Mou‘a ‘Orohena), mei in hichte fan 2.241 m boppe seenivo. It eilân mjit 45 km op it langste punt. It bestiet út twa rûchwei ovale dielen, dy't de útdôve kraters fan in pear âlde skyldfulkanen binne. It westnoardwestlike diel is mei in trochsneed fan sa'n 32 km fierwei it grutst en wurdt dêrom Tahiti Nui neamd, "Grut-Tahity", wylst it lytsere eastsúdeastlike diel, mei in trochsneed fan likernôch 15 km, bekend stiet as Tahiti Iti, "Lyts-Tahity". De beide dielen binne mei-inoar ferbûn troch de smelle Lâningte fan Taravao.

De Orohena leit yn 'e midden fan Tahiti Nui; it heechste punt op Tahiti Iti is de Ronui (Frânsk: Mont Ronui; Tahitiaansk: Mou‘a Rōnui), mei ihichte fan 1.332 m boppe seenivo. Tahiti Nui is by de kust lâns tichtbefolke, mar it ûnherberchsume, berchteftige binnenlân is frijwol ûnbewenne. Tahiti Iti is fierhinne isolearre bleaun, mei't de súdeastlike helte, Te Pari, inkeld tagonklik is foar lju dy't geandefoets of op in boat reizgje. De ûnbewenne dielen fan Tahity binne fierhinne begroeid mei tropysk reinwâld. Der binne ferskate spektakulêre wetterfallen, lykas dy fan 'e rivier de Papeno‘o oan 'e noardkust en dy yn 'e Fautauadelling by de haadstêd Papeete.

Tahity is fan fulkanyske oarsprong en bestiet fierhinne út basaltstien. It eilân waard tusken 1.670.000 en 250.000 jier lyn foarme troch de opienfolgjende útbarstings fan twa skyldfulkanen, Tahiti Nui en Tahiti Iti, dy't mei-inoar ferraand binne. Dat barde doe't Tahity boppe de fulkanyske hotspot lei dy't de eilannestring fan 'e Genoatskipseilannen foar it grutste part foarme hat. Troch de tektoanyske beweging fan 'e Pasifyske Plaat fan it eastsúdeasten nei it westnoardwesten leit Tahity dêr no gâns in stik fan ôf, sadat der gjin gefaar bestiet dat de âlde fulkanen wer ta libben komme sille. Op 't heden leit it eilân Meheti‘a rjocht boppe de hotspot.

Prekoloniaal tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tahity bleau ûnbewenne troch minsken oant it om it jier 300 hinne ûntdutsen waard troch Polynezyske seefarders. It waard yn 'e midden fan it earste milennium, tusken 300 en 800, kolonisearre troch de Polyneezjes as ûnderdiel fan it Grutte Polynezyske Folkeferfarren, wêrby't hja har hieltyd fierder oer it gebiet fan 'e Stille Oseaan ferspraten. Dat waard dien mei reuseftige útlizzerkano's, dy't wol 20–30 m lang wiene en hiele famyljes mei al harren fee (te witten: bargen en hinnen) ferfiere koene. Argeologysk en taalkundich bewiismateriaal wiist derop dat dy folksferhuzing omtrint 1500 f.Kr. yn Súdeast-Aazje úteinset wie.

In yllustraasje út 1827 dat in (doe al net mear foarkommend) minske-offer op Tahity sjen lit, sa't dy praktyk omtrint 1773 be-skreaun waard troch de Britske ûntdekkings-reizger James Cook.

It is dreech te sizzen hoe't de iere Tahitiaanske maatskippij derút seach en hoe't dy him troch de iuwen hinne ûntjoech, om't de Polynezyske befolking gjin skriftfoarm hie en dêrom gjin skreaune boarnen neiliet. It iennichste dêr't men jin datoangeande op basearje kin, is de mûnlinge oerlevering, mar dy is sterk ferweve mei leginden en myten. Yn alle gefallen wie Tahity yn 'e achttjinde iuw, oan 'e ein fan it prekoloniale tiidrek, opdield yn gebieten dy't behearske waarden troch ûnderskate clans. De wichtichsten dêrfan wiene de nau besibbe Teva i Uta ("Teva fan it Binnenlân") en Teva i Tai ("Teva fan 'e See"). Harren territoarium besloech de Lâningte fan Taravao en it suden fan Tahiti Nui.

De lieding fan in clan bestie út 'e ari‘i rahi ("haadman"), de ari‘i ("eallju") en de ‘īato‘ai ("ûnderhaadlju"). De ari‘i wiene ek de religieuze lieders of preesters, en hja stiene yn heech oansjen omreden fan 'e mana (spirituele macht) dy't hja urven hiene as direkte ôfstammelingen fan 'e goaden. As symboalen fan dy macht droegen se mulrimen fan 'e reade fearren. Nettsjinsteande dat dielden de ari‘i harren politike macht mei de ‘īato‘ai, en by wichtige beslissings, yn 't bysûnder as it om oarloch gie, moasten der mienskiplike gearkomsten holden wurde. Oarsom wie de macht fan 'e ari‘i rahi, de politike lieder, op religieus mêd beheind, mei't de spirituele wizânsjes en gebrûken fan eltse clan draaiden om harren marae (in stiennen timpel yn 'e iepen loft), dêr't de ari‘i it foar it sizzen hiene.

Earste besiken fan Jeropeänen oan Tahity

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierste ûntdekkingsreizen fan Jeropeänen yn Polyneezje binne mar dizenich fêstlein, mei't it gebiet doe noch hast hielendal ûnbekend wie en men faak mar riede moat hokker eilân sjoen en/of oandien waard. De earste Jeropeeske ekspedysje dy't Tahity oandie, soe sadwaande dy fan 'e Spaanske seefarder Juan Fernández út 15761577 west hawwe kinne, of oars dy fan 'e Portegeeske ûntdekkingsreizger Pedro Fernandes de Queirós, dy't yn 'e tsjinst fan 'e Spaanske Kroan fear. Queirós die op 10 febrewaris 1606 in eilân oan dat miskien Tahity wie, hoewol't tsjintwurdich tocht wurdt dat it wierskynlik it folle eastliker leine Rekareka wie, yn 'e Tûamotû-arsjipel. De mooglikheid bestiet dat de Spanjerts en/of de Portegezen de earste Jeropeänen wiene dy't Tahity oandiene, mar moderne histoarisy binne oer it algemien fan tinken dat se eilannen yn 'e buert ûntdieken en Tahity sels krekt misten.

In ôfbylding fan 'e moeting fan 'e Ingelske ûntdekkingsreizger Samuel Wallis yn 1767 mei de haadfrou Purea.

It folgjende stadium út it Tiidrek fan 'e Untdekkingsreizen dêr't Tahity yn behelle rekke, wie de yntinse rivaliteit tusken it Keninkryk Grut-Brittanje en it Keninkryk Frankryk yn 'e tolve jier tusken de Sânjierrige Oarloch (17561763) en de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (17741784). De earste Jeropeeske ekspedysje dy't beslist Tahity oandie, wie dy fan 'e Ingelske ûntdekkingsreizger Samuel Wallis as ûnderdiel fan syn reis om 'e wrâld oan board fan 'e HMS Dolphin. Wallis-en-dy krigen it eilân op 18 juny 1767 yn sicht en giene foar anker yn 'e Matavaibaai. Dat wie op 'e grins tusken de haadmanskippen fan Pīra‘e-Arue, regearre troch Tū-nui-e-a‘ai-i-te-Atua (de lettere Pōmare I) en Ha‘apape, regearre troch Amo en syn frou Purea (troch de Ingelsen "Oberea" neamd, fan ‘o Purea, "It is Purea").

De bemanning fan 'e HMS Dolphin wie by de oankomst op Tahity siik mei skuorbot en hie grut ferlet fan farske grienten en fruit. De eilanners, sa die bliken, sieten om izer foar houtbewurking en fiskheakken ferlegen, dat yn Polyneezje frijwol net te besetten wie. De kultuerskok wie grut doe't de seelju ûntdieken dat jonge froulju en famkes gjin beswier seagen yn it ruiljen fan seksuele omgong foar in spiker. Doe't de Tahitianen foar it ferstân krigen dat de Dolphin troch izer byinoar holden waard, besochten se it skip te interjen om it izer te stellen, en Wallis moast in kanon ôffjurje om 'e kontrôle oer it skip te behâlden. Om nei dat fertoan fan macht in iepen oarloch foar te kommen, brocht Purea fredesjeften, sadat freonskiplike relaasjes oanknope wurde koene.

Net iens in jier letter, op 5 april 1768, waard Tahity berikt troch de Frânske ekspedysje fan 'e ealman Louis-Antoine de Bougainville, dy't oan board fan 'e Boudeuse en de Etoile ek dwaande wie mei in reis om 'e wrâld. Bougainville gie foar anker by Hitia‘a o te Ra, dêr't hy en syn mannen ferwolkomme waarden troch de pleatslike haadman Reti. Wer in jier letter, op 12 april 1769, arrivearre de Britske ekspedysje fan James Cook by Tahity. Mei de botanikus Joseph Banks, de astronoom Charles Green en de keunstner Sydney Parkinson oan board fan syn HMS Endeavour hie de reis fan Cook in wittenskiplik doel. By it besyk oan Tahity sloech de ekspedysje syn kamp op by wat Point Venus kaam te hjitten. Der waard in skat oan kennis garre oer de floara en fauna fan it eilân, mar ek oer de lânseigen maatskippij en de Tahitiaanske taal en wizânsjes. Cook, dy't him pas op 13 july 1769 wer ôfjoech, rûsde de befolkingsgrutte fan Tahity en de oare Boppewynske Eilannen op 200.000. Syn tiidgenoat, de antropolooch Douglas L. Oliver, wie lykwols fan miening dat der mar 35.000 minsken wennen.

De Matavaibaai foar de kust fan Tahity, skildere troch William Hodges, dy't meifear op 'e ekspedysje fan James Cook.

De ûnderkening fan Spaansk Perû, Manuel de Amat y Juniet, organisearre yn 1772 yn opdracht fan 'e Spaanske Kroan in eigen ekspedysje nei Tahity, mei as doel om it eilân te kolonisearjen en op te nimmen yn it Spaanske Ryk. Hy soe úteinlings trije ekspedysjes stjoere, hieltyd op it skip de Aguila, wêrfan't de earste beide ûnder lieding stiene fan 'e seefarder Domingo de Bonechea. Begjin 1773 kearde Bonechea fan syn earste ekspedysje werom nei Perû mei oan board fan syn skip fjouwer Tahitianen: Pautu, Tipitipia, Heiao en Tetuanui. Fan harren reizgen Pautu en Heiao as ûnderdiel fan 'e twadde ekspedysje fan Bonechea mei werom nei harren heitelân, dêr't se op 14 novimber 1774 oankamen. Harren beide maten wiene ûnderwilens ferstoarn. Bonechea sels kaam op 26 jannewaris 1775 op Tahity te ferstjerren en waard dêre begroeven yn 'e neite fan 'e roomske misjepost dy't er sels stifte hie oan 'e Tautirabaai. Under lieding fan luitenant Tomás Gayangos sylde de Aguila in dei letter werom nei Perû, wylst twa preesters (Geronimo Clota en Narcisco González) en twa seelju (Maximo Rodríguez en Francisco Pérez) yn 'e misjepost efterbleaune. De trêde reis fan 'e Aguila waard ûndernommen ûnder lieding fan don Cayetano de Langara, nei't de preesters frege hiene om Tahity ferlitte te meien. De Spanjerts sylden op 12 novimber 1775 fuort nei Perû en spilen neitiid gjin rol mear yn 'e skiednis fan it eilân.

Underwilens wie James Cook tusken 15 augustus en 1 septimber 1773 nei Tahity weromkeard. Hy waard begroete troch de haadlju en gie in skoftke foar anker yn 'e Vaitepihabaai, foar't er weromkearde nei Point Venus. Hy ferliet it eilân pas wer op 14 maaie 1774. Cook kaam noch ienris werom, yn 1777, doe't er earst wer foar anker gie yn 'e Vaitepihabaai. Ear't er op 29 septimber fan dat jier fierder sylde nei it buoreilân Mo‘orea, fêstige er in permaninte Britske oanwêzigens op Tahity yn 'e ruïnes fan 'e Spaanske misjepost. Cook kaam neitiid net mear werom, om't er op 14 febrewaris 1779 by syn ûntdekking fan Hawaï sneuvele by in konfrontaasje mei lânseigen krigers.

William Bligh, kaptein fan 'e HMS Bounty, hâldt tafersjoch oer it omplantsjen fan breabeammen.

Rebûlje op 'e Bounty

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 26 oktober 1788 arrivearre by Tahity de HMS Bounty, in skip dat ûnder it befel stie fan kaptein William Bligh. De misje fan 'e Bounty wie om Tahitiaanske breabeammen nei it Karibysk Gebiet te bringen om dêr in nije itensboarne te yntrodusearjen. Banks, de botanikus dy't meireizge wie op 'e earste ekspedysje fan Cook, hie nammentlik besletten dat de fruchten fan dy beam ideaal (want streksum en goedkeap) wiene om 'e negerslaven mei te fuorjen op 'e sûkerreidplantaazjes op Jamaika en oare Karibyske Britske eilannen. Om't der gâns ferlet fan tiid wie om 'e jonge beamkes yn potten te dwaan foar de lange seereis, ferbleau de bemanning fan 'e HMS Bounty likernôch fiif moannen op Tahity.

Trije wiken nei de ôfreis fan it eilân, op 28 april 1789, fûn der op it skip in rebûlje plak ûnder lieding fan seeman Fletcher Christian. De opstannige seelju namen it skip oer en setten kaptein Bligh en de minderheid fan 'e bemanning dy't him trou bleaun wie, oerboard yn in sloep. De HMS Bounty sylde doe werom nei Tahity, dêr't guon fan 'e seelju oan lân giene om har dêr permanint te fêstigjen mei de Tahitiaanske froulju dêr't se yn harren eardere tiid op it eilân in relaasje mei krigen hiene. Fletcher Christian en de oare opstannige seelju sylden neitiid, mei in oare groep Tahitiaanske froulju, fuort yn eastlike rjochting. Se wisten it ôfhandige en ûnbewenne Pitcairn te berikken, dêr't se har nei wenjen setten en in eigen kultuer stiften dy't hjoed de dei noch bestiet.

Groeiende Britske ynfloed en de opkomst fan 'e Pōmare-dynasty

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1789 hiene de ûnderskate Jeropeeske besikers fan Tahity wegere om harsels te beheljen yn 'e ûnderlinge konflikten tusken de clans fan Tahity. Mar de opstannelingen fan 'e Bounty hiene dêr gjin muoite mei. Dêrby moat oantekene wurde dat se ek minder te kiezen hiene, mei't se it eilân nea wer ferlitte koene sûnder it gefaar te rinnen foar de kriichsried dage te wurden en de deastraf te krijen. Fan gefolgen holden en droegen se har as hierlingen. Se waarden yn 'e tsjinst nommen troch de ari‘i rahi Tū-nui-e-a‘ai-i-te-Atua fan Pīra‘e-Arue. Behalven dat se sels meifochten yn 'e konflikten fan Tū mei oare haadlju, risten se syn krigers ek ta mei moderne wapens. Dêrnjonken leine se foar Tū kontakten mei Jeropeeske skippen dy't by it eilân arrivearren, sadat de tûke haadman it meastepart fan 'e bûtenlânske hannel yn 'e hannen krige.

Pōmare I, stifter fan 'e Pōmare-dynasty en earste hearsker oer it Keninkryk Tahity.

De ambisjeuze Tū wist as gefolch fan syn ferbûn mei de opstannelingen gâns yn macht en ynfloed oan te winnen. Yn of omtrint 1790 rôp er himsels út ta kening fan Tahity en naam dêrby de nije namme Pōmare oan. Dat soe in earbetoan west hawwe oan syn âldste dochter Teri‘inavahoroa, dy't ferstoarn wie oan tuberkuloaze. Dy sykte liet har in protte hoastje (mare), yn 't bysûnder nachts (). Tū waard sadwaande Pōmare I, de stifter fan 'e Pōmare-dynasty en de earste hearsker oer it Keninkryk Tahity. Tsjin 1791, doe't er syn macht oer Tahity fierhinne konsolidearre hie, rjochte Pōmare I syn blik op 'e buoreilannen en begûn er syn hearskippij út te wreidzjen oer Mo‘orea en de oare Boppewynske Eilannen.

Datselde jiers arrivearre it Britske skip de HMS Pandora by Tahity, ûnder befel fan kaptein Edward Edwards. Dyselde naam fjirtjin fan 'e op it eilân efterbleaune opstannelingen fan 'e HMS Bounty yn 'e hechten en fear mei harren werom nei Ingelân. Fan 'e fjirtjin kamen fjouwer om troch ferdrinking doe't de Pandora ûnderweis fergie. De oaren berikten úteinlings dochs har heitelân, dêr't trije nei berjochting ophongen waarden, wylst fjouwer frijsprutsen waarden en de lêste trije graasje krigen.

Yn 'e 1790-er jierren kamen de earste Jeropeeske walfiskfarders oan op Tahity. Oant dy tiid hie it eilân inkeld mei Jeropeeske marineskippen te krijen hân, dêr't in strange tucht hearske en de bemanning stevich yn 'e hân holden waard troch de ofsieren. De walfiskfarders wiene lykwols boargerskippen, mei in navenant minder dissiplinearre bemanning. Koart neitiid kamen der ek keaplju út 'e Britske strafkoloanjes yn Austraalje, dy't inkeld safolle mooglik jild fertsjinje woene. De bemannings fan 'e walfiskfarders yntrodusearren alkohol (en alkoholisme) op Tahity en de keaplju makken dat produkt oanhâldend beskikber. De bemannings moedigen ek in permaninte foarm fan prostitúsje oan. Fierders krigen de Tahitianen foar it earst op grutte skaal te lijen ûnder besmetlike sykten (wêrûnder geslachtssykten). Ien en oar hie jammerdearlike gefolgen foar de lânseigen befolking (en syn maatskippij en kultuer), dy't tsjin it begjin fan 'e njoggentjinde iuw krompen wie ta likernôch 9.000 minsken en yn 1854 noch mar út 6.000 minsken bestie.

Kening Pōmare II wreide de macht en ynfloed fan syn laach gâns út.

De komst fan 'e sindelingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lânseigen kultuer krige it noch slimmer te ferduorjen, doe't op 5 maart 1797 de earste Ingelske sindelingen fan it kalvinistyske Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS) op Tahity arrivearren mei de Duff. Dyselden wiene wisberet om 'e 'heidenen' te rêden troch harren it evangeelje te bringen. Dat soe in bliuwende ynfloed hawwe, mei't de sindelingen alles dat har net sinnige, besochten út te bannen, ek al wiene it sintrale eleminten fan 'e lânseigen kultuer.

De earste jierren wie it bodzjen foar de sindelingen, ek al hiene se de goedgeunstigens fan 'e Pōmare-dynasty. Doe't Pōmare I yn 1803 kaam te ferstjerren, waard er opfolge troch syn soan Vaira‘atoa, dy't de keningsnamme Pōmare II oannaam. Dyselde wie al foar syn troansbestiging ûnder de ynfloed fan 'e sindelingen rekke en fan 1803 ôf learden hja him lêzen út 'e evangeeljes fan it Nije Testamint. Pōmare II fielde út himsels al de oanstriid om syn macht as kening fierder út te wreidzjen, en de sindelingen moedigen dat oan, om't se mei gragens ien sintrale autoriteit hawwe woene dêr't se mei omgean koene. Doe't Pōmare II yn 1812 troch rebûlje op Tahity tydlik de wyk nimme moast nei it buoreilân Mo‘orea, socht er yn dy snuorje fan politike swakte noch mear de stipe fan 'e sindelingen en liet er him troch harren dope. Fan dat punt ôf bekearden de Tahitianen har massaal ta it protestantisme.

Omtrint 1810 troude Pōmare II mei twa susters, Teremo‘emo‘e en Teri‘itaria, de dochters fan 'e hege haadman fan it eilân Rai‘ātea yn 'e Underwynske Eilannen. Troch dat bûnsgenoatskip slagge it him op 12 novimber 1815 om yn 'e Slach by Fe‘i Pī (ek bekend as Puna‘auia) syn lêste wichtige politike rivaal op Tahity, haadman Opuhara fan 'e Teva-clan, beslissend te ferslaan. It keningskip oer hiel Tahity, dat syn heit inkeld yn namme yn 'e hannen hân hie, koe Pōmare II fan dat stuit ôf ek yn wurklikheid útoefenje. It selsstannich bestjoer troch de aristokrasy fan 'e clans waard no ferfongen troch in absolute monargy. Tanksij de stipe dy't de sindelingen fan it LMS fan Pōmare II krigen, koe harren foarm fan it kristendom him doe oer it hiele eilân ferspriede. Hiel gau begûn it mei de animistyske natoerreligy dy't de oarspronklike godstsjinst fan Tahity wie, yn it neigean te reitsjen. Fan 1817 ôf waard it Nije Testamint oerset yn it Tahitiaansk. Der waarden religieuze skoallen oprjochte om dêr it kristendom te ûnderrjochtsjen.

De keninkriken yn 'e Genoatskipseilannen om 1820 hinne.

Dêrta oanfitere troch de sindelingen yntrodusearre Pōmare II yn 1819 it earste wetboek op Tahity, besteande út njoggentjin ûnderskate wetten. Dy hiene sterk te krijen mei it útbannen fan wat de sindelingen seagen as heidenske wizânsjes. Sa kaam der in ferbod op neakenens: Tahitianen moasten tenei klean drage dy't it hiele lichem bedieken. Ek waard it near lein op dûnsjen, sjongen, it oanbringen en oanbringe litten fan tatoeaazjes, en it dragen fan kostúms dy't makke wiene fan blommen. Tsjin 'e midden fan 'e 1820-er jierren wie de hiele befolking fan it eilân kerstene.

Kening Pōmare II kaam yn 1821 te ferstjerren, doe't er noch mar 38 of 39 jier wie. Syn soan en erfgenamt Pōmare III wie doe noch mar in poppe fan oardel jier, dat mei stipe fan it Keninklik Hûs en de sindelingen waard der in regintskipsried ynsteld, besteande út 'e keninginne-mem Teremo‘emo‘e, har suster Teri‘itaria II, dy't ûnderwilens keninginne fan Huahine wurden wie, en fiif haadlju fan 'e wichtichste clans fan Tahity. It jonkje waard op 2 maaie 1824 formeel op 'e troan brocht by in troch de sindelingen beävensearre kroaningsseremoanje dy't op Tahity sûnder presedint wie.

De haadlju fan 'e clans makken gebrûk fan 'e ferswakke posysje fan 'e Pōmare-dynasty troch ûnder it regintskip in diel fan it foech werom te winnen dat Pōmare II himsels ta-eigene hie. Foar harrensels namen se tenei de erflike titel fan tavana yn gebrûk, in Tahitiaansk wurd dat nei it Ingelsk oerset waard as "gûverneur". Ek de sindelingen makken gebrûk fan 'e ferswakking fan it keningshûs om dingen oan 'e steatsynrjochting fan it Keninkryk Tahity te feroarjen dy't harren net sinnigen. Ien fan dy dingen wie it absolutisme wêrmei't Pōmare II regearre hie. Om 'e Tahitiaanske monargy tichter by harren ideaal fan in konstitúsjonele monargy nei Britsk foarbyld te bringen, bewurkmasteren se de oprjochting fan 'e Tahitiaanske Wetjaande Gearkomste, it earste parlemint út 'e skiednis fan eilân, dat syn earste sitting hold op 23 febrewaris 1824.

Keninginne Pōmare IV fan Tahity, dy't regearre fan 1827 oant 1877.

Begjin 1827 kaam de doe seisjierrige Pōmare III hommels te ferstjerren. It wie sadwaande ‘Aimata, syn trettjinjierrige healsuster, dy't op 11 jannewaris 1827 ûnder de namme fan Pōmare IV op 'e troan kaam. De sindeling George Pritchard, de waarnimmende Britske konsul, waard har neiste riedshear en die war om it opslûpen fanke te ynteressearjen foar it útoefenjen fan it regear. Mar de macht fan Pōmare IV, dy't beslist minder garismatysk wie as har heit, waard oanfochten troch de haadlju en by einsluten waard it keninklik gesach werombrocht ta eat dat mear symboalysk as reëel wie. De protestantske keninginne, dy't in anglofyl wie, besocht allegeduerigen mar om 'e nocht de beskerming fan it Feriene Keninkryk te krijen foar sawol binnenlânske as bûtenlânske drigings.

It Frânske protektoraat en de ein fan it keninkryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1834, doe't it protestantisme al stevich yn 'e Tahitiaanske maatskippij ferankere wie, arrivearren der twa Frânske roomske misjonarissen op it eilân. It wiene Honoré Laval en François Caret, dy't earder aktyf west hiene yn 'e Tûamotû-eilannen en de Gambiereilannen. Dy beiden fûnen de Tahitianen net botte ree om nei harren ferzje fan it Bliid Boadskip te harkjen, en al rillegau ûntstie der deilisskip mei de Britske sindelingen. Op advys fan Pritchard liet Pōmare IV de beide misjonarissen yn 1836 it lân útsette. Dêr helle se har lykwols de grime fan Frankryk mei op 'e hals. Dat lân stjoerde om ferhaal te heljen in lytse float mei in kanonnearboat ûnder befel fan admiraal Abel Aubert du Petit-Thouars, dy't yn 1838 oankaam. Syn opdracht wie om te soargjen dat der formele ûntskuldigings kamen, ynklusyf reparaasjebetellings. Tahity wie fansels net yn 'e posysje om dat te wegerjen en it op in oarloch mei Frankryk oankomme te litten, dat Pōmare IV moast ynbine.

De float fan 'e Frânske admiraal Abel Aubert du Petit-Thouars by de oername fan Tahity op 9 septimber 1842.

Yn 1842 rekke it mei de diplomatike betrekkings tusken Frankryk en it Feriene Keninkryk yn it neigean troch in skeel oangeande Marokko. Dat hie as gefolch dat de Frânsen har net mear twongen fielden om har yn te hâlden oangeande Tahity, ek al makke dat eilân dúdlik diel út fan 'e Britske ynfloedssfear. Yn augustus fan dat jier kearde Petit-Thouars, dy't ûnderwilens foar Frankryk de Markesaseilannen kolonisearre hie, werom nei Tahity. Dêr papke er oan mei haadlju dy't fijannich foar de Pōmare-dynasty oer stiene en wol earen hiene nei in Frânsk protektoraat oer it eilân. Petit-Thouars liet harren in fersyk om beskerming ûndertekenje, dêr't er mei nei de keninginne gie om te easkjen dat se in ferdrach ratifisearje soe dat fan har keninkryk in Frânsk protektoraat meitsje soe. De tekst fan it ferdrach hie Frankryk noch net iens berikt doe't de Frânsman Jacques-Antoine Moerenhout yn 'e funksje fan keninklik kommissaris beneamd waard. Neffens it ferdrach erkende Frankryk de soevereiniteit fan it Keninkryk Tahity. Keninginne Pōmare IV bleau ferantwurdlik foar de ynterne oangelegenheden fan har lân, wylst de diplomatike relaasjes mei oare lannen fia Frankryk rinne soene, dat ek foar de ferdigening fan Tahity noed stean en de iepenbiere oarder op it eilân hanthavenje soe. Yn 'e praktyk kaam de sitewaasje der lykwols op del dat Tahity in Frânske koloanje waard, dêr't de keninginne en har regear inkeld noch dulde waarden en gjin selsstannige besluten mear nimme koene.

Fuort nei't it Frânske protektoraat oer Tahity ôfkundige waard, begûn op it eilân in machtsstriid tusken de al oanwêzige Britske protestantske sindelingen en nij arrivearre Frânske roomske misjonarissen. Nettsjinsteande it Frânske bestjoer slagge it de Britske sindelingen, troch harren kennis fan 'e Tahitiaanske maatskippij en taal, om in oansjenlike ynfloed op it eilân te behâlden. George Pritchard hie op it stuit fan 'e Frânske machtsgreep ôfwêzich west, mar hy kearde neitiid werom om op Tahity lieding te jaan oan it yndoktrinearjen fan 'e befolking tsjin 'e learstikken fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.

Keninginne Pōmare IV mei har húshâlding op 'e weranda fan it hûs fan 'e Britske waarnimmend konsul George Pritchard ûnder de Frânske machtsoername op Tahity yn 1842.

Yn 1843 helle Pritchard de keninginne oer om 'e flagge fan Tahity te hysjen (fjouwer horizontalen banen read-wyt-wyt-read) yn it plak fan 'e flagge fan it protektoraat (deselde kleuren, mar dan mei de Frânske tricouleur yn it kanton, de lofterboppehoeke). By wize fan represaille kundige admiraal Petit-Thouars dêrop de anneksaasje troch Frankryk fan it Keninkryk Tahity ôf. Hy stelde Armand Joseph Bruat oan as koloniaal gûverneur, ferballe Pōmare IV nei de Underwynske Eilannen en smiet Pritchard yn it tichthûs om letter as persona non grata nei Ingelân deportearre te wurden. Doe't it nijs fan 'e anneksaasje begjin 1844 Jeropa berikte, hie kening Loadewyk-Filips fan Frankryk gjin goed wurd oer foar de gong fan saken en woed er dat de anneksaasje weromdraaid waard.

Underwilens briek op Tahity yn maart 1844, nei in perioade fan skermutselings, de Frânsk-Tahitiaanske Oarloch út. Dy einige yn desimber 1846 yn in Frânske oerwinning. De keninginne waard yn 1847 weromhelle út ballingskip om yn namme it regear oer har keninkryk wer op te nimmen. In betingst dêrfoar wie wol dat hja ynstimme soe mei in nij ferdrach, dat har eigen foech slim beheinde en dat fan 'e Frânske keninklik kommissaris flink útwreide. Hoewol't de formele anneksaasje dus ûngedien makke waard, wie it der foar de Tahitianen allinnich mar minder op wurden en kaam it bestjoer oer it keninkryk noch fêster yn Frânske hannen. Yn 1863 slagge it de Frânsen ek om einlings fan 'e Britske ynfloed ôf te kommen, troch de sindelingen fan it Londensk Misjonêr Genoatskip te ferfangen troch guons fan 'e protestantske Société des Missions Évangéliques de Paris ("Genoatskip foar Evangelyske Sinding fan Parys").

In groep etnysk Tahitiaanske fammen op in misjeskoalle yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw.

Omtrint dyselde snuorje loek in Britske plantaazje-eigner, William Stewart, foar it wurk op syn katoenplantaazje by Atimaono tûzenen arbeiders út súdlik Sina oan, foar it meastepart etnyske Kantonezen en Hakka. Doe't syn bedriuw yn 1873 oer de kop gie, kearden guon fan 'e Sinezen werom nei harren heitelân, mar de measten bleaune op Tahity. In diel fan harren fermong him mei de Polynezyske befolking, mar in oar diel behold oant hjoed de dei ta de eigen identiteit.

Yn 1877 kaam keninginne Pōmare IV te ferstjerren, nei't hja fyftich en in heal jier oer Tahity regearre hie. Hja waard opfolge troch har soan as Pōmare V. De nije kening hie net folle op mei de besonjes fan syn funksje. Yn 1880, doe't keninklik kommissaris Henri Isidore Chessé, stipe troch de Tahitiaanske haadlju, him oantrune om te abdisearjen en syn keninkryk oan Frankryk oer te dragen, gied er akkoart. Op 29 juny 1880 skonk Pōmare V Tahity en de oanbuorjende eilannen formeel oan Frankryk. De kening loek him werom om oant syn dea yn 1891 op kosten fan 'e Frânske steat te libjen, wylst syn eardere keninkryk in Frânske koloanje waard dy't opgie yn 'e Établissemants de l'Océanie (de "Oseänyske Fêstigings").

Tweintichste en ienentweintichste iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1903 waard de namme fan 'e koloanje feroare yn Établissements françaises d'Océanie ("Frânske Fêstigings yn Oseaanje"), ôfkoarte ta EFO. It koloniaal bewâld wie fêstige yn Papeete, in plak oan 'e noardkust fan Tahity dat yn 1843 stifte wie. Yn 1914, oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch, waard Papeete by it Bombardemint fan Papeete besketten troch twa Dútske pânserkrusers. Dêrby kamen ferskate ynwenners om en waard gâns skea oanrjochte. Ek waarden in Frânske kanonnearboat en in troch de Frânsen bútmakke Dútsk frachtskip ta sinken brocht.

In bankbiljet fan ien Frânske frank út 1943, útjûn troch it koloniaal bestjoer fan 'e EFO yn 'e namme fan it Frije Frankryk. Op 'e efterkant (ûnder) is de foarm fan Tahity werjûn.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wegere it koloniaal bestjoer fan 'e EFO him oan te sluten by Vichy-Frankryk, dat winliken in marionetterezjym fan nazy-Dútslân wie. Ynstee erkende de koloanje yn 1940 it regear-yn-ballingskip dat ûnder lieding fan Charles de Gaulle troch de Frije Frânsen yn 'e Britske haadstêd Londen fêstige wie. Dat hie as gefolch dat in protte Tahitianen yn 'e neikommende jierren fan 'e oarloch yn 'e striidkrêften fan 'e Frije Frânsen tsjinnen en tsjin 'e Dútsers fochten. Nei ôfrîn fan 'e oarloch waarden de EFO yn 1946 ûnder de grûnwet fan 'e Frânske Fjirde Republyk omfoarme fan in koloanje ta in oerseesk territoarium. Dat betsjutte dat alle Tahitianen de Frânske nasjonaliteit krigen en steatsboargers fan Frankryk waarden mei alle rjochten dy't dêrmei mank giene, lykas it stimrjocht yn Frânske ferkiezings. De namme fan 'e EFO waard yn 1957 offisjeel feroare yn Polynésie française ("Frânsk-Polyneezje").

Yn 'e 1950-er jierren fierde de Tahtiaanske nasjonalistyske foaroanman Pouvana‘a a Oopa jierrenlang op freedsume wize kampanje foar de ûnôfhinklikheid fan Frânsk-Polyneezje, oant er troch de Frânsen út syn heitelân ferballe waard nei it Jeropeeske diel fan Frankryk. Yn 1960 waard de Ynternasjonale Lofthaven Fa‘a‘ā by Papeete iepene.

It Tinkteken foar Pouvana‘a a Oopa yn Papeete.

Fan 1966 oant 1996 fierde Frankryk yn totaal 193 atoomproeven út op en ûnder de atollen Moruroa en Fangataufa, yn 'e Tûamotû-arsjipel. Hoewol't it plak fan 'e tests hûnderten kilometers nei it easten ta lei, waard yn Papeete de hiele ynfrastruktuer foar it projekt ynrjochte, wat de stêd gâns groei brocht. By in boppegrûnske atoomproef op 17 july 1974 op Moruroa gie it mis. De wolk fan nukleêr stof waaide de ferkearde rjochting út en berikte 42 oeren letter Tahity en oanbuorjende eilannen. Undersyk hat útwiisd dat 111.000 minsken dêr de gefolgen fan ûnderfûnen. Party Tahitianen waarden bleatsteld oan 500 kear de maksimale tastiene hoemannichte plutoanium.

Op 28 maart 2003 krige Frânsk-Polyneezje ûnder de refyzje fan kêst 74 fan 'e Frânske grûnwet de status fan in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk, om't oerseeske territoaria fan dat stuit ôf inkeld noch ûnbewenne gebieten wêze koene. Op 27 febrewaris 2004 waard it selsbestjoer fan it gebiet fêstlein yn in nije wet, wêrby't Frânsk-Polyneezje de (bykommende) status fan in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk krige.

Bestjoerlik makket Tahity ûnderdiel út fan Frânsk-Polyneezje, dat in semy-autonoom oerseesk gebietsdiel fan Frankryk is, mei de politike status fan sawol in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre mer, COM) as in oerseesk lân binnen de Frânske Republyk (pays d'outre mer au sein de la République, POM). Binnen Frânsk-Polyneezje is Tahity part fan 'e bestjoerlike ûnderferdieling (subdivision administrative) fan 'e Boppewynske Eilannen. It eilân sels is bestjoerlik ferdield yn tolve gemeenten (communes). De gemeente Arue omfettet ek it atol Teti‘aroa, noardeastlik fan Tahity, wylst ta de gemeente Tai‘arapu-Est ek it fulkanyske eilân Meheti‘a heart, dat eastlik fan Tahity leit.

De ekonomy fan Tahity stipet benammen op 'e toeristyske sektor. Toeristen kinne op it eilân genietsje fan in strânfakânsje mei sinnebaaien en swimmen yn 'e prachtige turkwaze see, mar se kinne mei kuiertochten ek de natoer yn it binnenlân ferkenne of harsels ûnderdompelje yn 'e Tahitiaanske kultuer. Guon oare populêre aktiviteiten binne: surfen, wynsurfen, kitesurfen, snorkeljen en djipseedûken. Njonken it toerisme binne benammen de fiskerij en de lânbou fan belang. De wichtichste lânbougewaaksen binne kokosnuten, kopra, grienten en fruit.

De kust fan Tahity.

Neffens sifers fan 'e folkstelling fan 2022 hie Tahity doe 191.779 ynwenners. Dat komt del op 68,8% fan 'e befolking fan hiel Frânsk-Polyneezje. De befolkingstichtens bedroech yn 2022 183,7 minsken de km². It meastepart fan 'e Tahitianen wennet yn 'e stêdekloft fan 'e haadstêd Papeete, oan 'e noardwestkust, dy't yn 2022 124.274 ynwenners hie, oftewol 64,8% fan 'e totale eilânbefolking. Mei't de stêdekloft bestjoerlik opdield is yn seis ûnderskate gemeenten, hie de gemeente Papeete yn 2022 eins mar 26.654 ynwenners. Ynstee wie de grutste gemeente fan Tahity, rekkene neffens befolkingsgrutte, it oanbuorjende Fa‘a‘ā, dêr't 29.826 minsken wennen.

De lêste Frânske folkstelling dy't fragen stelde oer etnisiteit wie dy fan 1988; sûnt wurdt der inkeld frege nei berteplak. Neffens de folkstelling fan 2007 wie doe fan 'e ynwenners fan Tahity 75,4% ek op Tahity berne, wylst 12,1% fan 'e befolking ôfkomstich wie út oare dielen fan Frânsk-Polyneezje: 5,9% fan 'e (oare) Genoatskipseilannen, 2,8% fan 'e Tûamotû-eilannen of de Gambiereilannen, 1,8% fan 'e Markesaseilannen en 1,6% fan 'e Australeilannen. Foar de rest kaam 9,3% út Frankryk (d.w.s. it Jeropeeske diel) en 1,3% út oare oerseeske gebietsdielen fan Frankryk: 1,0% út Nij-Kaledoanje en 0,3% út Wallis en Fûtûna. Dêrnjonken wie 0,5% fan 'e minsken ôfkomstich út East- of Súdeast-Aazje, 0,3% út Noard-Afrika (foar it measteapart Pieds-Noirs, de Frânske kolonisten yn Algerije dy't nei de ûnôfhinklikheid fan dat lân yn 1962 ferdreaun waarden), en 1,1% út oare dielen fan 'e wrâld.

Utsjoch op Papeete, de haadstêd fan Frânsk-Polyneezje.

It oergrutte diel fan 'e persoanen dy't berne binne op Tahity, bestiet út etnyske Tahitianen. Dy foarmje net inkeld de lânseigen befolking fan Tahity, mar ek fan 'e oare Genoatskipseilannen. Harren taal is it Tahitiaansk, dêr't it sûnt de 1970-er jierren gâns mei yn it neigean rekke is. Yn dy tiid en yn 'e 1960-er jierren wie it skoalbern ferbean om 'e eigen taal te sprekken, mei as gefolch dat in grut diel fan 'e Tahitianen doe en yn neifolgjende jierren oergien is op it sprekken fan Frânsk. It Frânsk is op Tahity de iennichste offisjele taal, hoewol't it Tahitiaansk tsjintwurdich in beskate erkenning as streektaal hat en no op 'e skoallen ûnderwiisd wurdt. Op religieus mêd is de befolking fan Tahity yn grutte mearderheid kristlik. De etnyske Tahitianen binne foar it meastepart lid fan 'e Protestantske Tsjerke fan 'e Maohi, in kalvinistysk tsjerkegenoatskip, hoewol't ek de Roomsk-Katolike Tsjerke sûnt de 1950-er jierren op Tahity ek gâns oan oanhing wûn hat.

Tahity hat in tropysk klimaat, mei mar twa echte jiertiden: in reintiid fan novimber oant en mei april, en in drûge tiid fan maaie oant en mei oktober. "Drûge tiid" is yn dizze kontekst in relatyf begryp. De wietste moanne is jannewaris, wannear't der yn trochsneed 340 mm reinwetter falt. De drûchste moanne is augustus, mei mar 48 mm as delslachgemiddelde. Oer it hiele jier kriget Tahity yn trochsneed 1.761,2 mm rein. De temperatuer ken troch it jier hinne gjin grutte ferskillen. Yn maart, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 30,8 °C, en yn septimber, de kâldste moanne, is dat 28,2 °C.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.