Tahitiaanske iisfûgel
| Tahitiaanske iisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Todiramphus veneratus | ||||||||||||
| Gmelin, 1788 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich | ||||||||||||
De Tahitiaanske iisfûgel (Todiramphus veneratus) is in fûgelsoarte fan it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is in middelgrutte iisfûgel fan likernôch 21 sm lang. Mantsjes binne donkergrien fan boppe en wyt fan ûnder mei in ljocht streekje fan 'e snaffel oant it each. Op Mo‘orea inne de mantsjes dêrfoaroer bêzje-brún oan 'e boppekant en wyteftich fan ûnder mei in feale kraach.
Wyfkes binne oer it generaal bruner as mantsjes en ha in donkerbrune boarstbân. De soarte komt yn it ferspriedingsgebiet tagelyk foar mei de Bora Bora-iisfûgel, mar de lêstneamde is te ûnderskieden troch de dúdlike wite wynbraustreek en is ek griener.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op 'e Genoatskipseilannen, in tropyske eilannegroep fan fulkanyske oarsprong yn 'e arsjipel fan Frânsk-Polyneezje. Der binne twa ûndersoarten:
De Tahitiaanske iisfûgel libbet yn in boskige omjouwing. Op Mo‘orea libbet de soarte oant 300 m, op Tahity oant 1700 m.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN beskôget de ûndersoarten as twa aparte soarten. De Tahitiaanske iisfûgel (Todiramphus veneratus) wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as hast bedrige (NT) klassifisearre. Neffens in rûge rûzing soe de populaasje dêrfan út 100.000 - 200.000 folwoeksen fûgels bestean. De Mo‘orea-iisfûgel Todiramphus youngi wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as kwestber (VU) klassifisearre. De populaasje soe neffens in rûzing út 7.500 - 15.000 folwoeksen fûgels bestean.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
